Jack Ryan (personaazje)
Jack Ryan | ||
Alec Baldwin as Jack Ryan yn 'e film The Hunt for Red October (1990). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | John Patrick Ryan sr. | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berop/amt | ● spesjaal agint fan 'e CIA ● adj.-direkteur fan 'e CIA ● politikus ● presidint fan 'e Feriene Steaten | |
oare ynformaasje | ||
geastlike heit | Tom Clancy | |
ûntstean | 1984 |
Jack Ryan (folút: John Patrick Ryan sr.) is in fiktyf personaazje en de haadpersoan út 'e nei him ferneamde romansearje fan 'e Amerikaanske skriuwer Tom Clancy. De romans oer Jack Ryan stiene oer in perioade fan tritich jier sûnder útsûndering op it boppeste plak fan 'e bestsellerlist fan The New York Times. Sûnt it ferstjerren fan Clancy yn 2013 hawwe fiif oare auteurs de searje mei tastimming fan 'e erven Clancy fuortset. Oer Jack Ryan binne ek in filmsearje mei deselde namme en in tillefyzjesearje mei deselde namme ferskynt.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]John Patrick Ryan, ropnamme Jack, wurdt berne yn 'e roomske húshâlding fan âldelju fan Iersk etnysk komôf yn 'e Amerikaanske stêd Baltimore. Syn heit is in plysjeresjersjeur en syn mem is in ferpleechster. Hy tsjinnet yn it Amerikaansk Marinierskorps, wêrnei't er in skoft wurket as effektemakelder op Wall Street foar't er heechlearaar skiednis wurdt oan 'e Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis. Yn 'e snuorje dat er op Wall Street wurket, moetet Ryan de jonge froulike dokter Cathy Muller, mei wa't er letter trout. As er op 'e Marine-akademy wurket, wurdt er rekrutearre troch de CIA, de Amerikaanske bûtenlânske ynljochtingetsjinst. Foar dy organisaasje wurket er neitiid as analist, hoewol't er him út en troch ek 'yn it fjild' bejout. Meitiid klimt er op ta adjunkt-direkteur fan 'e CIA, foar't er de tsjinst ferlit.
Nei syn pinsjonearring as CIA-man keart Ryan werom nei Wall Street om wer effektemakelder te wurden, mar koarte tiid letter wurdt er troch presidint fan 'e Feriene Steaten Roger Durling frege om syn nasjonaal feilichheidsadviseur te wurden. Ryan stimt dêrmei yn, en as letter Durling syn fise-presidint Kealty ôftrede moat omreden fan in seksskandaal, freget Durling oan Ryan om de man op te folgjen. Op 'e nij stimt Ryan dêrmei yn, mar op it betingst dat er inkeld as fise-presidint tsjinje sil oant de ein fan Durling syn termyn as presidint. Hy sjocht it amt fan fise-presidint as in moaie ôfsluter fan syn publike karriêre. Inkele minuten nei't er ynsward is, komme Durling en it meastepart fan regear en it Amerikaanske Kongres lykwols om by in terroristyske oanslach op it Amerikaanske Kapitoal. Fan gefolgen wurdt Ryan op slach de nije presidint.
As presidint hat Ryan hiel wat te stellen mei in breed ferskaat oan krises, dy't er lang om let allegear wit te beswarren. As er de termyn fan Durling en syn eigen earste termyn úttsjinne hat, wegeret er lykwols nochris presidint te wurden en lûkt er him werom út 'e polityk. Troch omstannichheden slagget it de eardere fise-presidint Kealty, dy't al dy tiid om 'e nocht besocht hat om Ryan syn gesach te ûndermynjen, om 'e presidintsferkiezings te winnen. Under de ynkompetinte Kealty rekket it mei de Feriene Steaten gau yn 'e nederklits. Ryan besiket him der earst net mear mei te bemuoien, mar beslút úteinlik om werom te kommen en him ferkiesber te stellen foar in twadde termyn as presidint, om sa it lân fan it wanbestjoer fan Kealty te rêden. It slagget him om by de earstfolgjende presidintsferkiezings Kealty te ferslaan en jitris yn it Wite Hûs te kommen. Dêrnei hat er op 'e nij te krijen mei in breed ferskaat oan krises.
Romansearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne anno 2022 35 romans ferskynt yn 'e Jack Ryan-romansearje. De oarspronklike romansearje waard skreaun troch Tom Clancy, de geastlike heit fan it personaazje Jack Ryan. Foar syn dea skreau Clancy ferskate dielen fan 'e rige yn gearwurking mei oare auteurs, en nei syn ferstjerren yn 2013 ferskynden mei goedkarring fan 'e erven Clancy nije romans yn 'e rige fan 'e hân fan Mark Greaney, Grant Blackwood, Mike Maden, Marc Cameron en Don Bentley.
Romans skreaun troch Tom Clancy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjirûnder steane de boeken werjûn op folchoarder fan ferskining; de ynterne gronology fan 'e searje is oars en wurdt oanjûn mei in sifer tusken heakjes.
- 1984 – The Hunt for Red October (4)
- 1987 – Patriot Games (2)
- 1988 – The Cardinal of the Kremlin (5)
- 1989 – Clear and Present Danger (6)
- 1991 – The Sum of All Fears (7)
- 1993 – Without Remorse (1)
- 1994 – Debt of Honor (8)
- 1996 – Executive Orders (9)
- 1998 – Rainbow Six (10)
- 2000 – The Bear and the Dragon (11)
- 2002 – Red Rabbit (3)
- 2003 – The Teeth of the Tiger (12)
- 2010 – Dead or Alive (13) (mei Grant Blackwood)
- 2011 – Locked On (14) (mei Mark Greaney)
- 2012 – Threat Vector (15) (mei Mark Greaney)
- 2013 – Command Authority (16) (mei Mark Greaney)
Romans skreaun troch oare auteurs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folchoardere fan ferskining is hjir gelyk oan 'e ynterne gronology fan 'e searje.
- 2014 – Support and Defend (troch Mark Greaney)
- 2014 – Full Force and Effect (troch Mark Greaney)
- 2015 – Under Fire (troch Grant Blackwood)
- 2015 – Commander in Chief (troch Mark Greaney)
- 2016 – Duty and Honor (troch Grant Blackwood)
- 2016 – True Faith and Allegiance (troch Mark Greaney)
- 2017 – Point of Contact (troch Mike Maden)
- 2017 – Power and Empire (troch Marc Cameron)
- 2018 – Line of Sight (troch Mike Maden)
- 2018 – Oath of Office (troch Marc Cameron)
- 2019 – Enemy Contact (troch Make Maden)
- 2019 – Code of Honor (troch Marc Cameron)
- 2020 – Firing Point (troch Mike Maden)
- 2020 – Shadow of the Dragon (troch Marc Cameron)
- 2021 – Target Acquired (troch Don Bentley)
- 2021 – Chain of Command (troch Marc Cameron)
- 2022 – Zero Hour (troch Don Bentley)
- 2022 – Red Winter (troch Marc Cameron)
- 2023 – Flash Point (troch Don Bentley)
Filmsearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anno 2022 binne der fiif ferfilmings makke fan 'e romans fan Tom Clancy, dy't mei-inoar de Jack Ryan-filmsearje folgje. Dêrby is de rol fan Jack Ryan fertolke troch Alec Baldwin (diel 1), Harrison Ford (diel 2 en 3), Ben Affleck (diel 4) en Chris Pine (diel 5).
- 1990 – The Hunt for Red October
- 1992 – Patriot Games
- 1994 – Clear and Present Danger
- 2002 – The Sum of All Fears
- 2014 – Jack Ryan: Shadow Recruit
Tillefyzjesearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tillefyzjesearje Jack Ryan waard fan 2018 ôf makke yn opdracht fan Amazon Prime Video. De rol fan Jack Ryan waard yn 'e searje spile troch John Krasinski. Anno 2022 binne der fan 'e searje fjouwer seizoenen makke of yn produksje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |