Springe nei ynhâld

Ruslân

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 des 2022 om 21.11 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Iere skiednis: [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Российская Федерация
Flagge fan Ruslân Wapen fan Ruslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ruslân
Offisjele taal Russysk
Haadstêd Moskou
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
17.075.200 km²
0,5­%
Ynwenners (2006) 142.893.540
Munt Roebel (RUB)
Tiidsône UTC +3 oant +12
Nasjonale feestdei -
Lânkoade RUS
Ynternet .ru
Tillefoan 7

Ruslân, offisjeel de Russyske Federaasje, is it grutste lân yn 'e wrâld, en leit foar in part yn Jeropa en foar in part yn Aazje. De haadstêd is Moskou en de presidint fan de federaasje is sûnt 2012 Vladimir Pûtin. Premier is sûnt 2020 Michail Misjûstin. De Russyske Federaasje is in atoommacht en ien fan de G8 lannen. Yn de Feriene Naasjes is Ruslân ien fan de 5 lannen mei in permanint fetorjocht.

Ruslân hat in oerflak fan 17.075.200 km². Der binne yn totaal 20.241,5 km oan lângrinzen, de kustliny is 37.653 km lang. Ruslân wurdt begrinzge troch:

Yn it Jeropeeske diel fan Ruslân is de wichtichste rivier de Wolga. De Wolga is de langste rivier fan Jeropa en streamt inkeld troch Ruslân. Nei 3.534 km streamt it wetter yn de Kaspyske See. As farwetter ferbynt de Wolga Noard-Jeropa mei Sintraal-Aazje. In belangrike rivier foar de Slavyske steaten is de Dnjepr. Dy begjint westlik fan Moskou en streamt troch Wyt-Ruslân en de Oekraïne, en komt út yn de Swarte See. Troch it Dnjepr-Boech-Kanaal is dy rivier mei de Poalske Boech en mei de Wisla en Memel ferbûn; dêrtroch is de Dnjepr in wichtich farwetter. Oare wichtige rivieren binne de Kama (1.805 km) en de Wjatka (1.314 km).

Topografy fan Ruslân

It heechste punt fan Ruslân is de Elbrus (5.642 meter) yn it Kaukasusberchtme.

De grutste stêden fan de Russyske Federaasje binne:

  1. Moskou (10,1 miljoen ynwenners)
  2. Sint-Petersburch (4,58 miljoen ynwenners)
  3. Novosibirsk (1,42 miljoen ynwenners)
  4. Nizjni Novgorod (1,35 miljoen ynwenners)
  5. Jekaterineburch (1,26 miljoen ynwenners)

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Dielgebieten fan Ruslân.
Subnasjonale ienheden fan Ruslân.

Sûnt 1992 omfet de Russyske Federaasje 89 gebieten mei in ferskaat oan status, te witten:

Op 18 maart 2014 anneksearre Ruslân yllegaal de Krim fan Oekraïne. De republyk fan de Krim waard bestjoerd as in republyk en de stêd Sebastopol waard in federale stêd.

By de selsstannige republiken telt Ruslân in oantal dy't harsels as soeverein beskôgje (ûnder oaren Tatarstan) of sels as ûnôfhinklik (Tsjetsjeenje). Fierders oerlaapje de gebieten fan dizze ienheden inoar hjir en dêr. Sa lizze nasjonale regio's ornaris yn it gebiet fan in oblast. Sûnt 2000 bestiet tusken al dizze regio's en it nasjonale nivo in tuskenlaach fan sân federale distrikten (federalnyj okroeg). It sintrale regear yn Moskou hat him ta doel steld om it oantal dielgebieten nei likernôch 50 omleech te bringen. De offisjele taal yn al dizze gebieten is it Russysk, mar dêrnjonken wurde ek in grut tal tige útinoar rinnende talen sprutsen. Guon fan dy talen fungearje yn selsstannige republiken as de lokale fiertaal neist, of faak yn stee fan, it Russysk.

It Kievske Ryk

Oant de midsiuwen oan ta wie it Jeropeeske part fan Ruslân bewenne troch Slavyske, Baltyske en Finsk-Oegryske stammen. Guon fan de Slavyske folken teagen nei it easten. De súdrussyske steppegea wie bewenne troch nomadyske folken. It Grutbulgaarske ryk rikte tusken 552 en 745 fier nei it easten, oant op wat hjoed de dei Russysk grûngebiet is. Om it jier 654 dielde Grutbulgarije him op yn trije dielen. Tusken de 10e en 14e iuw hearde it gebiet tusken Wolga en Kama ta de Wolgabulgaren. Benoarden it Grutbulgaarske Ryk ûntstie yn 862 it Kievske Ryk mei as haadstêd Kiev. It ynwennertal fan it Kiewske Ryk yn de 12e iuw wurdt rûze op 4 oant 9 miljoen. Yn 'e lette Midsiuwen wie der frijwat striid tusken de Russyske foarsten, wat foar de Mongoalen in boppeslach wie. De Mongoalen dominearren it gebiet yn de 13e oant en mei 15e iuw en hienen harren haadplak oan de Wolga. It Grutfoarstedom Moskoovje ûntstie yn de 12e iuw en ferovere stadichoan syn oanswettende foarstedommen. Yn de iere 17e iuw ferfette in nije Romanov Dynasty de ekspânsjepolityk nei de Stille Oseaan. Peter I (1682-1725) wreide út nei de Baltyske See en it lân krige it Russyske Ryk as namme. Yn de 19e iuw krige it Russyske Ryk noch mear gebiet derby yn Jeropa en Aazje. It ferlies fan de Russyske-Japaneeske Kriich fan 1904-05 late ta in revolúsje yn 1905, dy't ta herfoarmings yn it parlemint late.

