Springe nei ynhâld

Brêge oer it Van Harinxmakanaal (Dronryp)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 mrt 2022 om 01.26 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (+ LC (4x); lf)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Brêge oer it Van Harinxmakanaal
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Dronryp
bysûnderheden
type bouwurk brêge
subtype ophelbrêge
boujier 1940; 2019
sloopjier 2018
oerbrêget Van Harinxmakanaal
wei of spoar It Heech (strjitte)
oare ynformaasje
hichte 5,5 m (trochfeart)[1]
offisjele webside
www.brugdronryp.nl

De brêge oer it Van Harinxmakanaal (der is gjin offisjele namme) is in ophelbrêge oer it Van Harinxmakanaal yn it Fryske doarp Dronryp.[1][2] De wei dy't fia dy brêge oer it kanaal laat wurdt, is It Heech.[1] De brêge hat ferskillende ynkarnaasjes hân; de foarlêste ferzje waard yn 1940 oanlein,[2] doe noch oer de Harnzer Trekfeart. Yn 1945 skeaten de nazys by de saneamde Dronryp-represaille fuort njonken de brêge 13 finzenen dea.[3] Yn 2018-2019 waard de brêge folslein fernijd.[4][5]

De brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp is pleatslik in wichtige ferbining, dy't it lytse diel fan Dronryp oan 'e súdkant fan it Van Harinxmakanaal by de rest fan it doarp lûkt, dat oan 'e noardkant leit. De brêge jout fierders út it suden wei tagong ta de Rykswei 31 (fan Ljouwert nei Harns) en doarpen as Menaam, Marsum en Berltsum oare kant dy autosnelwei, en út it noarden wei jout er tagong ta it Stasjon Hatsum oan it spoar fan Ljouwert nei Harns, en fierderop ta Baaium en Winsum. Sûnder de brêge moat men fan Winsum ôf omride oer Frjentsjer of oer de Heak om Ljouwert om yn Dronryp te kommen.

Donryp-represaille

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Dronryp-represaille.

Op 11 april 1945 waarden by in repressaillemaatregel fan 'e nazys ûnder de besetting fan Nederlân troch Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch, oan 'e igge fan 'e Harnzer Trekfeart, fuort njonken de brêge, 13 finzenen stânrjochtlik eksekutearre by wize fan straf foar in sabotaazje-aksje fan it Fryske ferset.[3] Ien persoan oerlibbe de represaille-aksje troch him dea te hâlden.[3] Oan 'e noardside fan 'e brêge, oan 'e Frjentsjerter kant, stiet noch altyd in oarlochsmonumint foar de manlju dy't dêr fermoarde binne.[3]

Yn 2014[1] waard fêststeld dat de brêge oer it Van Harinxmakanaal, dy't doe krapoan 75 jier âld wie,[2] fersliten wie, en dat der yn Dronryp in nije brêge komme moast.[1] Sûnt febrewaris fan dat jier mochten der gjin frachtweinen mear oer de brêge mei in gewicht grutter as 30 ton.[1] Der giene ferskate jierren hinne mei planning, en begjin 2018 waard besletten om 'e sloop fan 'e âlde en de oanlis fan 'e nije brêge oer de simmer hinne te tillen om net in wichtige ferbining bûten wurking te stellen yn it heechseizoen fan it Kulturele-Haadstedsjier. Op 24 septimber 2018[1] waard dan einlings begûn mei de sloop fan 'e âlde brêge.[1][2] Tagelyk waard njonken it stee fan 'e brêge op kosten fan 'e Provinsje Fryslân foar 800.000 in pontonbrêge oanlein dy't sân moannen lizzen bleau[1][2] sadat persoane-auto's it kanaal oerstekken koene fia in greide oan 'e súdkant en it terrein fan Hinneslachterij Van der Meer oan 'e noardkant. Dêrmei waard temjitte kommen oan in fersyk dat mei klam dien wie troch de Feriening foar Doarpsbelang Dronryp.[1]

