Springe nei ynhâld

Heks (mytysk wêzen)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 aug 2023 om 00.59 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In skilderij fan in heks.

In heks, hekse, kol, tsjoenster, tsjilwiif of waarûle is in mytysk wêzen út 'e Jeropeeske folkloare, yn 'e foarm fan in lilke âlde frou dy't as fêst, faak nammeleas personaazje foarkomt yn in grut tal mearkes en folksferhalen. Dêrfan is Hâns en Grytsje nei alle gedachten it bekendst. Yn sokke ferhalen is de heks in troch- en trochkwea-aardich wêzen, dat it benammen op lytse bern foarsjoen hat en dy opite wol. De measte ferhalen dy't de heks neame, geane net yngeandernôch op har aard yn om te sizzen oft it om in minsklike frou giet dy't tsjoene kin, of om in boppenatuerlik wêzen.

De heks wurdt yn 'e regel foarsteld as in bryk- of kromgroeid en fuoililk wêzen mei in gesicht dat oerdutsen wurdt troch warten, in kromme noas, giele tosken en faak in grienige hûdskleur. Fan heksen wurdt gauris sein dat by nacht omfleane op in biezem of, minder bekend, op in tsjil (dêrfandinne de namme 'tsjilwiif'). Ek wurde se faak beselskippe fan in liedgeast of hûsgeast yn 'e foarm fan in swarte kat.

It tinken ûnder folkloristen is dat de heks as sadanich weromgiet op 'e ien fan 'e foarmen wêryn't stalferwikseljende pre-kristlike godheden yn 'e âlde myten oan 'e minsken ferskynden, sa't it gefal wie mei de Morrigan, út 'e Keltyske mytology. Sokke godheden wiene noch alhiel goedaardich, noch bysûndere boasaardich, mar de oantins oan harren ferskode letter ûnder ynfloed fan it kristendom wierskynlik nei it kwea-aardige.

Mearkes en folksferhalen dêr't heksen yn foarkomme, wiene fan oarsprong bedoeld om bern ta hearrigens te bringen troch se bang te meitsjen. Yn Noard-Ingelân waarden bgl. ferhalen ferteld oer Peg Powler, in rivierheks mei in hûd dy't de kleur fan grien fiverskom hie. Hja libbe yn 'e rivier de Tees, en lei dêr op 'e loer om mei har lange earms lytse bern dy't te tichtby it wetter kamen, de rivier yn te skuorren om se te ferdrinken of ek wol om se op te fretten. Dizze ferhalen wiene bedoeld om bern derfan te wjerhâlden om te ticht by de wetterkant te kommen, sadat se net yn 'e rivier knoffelje en ferdrinke soene.

In selde type wetterheks of niks kaam foar yn oare dielen fan Ingelân, dêr't se Grindylow neamd waard (in namme dy't besibbe is oan it meunster Grendel út it epos Beowulf), Jenny Greenteeth (yn Yorkshire) of Nellie Longarms (yn ferskate oare Ingelske greefskippen). In oare ferneamde heks is Baba Jaga, dy't in wichtige rol spilet yn 'e Slavyske folksferhalen fan grutte parten fan East-Jeropa. Fan har waard ferteld dat se yn 'e wâlden wenne yn in hûs op hinnepoaten en dat se troch de loft fleach yn in reuseftige fizel. Baba Jaga wurdt trouwens net altyd as boasaardich ôfskildere; yn guon ferhalen helpt se de held troch him rie of geskinken te jaan.

Yn kultueren bûten Jeropa, lykas dy fan 'e Yndianen fan Noard-Amearika of fan folken út West-Afrika of Súdeast-Aazje, kin in heks yn 'e regel sawol in man as in frou wêze. It bestean fan heksen is dêr faak nau ferweve mei de pleatslike natoerreligy. Meastal is in heks yn net-Jeropeeske kultueren in minske oan wa't grutte magyske of oare boppenatuerlike krêften taskreaun wurde. Sokken krêften soene gauris krigen wurde troch de eksploitaasje fan it lijen of de ellinde fan oaren.

Ofbylding fan in hekseferbrâning.

Hekseferfolgings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Midsiuwen waarden minsken dy't har dwaande holden mei krûden of har net oan tsjerklike regels holden, of dy't gewoan rûzje mei buorlju of kunde hiene dy't der net foar tebekskrillen om har de dea yn te jeien, al gau foar in heks oansjoen en as sadanich ferfolge, faak ûnder de auspysjes fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dizze hekseferfolgings mûnen net selden út yn 'e deastraf, nei't de beskuldigen ûnder martelpraktiken alderhanne rarichheden bekend hiene. Sokken kamen oer it algemien op grouwélige wize oan har ein, troch libben ferbrând of ferdronken te wurden.

In tige ynfloedrike en minne rol spile by dizze hekseferfolings it boek Malleus Maleficarum, oftewol "De Heksehammer". Dat troch de muontsen Heinrich Kramer en Jakob Sprenger skreaune wurk ferskynde yn 1486. Yn 'e Feriene Steaten fûn yn 1692 noch in grutte ferfolging plak fan saneamde 'heksen' yn Salem, yn wat doe noch de Ingelske koloanje Massachusetts wie. Tsjoenderij wie yn guon Amerikaanske steaten ferbean oant it begjin fan de jierren '50 fan 'e tweintichste iuw.

Moderne 'heksen'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei neame de oanhingers fan 'e wicca-religy harrensels 'heksen' (wicca is it Aldingelske wurdt foar "heks"). De wicca hat neat mei de mytyske heksen út 'e folkloare te krijen, mar giet werom op it prekristlike gedachteguod dêr't de mytyske heksen in ferwrongen ôfspegeling fan binne. De wicca is in godstsjinst yn opkomst, dy't op in groeiend tal minsken yn 'e moderne maatskippij in sterke oantrekkingskrêft útoefenet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, en Further reading op dizze side.