Springe nei ynhâld

Yldau

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 apr 2022 om 20.13 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Yldau
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Pop
bestean 2012 -
leden
Sang Yldau Bijlsma
Yldau Hoekstra
Gitaar Jan Hoekstra
Gitaar Richard Riemersma
Toetsen Paul van Dijk
Bas Abel van der Laan
Drums Marije Hoekstra

Yldau is in Fryske band dy't bestiet út de sjongeressen Yldau Bijlsma en Yldau Hoekstra. Se troffen elkoar by de foaroplieding fan it konservatoarium yn Swol.

Se wûnen yn 2012 yn de Prinsetún yn Ljouwert de finale fan Liet 2012 mei it ferske Fjoer. De muzyk wie fan gitarist Jan Hoekstra, suske Marije Hoekstra drumt, Paul van Dijk spilet piano, Abel van der Laan spilet bas en Richard Riemersma gitaar. Yldau mocht dêrom Fryslân fertsjintwurdigje op Liet Ynternasjonaal dat 1 desimber 2012 hâlden waard yn it Asturyske Gijón yn Spanje.

Yn 2008 wûn Yldau Bijlsma út Weidum al Sjong yn de De Koornbeurs yn Frjentsjer mei it nûmer Bysûnder (orzjineel 'Bijzonder' fan Veldhuis & Kemper). Hja studearre Pedagogyske Wittenskippen en Underwiiskunde yn Grins. Sjongles krige se fan Geertsma yn Ljouwert. Yn 2009 waard se op Liet 2009 tredde mei Wiebe Kaspers en mei syn band brocht sy doe it nûmer Mynhear Winter, dat troch Wiebe sels skreaun wie.

Yldau Hoekstra fan Blauhûs wie al by rock- coverband Pledget (1999-2005) dêr't se sang en toetsen die. Tegearre mei har broer Jan skreau se under de namme JoY-Project muzyk. Jan skreau mei beide Yldau's it nûmer Fjoer. Nei it Bogerman College yn Snits en it Marne College yn Boalsert wurket se no bûten de muzyk as doktersassistinte yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante, kultuerside 7 fan 7 maaie 2012