De Wikipedy hat ek in side Sowjetuny.

Yn de Earste Wrâldkriich wie it lân earm en it leger hie net folle súkses. It folk wie tsjin de Tsaar en yn de measte stêden wie rebûlje. De kommunisten mei Vladimir Lenin as lieder griepen de macht yn de Oktoberrevolúsje en foarmen de Sowjetuny. It bewâld fan Josef Stalin makke it kommunisme sterker yn de Sowjetuny, dêr't Ruslân hieltyd dominanter yn waard. Nei de oanfal fan Nazi-Dútslân fan 22 juny 1941 kaam de Sowjetuny oan de kant fan de alliearden yn de Twadde Wrâldkriich. Yn de earste moannen fan de kriich stoaren miljoenen soldaten fan it Reade Leger, letter ferhongeren by it belis op Leningrad mear as ien miljoen boargers. It earste súkses fan it Reade Leger wie de ferdigening fan Moskou yn de winter fan 1941-42. It kearpunt fan de kriich wie de Slach om Stalingrad yn de winter fan 1942-43. Yn maaie 1945 wûn it Reade Leger de Slach om Berlyn en dêrmei wie de kriich wûn foar de Sowjetuny. Meiïnoar binne der yn it tiidrek 1941-1945 op syn minst 20 miljoen minsken stoarn yn de Sowjet-gebieten, hast de helte dêrfan wienen boargers. Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich boazen de spanningen tusken de Sowjetuny en de oare alliearden oan.

Lannen fan it Warsjaupakt.

By de fredesûnderhannelingen wreide de Josef Stalin de macht fan de Sowjetuny út yn Poalen, Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Bulgarije en East-Dútslân. Yn dy lannen bleauwen hûnderttûzenen Sowjet-soldaten stasjonearre. De Kâlde Kriich dominearre oant 1989 de wrâldpolityk. De groei fan de ekonomy fan de Sowjetuny stûke yn de Kâlde Kriich, oant Michail Gorbatschow mei de glasnost (iepenheid) en perestroika (herfoarming) it kommunisme besocht te modernisearjen. It moderne kommunisme joech minsken yn de oerhearske lannen de romte om yn ferset te kommen. Yn juny 1991 waard Boris Jeltsin keazen as presidint by de earste Russyske presidintsferkiezings fan de Russyske Dielrepublyk. Yn augustus 1991 besochten konservative kommunisten de macht te gripen mar de steatsgreep wie fergees. Nei de mislearre steatsgreep besletten de Russyske presidint Boris Jeltsin en fertsjinwurdigers fan de oare Sowjet-republiken om de Sowjetuny op te heffen op 31 desimber 1991.

Russyske federaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under Boris Jeltsin waarden yn Ruslân parten fan de ekonomy privatisearre en demokratyske herfoarmings trochfierd. Lykwols gong it ekonomysk hieltyd minder, de ynflaasje gong omheech en de federaasje rekke polityk ynstabyl. Neffens in protte Russen is dat sûnt it presidintskip fan Vladimir Putin yn 2000 better wurden. De hege prizen foar grûnstoffen en belestingherfoarmings stypje dy ûntjouwing.

Ferskate lannen ferklearren har nei it oprjochtsjen fan de nije Russyske Federaasje ûnôfhinklik fan Ruslân. Lykwols liet dat net ta yn Tsjetsjeenje. De krisis yn Tsjetsjeenje wie foar Vladimir Putin grûn om de terrorismebestriding te ferbetterjen, wat de demokrasy beheine. Op 16 april 2009 ferklearre Ruslân de ein fan de Tsjetsjeenje-'operaasje'. [1]

Yn augustus 2008 begûn de Russysk-Georgyske Oarloch. De Russyske Federaasje stipet mei ynset fan militêren de ûnôfhinklikensstriid fan Abgaazje en Súd-Osseesje dy't har los meitsje wolle fan Georgje.

Yn 2014 sette de Russysk-Oekraynske Oarloch útein. Op 18 maart fan dat jier anneksearre Ruslân de Krim en de stêd Sebastopol fan Oekraïne. Op 21 febrewaris 2022 erkende Ruslân de folksrepubliken Lûhansk en Donetsk, dy't harren selsstannich ferklearren fan Oekraïne. Op 24 febrewaris makke presidint Vladimir Pûtin buorkundich dat Russyske troepen de Oekraïne ynfalllen hawwe. Neffens syn sizzen gie it om in "spesjale militêre operaasje" om Oekraïne te "denazifisearjen". Neat wie minder wier. De Russen foelen benammen boargerdoelen oan en ferwoastgen de stêd Mariûpol hast mei de grûn lyk..

Ynternasjonaal hannelssintrum yn Moskou. Troch de kredytkrisis wurdt de 612 m hege Ruslântoer net mear boud.

It BYP per persoan fan Ruslân is $14.800 (2007). De gearstalling fan BYP per sektor is 4,7% lânbou, 39,1% yndustry en 56,2% tsjinsten. Nei de Sowjetuny woe Boris Jeltsin it kapitalisme nei Ruslân helje. Tusken 1991 en 1997 gong it BYP mei 42% omleech. Yn 1997 wie der in lytse groei fan 2%, mar troch de finansjele krisis dy't begûn op 17 augustus 1998 waard it wer minder. Sûnt 1999 groeit de ekonomy mei 6% yn 't jier. Dat hat te krijen mei de nijwearde fan de Russyske roebel en de hege oaljeprizen. Mei it stadich groeien fan de ynvestearrings en salarissen kaam de ynlânske ekonomy wer op gong. Lykwols wie der yn it tiidrek 2000-2005 noch in grut ferskil tusken ryk en earm. De middenklasse wie yn dy perioade noch hiel lyts. De dominearjende oligarchen en oare rike lju en it banksysteem dat net goed funksjonearre makken wurken de waakst fan middenklasse tsjin. In soad banken wurde troch dy rike lju beheard en brûke it jild fan de banken foar lienings oan bedriuwen dy't oan har keppele binne. Troch de Kriich yn Súd-Osseesje yn augustus 2008 en de ynternasjonale kredytkrisis wurdt ferwachte dat it BYP wer omleech gean sil. AvtoFramos yn Moskou, dy't foar Renault boud, hat it fabryk fan 12 des. 2008 oant en mei 12 jan. 2009 slute moatten. Yn it megaprojekt Moscow City is de bou fan de 612 m grutte Ruslântoer yn novimber 2008 stillein; yn febrewaris 2009 is bekend makke dat it projekt útsteld is en dat de toer net boud wurde sil neffens de oarspronklike plenning. [2]

  • Befolking: 144,6 miljoen (2003)
    • Prognoaze: 133,3 miljoen (2015)
  • Befolkingsoanwaaks (trochsnee oer it tiidrek 1975-2000): 0,3% (2003)
    • Befolkingsoanwaaks (trochsnee oer it tiidrek 2000-2015): -0,5% (2003)
  • Stedsbefolking (persintaazje fan de hiele befolking): 73% (2008)
    • Prognoaze: 74,3% (2015)
  • Jongerein - part fan de befolking ûnder 15 jier: 16,2% (2003)
    • Prognoaze: 16,4% (2015)
  • Alderein - part fan de befolking âlder as 65: 11,5% (2003)
    • Prognoaze: 13,3% (2015)
  • Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne poppen: 66,03 jier (2009)
    • Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne froulju: 73,14 jier (2009)
    • Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne manlju: 59,33 jier (2009)
    • Wierskynlike persintaazje froulju dat de leeftyd fan 65 jier hellet (2000-2005): 76,3% (2003)
    • Wierskynlike persintaazje manlju dat de leeftyd fan 65 jier hellet (2000-2005): 44,7% (2003)
    • Wierskynlike persintaazje dat de 60 net hellet: 31,6% (2003)
  • Tal bern de frou: 1,41 (2009)
  • Persintaazje HIV/AIDS: 1,1% (2007)
  • Tal ymmigranten: 0,28 ymmigranten/1.000 ynwenners
  • Etnyske groepen: Russen: 79,8%, Tataren: 3,8%, Oekraïners: 2%, Baskiren: 1,2%, Tsjoevasjen: 1,1%, oar/net bekend: 12,1% (2002)
  • Tal ynwenners de kante kilometer: 8 (2003)
  • Persintaazje minsken boppe de 15 jier dy't skriuwe en lêze kin: 99,4% (2002)
  • Taal: Russysk en in soad minderheidstalen
  • Religy: Russysk-Ortodoks: 80%, Islam: 10-15%, oar Kristendom: 2%, lytse mindertallen Boedisten en Joaden.
It Russyske folksliet.

Ferwizing nei boarne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Russia declares end to Chechnya 'operation' artikel op CNN Ingelsk
  2. Russysk artikel oer it stillizzen fan de bou fan de Ruslân toer

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Ruslân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons Commons: Ruslân – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Ruslân – geografyske en histoaryske kaarten