Springe nei ynhâld

Teaterselskip Knûkel

Ut Wikipedy

Teaterselskip Knûkel is in teätergroep fan kreative tûzenpoat Paul van Dijk út Warkum en in tal muzikanten en akteurs.

De groep wurket mei in soad dissiplines en is in griemmank fan poppeteäter, toaniel, skimmen en muzykteater. Muzikanten, akteurs en poppen steane op ien poadium. De muzikanten reageare op wat der op it toaniel bart. Soks bart bygelyks troch it fersterkjen fan emoasjes.

Knûkel ûntstie yn 2009 doe't Merakels yn Nijlân om in akt ferlegen siet. It teaterstik Renske wol stoer wêze ferskynde yn 2010 ek as berneboek.

De teksten fan Knûkel binne altyd nije Fryske teksten en fan de hân fan Paul van Dijk. Hy hat him ta doel steld om bern mear mei Frysk berneteäter yn oanrekking komme te litten.

  • Renske wol stoer wêze! (2009)
  • De Poets van de Schoenmaker (2010)
  • Knip! (2010)
  • De Wûndertoeter (2015)
  • It Feestbist (2016)
  • De Bjusterbaarlike Baron (2019)
  • Omke Ûle past op (2022)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: