Paul van Dijk (skriuwer)
Paul van Dijk (Warkum, 3 april 1981) is in Frysk berneboekskriuwer, dichter, tekener, muzikant, teatermakker en learaar Ingelsk. Hy skriuwt ferhalen, teaterstikken, makket yllustraasjes en muzyk foar teaterstikken.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferhalen fan Paul van Dijk falle op troch de realistyske tema's (skieding, oergeunst) yn kombinaasje mei mearke-eftige eleminten. It docht bliken dat dy twa wrâlden hiel goed yn ien ferhaal passe.
Yn 2011 ferskynde by de Afûk yn Ljouwert syn earste berneboek: Renske wol stoer wêze! mei eigen yllustraasjes. It is in magysk ferhaal oer peste, freonskip en jaloezy. It ferhaal waard brûkt foar it Lyts Frysk Diktee yn Ljouwert.
Yn 2012 ferskynde De Kening fan Juster. In realistysk mearke oer Renske dy't it oan de stok krijt mei 'de Raveman'. Ek dit boek hat akwarellen fan de skriuwer sels.
Yn 2014 hat Van Dijk it Aksjeboek foar bern skreaun: de Wûndertoeter fan Hindrik Bûter.
'Famke fan snie' is it poëzij-debút fan Van Dijk, foar dizze dichtbondel krige hy yn 2022 de Douwe Tammingapriis. Fan syn koarte ferhaal 'de Helm' waard yn 2019 in film makke.
'Omke Ule past op' ferksynt yn 2020. It earste printeboek fan Van Dijk mei eigen yllustraasjes. De yllustraasjes fan dit boek wurde tentoansteld yn De Afslag yn it Hearrenfean yn it ramt fan de eksposysje '6 Friese illustratoren'.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paul is muzikaal aktyf op piano en fioele yn Skarl en it Brijbek Quintet en spile foarhinne yn De Beugelband. Hy makke filmmuzyk foar trije animaasjefilms foar it Jopie Huismanmuseum en foar de film 'De Helm' (2019). Sûnt 2000 wurket er mei oan teaterstikken fan Stichting de Paupers út Warkum. Van Dijk wûn mei de band Yldau Liet-2012. As muzikant wurket er mei oan J.A.N fan sjonger Jan Hoekstra en oan muzikale projekten fan sjonger Sipke de Boer.
Teäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2009 rjochte er teaterselskip Knûkel op, in selskip dat foar bern en folwoeksenen foarstellingen spylje wol mei muzyk, poppen, akteurs en ek tekenings. De teksten binne altyd nij en fan de hân fan Van Dijk, dy't him ta doel steld hat om bern mear mei Frysk berneteäter yn oanrekking komme te litten.
Hy skreau foar Knûkel ûnder oare Renske wol stoer wêze!, De Poets van de Schoenmaker (foar it Jopie Huismanmuseum) Knip! ,de Wûndertoeter (in meartalige foarstelling spesjaal skreaun foar de trijetalige basisskoallen yn Fryslân) en it Feestbist. De Bjusterbaarlike Baron wie in wat lytsere foarstelling. Dit gie oer de wûnderbaarlike avontoeren fan de Baron von Münchhausen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Renske wol stoer wêze! (2011) Afûk (berneboek)
- De Kening fan Juster (2012) Afûk (berneboek)
- De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter (2014) Tresoar (berneboek)
- Famke fan snie (2018) Afûk (dichtbondel)
- Omke Ûle past op (2020) Afûk (printeboek)
- De Bjusterbaarlike Baron (2021) Afûk (yllustraasjes)
- Omke Ûle sjocht stjerren (2024) (printeboek)
Teaterteksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Renske wol stoer wêze! (teatergroep Knûkel) 2009
- De Poets van de Schoenmaker (teatergroep Knûkel) 2010
- Knip! (teatergroep Knûkel) 2010
- De Wûndertoeter (meartalige foarstelling foar Tresoar, teatergroep Knûkel) 2015
- It Feestbist (teatergroep Knûkel) 2016
- De Striid (Iepenloftspul, tegearre mei Jurjen Faber) 2017
- De Bjusterbaarlike Baron (teatergroep Knûkel 2019
- Beammebern (muziektheater foar Brassband Crescendo) 2022
Koarte ferhalen/gedichten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Dûbelsprekker (2018) Lân fan Taal
- Nei de top (2018) Elikser
- It grutte foarlêsboek, diel 2 (2019) Afûk
- Spegelrinner foar it projekt 'Wjerspegelje' (2021)
- Beammebern foar it projekt 'Uitgesteld geluk' (2022)
- Aldemar en de see-earn foar 'It grutte Sint Piter ferhaleboek (2024) Uitgeverij Louise
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2013 hat Van Dijk in mearkebondel oersetten fan it Ingelsk nei it Frysk.
- Myn moaiste mearkes (2013) Afûk
It printeboek Omke Ûle past op is oersetten yn it Ladinysk.
- Bèrba Dui met verdà (2024) Ist Culturale Ladino
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 2016 wûn Paul van Dijk de Rely Jorritsma Priis foar it fers 'Etude yn 'e rein'
- Yn 2018 wûn Van Dijk de Rely Jorritsma Priis foar it fers 'Kintsugi foar in diggelbast'
- Yn 2022 wûn Van Dijk de Douwe Tammingapriis foar syn dichtbondel 'famke fan snie'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |