West (Utert)
West | ||
Lokaasje fan de wyk West yn de gemeente Utert | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
Plak | Utert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 29.280 (2017)[1] | |
Oerflak | 898 ha | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 5' 28" NB, 5° 5' 35" EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.utrecht.nl/west |
Utert-West is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk hat 29.421 (Boarne: gemeente Utert, 2019) en is neffens ynwenners de achtste wyk fan de stêd.
De wyk wurdt yn it westen begrinzge troch de A2 mei de wyk Leidsche Rijn, yn it noarden mei de gemeente Stichtske Fecht, yn it easten troch it Amsterdam-Rynkanaal mei de wyk Noardwest, yn it súdeasten troch de Stedsbûtengrêft mei de Binnenstêd en troch de Weg der Verenigde Naties mei wyk Súdwest.
Likernôch 500 hektare yn it noarden fan de wyk bestiet út it bedriuweterrein Lege Weide, dat foar de gemeentlike weryndieling fan 1954 by de gemeente Zuilen hearde en doe nei de gmeente Utert oergie. De rest fan de wyk bestiet út foarkriichske, benammen arbeiderswenten, buerten.
De Leienske Ryn rint troch de wyk hinne.
Wykyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wyk West bestiet út de folgjende ûnderwiken en buerten:
- Lombok/Leidseweg
- Lombok-East
- Leidseweg en omkriten
- Lombok-West
- Nieuw Engeland/Schepenbuurt
- Laan van Nieuw Guinea, Spinozaplantsoen en omkriten
- Nieuw Engeland, Thomas à Kempisplantsoen en omkriten
- Schepenbuurt, Bedriuweterrein Cartesiusweg
- Bedriuweterrein Lage Weide
- Oog in Al/Welgelegen
- Oog in Al
- Welgelegen, Den Hommel
- Halve Maan
Berne yn Utert-West
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dolf Brouwers (1912-1997)
- Wim Sonneveld (1917-1974)
- Rita Verdonk (1955)
- Marco van Basten (1964)
- Jochem Uytdehaage (1976)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Utert-West fan Wikimedia Commons. |
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert | ||
---|---|---|
Wiken: Binnenstêd • East (De Uithof) • Leidsche Rijn • West • Overvecht • Súd (Hoograven • Lunetten • Tolsteeg en Rotsoord) • Noardeast • Súdwest (Kanaleneiland) • Noardwest (Zuilen) • Vleuten-De Meern (Rijnenburg) | ||
Doarpen: Haarzuilens • De Meern • Vleuten | ||
Buorskippen: Alendorp • Oudenrijn | ||
· · |