Kees Visscher
Kornelis Hendrik (Kees) Visscher (Kropswolde, 8 febrewaris 1930 – Veendam, 20 april 2007) wie in Nederlânsk skriuwer en ferhaleferteller.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Visscher waard grutbrocht yn Hoogezand en ferhuze yn 1970 nei Veendam. Hy wie oant syn pensjoen haad Sales Promotion by ierdappelmoalbedriuw AVEBE (Boarne?).
Visscher skreau ynearsten yn it Nederlânsk, mar gie rillegau oer op it Grinslânsk. Syn ferhalen ferskynden ûnder oare yn de Grinslânske tydskriften Toal en Taiken en Krödde, yn it East-Fryske blêd Diesel en ek yn de Winschoter Courant en it Nieuwsblad van het Noorden. Teffens hat er ûnder de titel "Zo dag en deur" in protte selsskreaune ferhalen foarlêzen foar Radio Noord. Syn humoristyske foardrachten gie er tal fan kearen mei de provinsje yn. Neist dat lichtfuottich wurk, mar wol faak fol fan earnst, hat er literêre ferhalen skreaun. Syn autobiografysk weromtinken oan de Twadde Wrâldoarloch, belibbe yn Hoogezand, wiene dêrby geregeld in ynspiraasjeboarne, bygelyks yn de útjeften "Appels in t paark" en "Martha".
As redakteur fan Toal en Taiken skreau er eigen ferhalen, resinsearre er nije boeken en selektearre en beoardielde er wurk fan (nije) skriuwers yn it Grinslânsk.
Foar syn boek "Appels in t paark" krige er yn 1986 de Literaire Pries fan de Stichting 't Grunneger Bouk. Yn 1997 krige er fan de Dútske stêd Leer de Wilhelmine Siefkes Preis dy't alle fjouwer jierren útrikt wurdt. Yn 2006 waard him de Wessel Gansfortpriis takend, de twajierlikske kulturele priis fan de Provinsje Grinslân.
Visscher wie de heit fan kabaretier Bert Visscher en fan kollumnist en sjoernalist Jos Visscher.
Visscher stoar yn de âldens fan 77 jier yn syn wenplak Veendam.