Yn novimber 2018 spanden de aksjegroep Belangegroep Brêge Dronryp en de Feriening foar Doarpsbelang Dronryp in koart pleit oan tsjin 'e provinsje en de gemeente De Waadhoeke.[2] Reden foar de rjochtsaak wie dat de nije brêge 90 sm heger waard om in 40 sm hegere trochfearthichte foar boaten te kreëarjen.[1] De opgongsskeanten oan wjerskanten fan 'e brêge soene lykwols like lang bliuwe, wat de brêge neffens de oanspanners fan it koart pleit folle steiler en dêrmei in ûnnimbere hobbel foar fytsers meitsje soe. Dat se dêr net earder tsjin protestearre hiene, kaam omdat provinsje en gemeente pas hiel let dúdlik makken hoe grut oft it ferskil tusken de âlde en de nije brêge wêze soe.[2] Bestjoersrjochter Ruud Vucsán fûn dat de gong fan saken beslist gjin lof fertsjinne,[6] ek al om't er in flater fêststelde yn it bestimmingsplan, dat op it plak fan 'e brêge inkeld in wetterbestimming werjoech[2] (mar dat koe noch reparearre wurde yn in beswierproseduere).[6] Hy wiisde op 16 novimber lykwols de easken fan 'e aksjegroep en doarpsbelang ôf, sadat de oanlis fan 'e nije brêge trochgean koe.[6]

De nije brêge waard oanlein troch Koninklijke Oosterhof Holman.[1][4][5][7] Hy wie ûntwurpen om enerzjyneutraal en ûnderhâldsearm te wêzen, en ek om oan 'e ein fan syn libbensdoer folslein recycle wurde te kinnen.[4] De bou gie nei ferwachting, en ein maaie 2019 koe it nije brêgedek, dat hast 400 ton weage, pleatst wurde mei in grutte boukraan op in driuwend ponton.[7] Op sneon 29 juny waard de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal feestlik iepene troch deputearre Avine Fokkens en Harm Beerda, direkteur fan Koninklijke Oosterhof Holman.[4][5] Der waard "in gesellige lunch"[4] op 'e brêge organisearre, wêrby't Rypsters fan 'e súdkant fan it kanaal harren doarpsgenoaten fan 'e noardkant metten.[4][5] Nei't de brêge wer iepensteld wie foar ferkear moasten de wâlen en bermen noch ôfwurke wurde, en it plak dêr't de pontonbrêge lein hie, waard baggere en fan nije beskoeiïng foarsjoen. It wurk kaam foar de boufak ree.[4][5]

Yn septimber 2019 waard bekend dat de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal in "knappend, kreakjend lûd" makke by it iepen- en tichtgean. Dat wie by Rypsters, dy't om 'e brêge hinne wennen, yn 'e hûs dúdlik te hearren en waard as steurend ûnderfûn. Oannimmer Oosterhof Holman joech ta dat der in probleem wie, dat feroarsake waard troch "in ôfwiking fan mar in pear milimeters". It bedriuw die ûndersyk nei de oarsaak en mooglike oplossings.[8] Mids jannewaris 2020 waard bekendmakke dat de nije brêge yn 'e foarjiersfakânsje, ein febrewaris, in wike lang ôfset wurde soe, sadat it knappende lûd ferholpen wurde koe. De oannimmer wie der wis fan dat it dien wêze soe mei it lûd as de assen fan 'e brêge ferfongen waarden.[9]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 Ynformaasje oer de brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp op www.brugdronryp.nl.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 2,7 Grosso, Maria del, Grote belangen rond brug Dronryp, yn: de Ljouwerter Krante, 14 novimber 2018, s. 24. (kepp.)
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 Bosma, Andries en Dijkstra, Harrie, Net Ferjitte... Niet Fergete: Menaldumadeel en Het Bildt in de Jaren 1940-1945, Frjentsjer, 1995 (Ujouwerij Van Wijnen), ISBN 9051941307, s. 137-146.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 4,6 ——, Nieuwe brug bij Dronryp klaar èn geopend, yn: van Wad tot Stad, 2 july 2019, s. 9.
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 5,4 ——, Buurt luncht op nieuw brug, yn: de Frjentsjerter Krante, 3 july 2019, s. 1. (kepp.)
  6. 6,0 6,1 6,2 ——, Bouw nieuwe brug Dronryp gaat door, yn: de Ljouwerter Krante, 17 novimber 2018, s. 4. (kepp.)
  7. 7,0 7,1 ——, Nieuwe brugdek Dronryp geplaatst, yn: van Wad tot Stad, 28 maaie 2019, s.1.
  8. ——, Nieuwe brug over kanaal knapt en kraakt, yn: de Ljouwerter Krante, 18 septimber 2019, s. 33.
  9. ——, Brug Dronrijp heeft irritante tik, yn: van Wad tot Stad, 21 jannewaris 2020, s. 7.