Springe nei ynhâld

Aartsbisdom Utert (roomsk-katolyk)

Ut Wikipedy
Aartsbisdom Utert
Basisgegevens
Katedraal Sint-Katarinakatedraal
Patroanhillige Willibrord
Skiednis
Oprjochting 695, 1853
Opheffing 1580
Stifter Willibrord
Hierargy
Aartsbiskop Wim Eijk
Statistyk
Parochy's 42 (2021)
Tal tsjerken 241 (2021)
Tal katoliken 692.000 (2021)

It aartsbisdom Utert (Latyn: Archidioecesis Ultraiectensis) is it roomsk-katolike aartsbisdom yn Nederlân. Oant 1559 foel it bisdom Utert as suffragaanbisdom ûnder it aartsbisdom Keulen. De wrâldske hearskippij fan de biskoppen besloech it gebiet fan it prinsbisdom Utert.

Skiednis

Stifter fan it bisdom Utert wie Willibrord, dy't fan 695 oant 739 de earste biskop wie. Sûnt de reorganisaasje fan de tsjerklike yndieling troch Karel de Grutte yn de 9e iuw hearde oant 1559 hast hiel Nederlân boppe de grutte rivieren mei Seelân ta dat bisdom. In lyts stikje fan Fryslân (Achtkarspelen), Grinslân en eastlik Gelderlân foelen lykwols ûnder it bisdom Múnster. Dêrfoaroer leine in pear Dútske gebieten (Bentheim, Emmerik, Elten en Griethausen) wer yn it bisdom Utert. It bisdom Utert foel sûnt 799 ûnder it aartsbisdom Keulen.

Utert wie in prinsbisdom en de prinsbiskop hie njonken geastlike rjochten ek wrâldske rjochten, dy't er yn it Nedersticht en it Oersticht útoefene. De lêste prinsbiskop wie Hindrik fan Beieren. Yn 1528 droeg er fanwegen ûnrêst en opskuor it besjoer fan it sticht Utrecht oer op keizer Karel V. Dat betsjutte tagelyk it ein fan de politike selstannigens fan it sticht.

Op oantrunen fan lânfâld Filips II krige Utert fanwegen de politike sitewaasje de status fan aartsbisdom en waarden der nije bisdommen (Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch) stifte. Yn 1580 fûn de reformaasje yn Utert plak en hold it aartsbisdom Utert op te bestean. Nederlân hie dêrnei iuwen gjin katolike hiërargy mear en de katolike tsjerke moast ûndergrûnsk fierder en waard letter, nei't de skerpe rântsjes der wat ôf wiene, tolerearre. De Republyk wie yn dy tiid in missygebiet, dat fanút it bûtelân troch in apostoalysk Fikaris in partibus infidelium (yn de gebieten fan de ûnleauwigen) de katolike mienskip oanstjoerd waard. Yn april 1723 fûn der in skuorring yn de Roomsk-Katolike Tsjerke plak en ûntstie de Aldkatolike Tsjerke.

Yn 1848 makke de nije grûnwet fan Thorbecke it mooglik om de tsjerklike hiërgargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân wer op te bouwen. It aartsbisdom Utert waard troch paus Pius IX yn 1853 wer hersteld. It gebiet fan it aartsbisdom besloech njonken it hjoeddeiske gebiet ek it tsjintwurdige bisdom Grins-Ljouwert, dat yn 1956 in apart bisdom waard. Earste biskop wie Johannes Zwijsen.

Katedraal

Patroanhillige

Biskoppen fan it aartsbisdom sûnt 1853

Perioade Aartsbiskop Helpbiskop(pen)
1853-1868 Joannes Zwijsen
1868-1883 Andreas Ignatius Schaepman
1883-1894 Petrus Matthias Snickers
1895 Henricus van de Wetering (koadjutor)
1895-1930 Henricus van de Wetering
1930-1935 Joannes Jansen
1935-1936 Johannes de Jong (koadjutor)
1936-1951 Johannes de Jong
1951-1955 Bernardus Alfrink (koadjutor)
1955-1961 Bernardus Alfrink
1961-1969 Theo Hendriksen
1969-1976
1976-1982 Johannes Willebrands
1982-1983 Johannes Antonius de Kok Johannes Bernardus Niënhaus
1983-1999 Adrianus Simonis
1999-2001
2001-2005 Gerard de Korte
2005-2007
2007-2008 sedisfakaasje
2008-2010 Wim Eijk
2010-heden Ted Hoogenboom Herman Woorts

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kaski/Radboud Nijmegen: Kearnsifers Roomsk-Katolike Tsjerke (2021)
Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân
Jeropeesk Nederlân Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom BredaBisdom De BoskBisdom Grins-LjouwertBisdom Haarlim-AmsterdamBisdom RoermondBisdom RotterdamNederlânsk Militêr Ordinariaat
Karibysk Nederlân Bisdom Willemstêd
Eardere bisdommen Bisdom DimterBisdom LjouwertBisdom MaastrichtBisdom Middelburch
· · Berjocht bewurkje