Putten
Putten ( útspraak) is in doarp en gemeente yn de Nederlânse provinsje Gelderlân. De gemeente hat 24.979 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en hat in oerflak fan 87,45 km² (wêrfan 2,41 km² wetter).
Oare kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bijsteren, Diermen, Gerven, Halvinkhuizen, Hell, Hoef, Huinen, Huinerbroek, Huinerwal, Koudhoorn, Krachtighuizen, Steenenkamer en Veenhuizerveld.
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastlik en noardeastlik fan it plak Putten leit de Feluwe, it grutste natoergebiet fan Nederlân. Putten wurdt yn it suden en westen omkringe troch ikkerlân, dat ûnderdiel foarmet fan de noardeastlike hoeke fan de Gelderske Fallei. Yn it uterste westen grinzet de gemeente oan ien fan de rânemarren om Flevolân: it Nuldernau. Hjir hat Putten in jachthaven en rekreaasjestrannen.
Puttensk dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Puttenske dialekt falt ûnder it West-Feluwsk. Der is in boek oer it Puttenske dialekt útjûn mei de titel: "Putters Praoten moe je niet laoten". Der stiet ûnder mear in list mei dialektwurden en de oersetttingen yyn. It Puttensk (ek wol 'Puttersk' neamd) is krektas oare 'dialektdoarpen' faak omruile foar it Nederlânsk, mar wurdt troch benammen de âlderein ûnder de Puttenske befolking noch wol sprutsen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de akte fan de Fryske edelman Folckerus (út 855) wurdt foar it earst de namme Putten neamd. Yn dizze akte wurd guod en lannen oerdroegen oan it kleaster fan Werden (by Essen yn Dútslân), en Putten wurdt in vico qui dicetur Puthem (as buorskip of doarp) neamd. Putten is, neidat de tsjerke stifte is, in samling buorskippen dy't meiïnoar in tsjerkedoarp foarmje, in situaasje dy't oant de 10e iuw buorret. Dit Tsjerkedoarp beslaat in grut gebiet, dat rint oant Nijkerk en Voorthuizen. Pas yn 1416 wurde Nijkerk en Voorthuizen ferselsstannige.
Putten is dan benammen agrarysk gebiet, wêrby't de measte pleatsen hearre ta it besit fan de kleasters Werden, Elten en Abdinckhof (yn Paderborn). yn 1559 draacht it kleaster Werden har besittings oer oan dat fan Abdinckhof, wêrmei't lêstneamd kleaster fierwei de grutste grûneigener wurdt. Oant 1803 wurde dizze besittings troch "de Kelnarij" (in rentmaster of kellenaar) bestjoerd. Oan dy perioade bringe yn Putten noch yn it ûnthâld ûnder mear de Kelnarijstrjitte, de Abdinckhofstrjitte en de Paderbornstrjitte.
Oan de ein fan de 16e iuw berikt de Reformaasje Putten, en oant 1608 is der in roomsk-katolyk pastoar dy't fanút de Pancratiustsjerke wurket. It grutste diel fan de befolking wurdt dan protestantsk, en mar in lytse roomske kearn bliuwt oer. Yn 1811 waard de gemeente Putten oprjochte.
Ein septimber 1944, tsjin de ein fan de Twadde Wrâldoarloch, wurdt troch de ûndergrûnse yn Putten in oanslach plege op in oantal Dútske offisieren. As ferjildingsaksje wurdt in razzia útfierd troch de Wehrmacht en de SS en wurdt in diel fan it sintrum fan it doarp platbaand. Sjoch hjirfoar it artikel Razzia fan Putten.
Nei de oarloch is Putten noch altiten foar it grutste part agrarysk gebiet, mar yn de twadde helte fan de 20e iuw wurdt it toerisme en rekreaasje in wichtige ynkomstenboarne. Dêrneist is yn Putten wat yndustry.
-
Arnhimske Karwei
-
Beulekampersteech
-
Grut Spriel
-
Doarpsstrjitte
-
Moune It Hart
-
Alde Tsjerke
-
Alde Tsjerke
-
Oldenaller
-
Oldenaller
-
Oldenaller
-
Lyts Boeyen
-
Vanenburg
-
Veldhoefweg
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |