Springe nei ynhâld

Kropswolde

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 apr 2023 om 02.47 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (posysjekaart tafoege, dêrom opmaak justjes oars)
Kropswolde
Tsjerke fan Kropswolde ut 1773, mei toer út 1888
Tsjerke fan Kropswolde ut 1773, mei toer út 1888
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal 1.635 [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 8' NB, 6° 43' EL
Kaart
Kropswolde (Grinslân)
Kropswolde

Kropswolde (Grinslânsk: Wòlle) is in doarp oan de noardkant fan de Grinzer Feankoloanjes yn de gemeente Midden-Grinslân yn de Nederlânske provinsje Grinslân.

Skiednis

Kropswolde op in kaart fan de eardere gemeente Hoogezand út 1867.

It doarp makke diel út fan it âlde rjochtsgebiet Goarjocht. De plaknamme wurdt foar it earst mei wissichheid neamd yn in oarkunde út it jier 1249 as Crepeswalda, letter ek as Crepeswolda, Crepiswald, Crep(p)eswolde, Creppeswolde of Crepelliswald. It sistersjenzer frouljuskleaster fan Essen of Yesse, tichtby it doarp Haren, hie in foarwurk en in soad lân yn Kropswolde. It kleaster hie op eigen kosten út it moeras oan de eastkant fan de Súdlaardermar lange kavels grûn oanmakke. Mei ynwenners fan Crepeswalda ûntstie in skeel oer trije fan dizze kavels. Oer dat skeel is der yn it ryksargyf fan Grinslân in kopy te finen, datearre 18 oktober 1249. It foarwurk fan it kleaster is benammen bekend wurden troch syn Marijekapel. De Woldwei hjitte yn dy tiid ek wol de Lange Leane of Us Leaffrouleane.

De namme Kropswolde giet nei alle gedachten werom op it Aldfryske wurd *krepel ('kreupel, mank'), dat ek foarkomt yn it Nederlânske wurd kreupelhout ('ûnfolgroeid houtgewaaks').[2] Oare ferklearrings wize op in persoansnamme *Gripo dan wol op it Aldsaksyske en Aldnederlânske wurd krop of croppe ('krop'), dat soms 'welving yn it lânskip’ betsjutte kin (fergelykje de plaknamme Kropp). Yn it ferline waard wol spekulearre oft de namme Kropswolde komme koe fan it stamhaad Cruptorix. Der waard dan ferwiisd nei de Annalen fan Tacitus (Lib.IV.73) dêr’t in filla mei de namme Cruptorigis (= 'fan Cruptorix') yn it Baduhennawâld fermelden wurdt, dat earne yn Noard-Nederlân fûn wurde koe.[3]

Fan de 13e tot 15e iuw ûntwikkele Kropswolde him ta in feankoloanje, wêrby’t in grut stik fan it lân yn it besit wie fan ferskate kleasteroarders. Ek boargers fan de stêd Grins lieten hjir turf grave. Dy waard nei de stêd ferfierd oer de Hunze. De feart op de Hunze waard behearske troch it Skûtskowersgilde (Schuitenschuiversgilde), yn 1403 oprjochte mei as doel turf út it gebiet om Kropswolde te fefieren. Bûten dit Schuitenschuiversgilde om mochten allinnich ynwenners fan Kropswolde, Wolfsbarge en Westerbroek turf ferfiere, mits harren skippen minder kapasiteit hiene as dy fan it gilde.

Yn de 17e, 18e en it begjin fan de 19e iuw stiene yn Kropswolde in flink oantal fraai oanleine bûtens en eptige pleatsen fan pommeranten út ûnder mear Grins en Hoogezand. Yn 1773 waard de hjoeddeiske tsjerke boud. De tsjerketoer dêrfan komt út 1888.

Oant yn de 20e iuw wie der genôch restfean om turf fan te meitsjen. Nei de ferfeanting waarden de dalgrûnen benammen foar de ikkerbou brûkt.

Yn de tiid fan de Bataafske Republyk yn 1798 waard Kropswolde tydlik gearfoege mei Lula en Kiel-Windeweer.

Marijekapel

De Us Leaffroukapel fan Kropswolde stie op in omgrêfte persiel op de hichte fan de Van Royenstrjitte, dat noch yn it begjin fan de 19e iuw foarhannen wie. De kapel, stifte op in foarwurk fan it Kleaster Yesse yn Haren, wurdt yn 1409 foar it earst neamd. Mooglik waard hy stifte foar de turfgravers dy’t op it foarwurk wurken. De restanten fan de kapel wiene de noch yn 1625. De ferearing fan marije joech oanlieding ta in beafeart; noch yn 1641 waard troch de herfoarme dûmny klage oer de katoliken dy’t dy Frouwe fan Cropswolde besochten. Undúdlik is oft in sakreminsthúske mei in doopfont, dy ‘t yn 1626 neamd waarden, ek by de kapel heard hawwe.

Gebouwen

Mûne De Hoop út 1923.
  • Tsjerke (1773).
  • Nôtmûne “'De Hoop, achtkante boppekruier út 1923. Noch yn gebrûk.
  • Stasjon Kropswolde oan it spoar Harns-Grins-Nieuweschans.
  • De wynmotor Kikkoman en Koetze Tibbe.

Berne

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer

  • Booij, H., Van Cruptorix tot Kropswolde. 2000 jaar geschiedenis van een dorp, zijn bewoners en de kerk, Grins, 1996

Noat

  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. W. de Vries, Groninger plaatsnamen, Grins 1946, s. 109-110. Etymologiebank: kreupel (mank)
  3. Ph.Th.F.M. Boekholt en J. Kooi (red.), Spiegel van Groningen: over de schoolmeestersrapporten van 1828, Assen 1996, s. 198.
Midden-Grinslân
Doarpen:
Borgercompagnie (foar in part)FoxholFroomboschHarkstedeHegesânHellumKiel-WindeweerKolhamKropswoldeLuddeweerMeedenMuntendamNoardbroekOverschildSappemeerScharmerSchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroekTripscompagnie (foar in part)TjuchemWaterhuizenWesterbroekWoudbloem
Utbuorrens & buorskippen:
AchterdiepBeneden VeenslootBlokumBorgweg (foar in part)BokhörnBoven Veensloot (foar in part)BovenstreekDenemarkenDuurkenakkerEelshuisFoxhamFoxholsterboschGaarlandGaarveenDe HammenHeidenschapJagerswijkKalkwijkKlein Harkstede (foar in part)KleinemeerKorengarstKostverlorenLagelandLangewijkLulaMartenshoekMedumertolNieuwe CompagnieNoordbroeksterhamrikOostwoldOude VerlaatDe PaauwenRoeksweerRuitenSchaaphokSiddebuursterveenSpitsbergenStootshornTusschenloegenTussenklappenUiterburenHet Veen't VeenWesteindWilderhofWindeweerWolfsbargeZandwerf
· · Berjocht bewurkje