Springe nei ynhâld

Baduhenna

Ut Wikipedy

Baduhenna wie de namme ferbûn oan it wâld dat yn de 1e iuw lein hat yn it westen fan 'e provinsje Fryslân, de Iselmar of yn Noard-Hollân. Yn 28 fûn hjir in fjildslach plak doe't de Friezen yn opstân kamen tsjin de Romeinske lânfâd Olennius.

Neffens de Annales fan Tasitus wurdt it wâld as it hillige wâld fan Baduhenna beskôge. Baduhenna waard oer it generaal as Fryske kriichsgoadinne beskôge en har namme soe dan sokssawat as 'de fûle' yn (of troch) de striid betsjutte (tegearre mei it Germaansk badwa, 'striid'). It kin allinne net mei grutte wissichheid sein wurde, wy witte eins allinne dat it wâld assosjearre wurdt mei in frou.

Doe't de tekst van Tasitus yn de 16e iuw opnij ûntdekt waard, is der nei de lokaasje fan it wâld socht. Omdat der gjin archeologyske fynsten wienen socht men it benammen yn de namsoerienkomst en dan yn it hjoeddeiske Fryslân. Sa situearre men it yn Aldeholtpea (âld bosk fan Badu), Bitgum (Baduheim) of Baarderadiel. Yn de tachtiger jierren fan de 20e iuw waard yn de omkriten fan Velsen in Romeinsk fort opgroeven dat blikens muntfynsten en koalstofdatearring yn it jier 28 ferwoaste wie. Algemien wurdt oannomd dat dit it Castellum Flevum wie en dat it wâld fan Baduhenna der net fier fan ôf lein hawwe moat, yn Velserbroek, Bakkum, Heiloo of Castricum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Boeles, P.C.J.A., Friesland tot de XIe eeuw : zijn vóór- en vroegste geschiedenis, De Haach, 1951.
  • Wim Braakman, Baduhenna. Godin van het slagveld. Yn: Westerheem; fol. 50 (2001), ôfl. 1 (feb), side 2-12 / 2001
  • J. de Vries , Altgermanische Religionsgeschichte, part II, Berlyn, 1957.