Joannes Jansen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Joannes Henricus Gerardus Jansen (Ljouwert, 9 maaie 1868 - Utert, 17 maaie 1936) wie aartsbiskop fan it aartsbisdom Utert fan 1930 - 1936. Hy wie de Utertske aartsbiskop mei it koartste pontifikaat, mar mei de langste wapenspreuk: Spei mei anchorum in Deo Figo (Ik ferbyn myn anker fan hope oan God, ûntliend oan Bonifatius).

Jansen studearre oan it lytsseminaarje yn Culemborg en oan it Sparrendaal grutseminaarje Rijsenburg by Driebergen en waard ta preester wijd yn 1893. Jansen wie kapelaan yn Snits (1894) en Arnhim (1898) en waard professor yn Rijsenburg yn 1900. Jansen waard pastoar yn 1908 yn 't Goy by Houten, in funksje dy't hy kombinearre mei dy fan ûnderwiisynspekteur. Yn 1914 waard hy pastoar yn Harns en yn 1918 yn Utert, dêr't hy ek deken waard yn 1929.

Troch in slimme sykte hindere, moast Jansen yn 1935 syn wurk as aartsbiskop oerlitte oan in coadjutor, Johannes de Jong. Hy krige op 8 febrewaris 1936, koart foar syn ferstjerren, ûntslach as aartsbiskop. By syn ôftreden waard hy beneamd ta titulêr aartsbiskop fan Selymbria. De Jong folge him op as aartsbiskop fan Utert.

Yn 1935 stutsen yn en bûten Utert geroften de kop op, as soe mgr. Jansen oergien wêze ta it protestantisme, en tsjin syn wil fêsthâlden wurde yn it Sint Antonius sikehûs fan Utert. Op it lêst seach offisier fan justysje mr. Fabius him needsake de aartsbiskop te besykjen yn it sikehûs, dêr't hy ek ûnder fjouwer eagen mei him spruts. Fabius kaam dêrby ta de oertsjûging, dat mgr. Jansen hielendal frijwillich yn it sikehûs lei en folslein by syn ferstân wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: