Springe nei ynhâld

Islands in the Stream (liet)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 okt 2021 om 22.37 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) ([[]] oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Islands in the Stream
algemiene ynformaasje
artyst Kenny Rogers en Dolly Parton
album Eyes That See in the Dark
taal Ingelsk
sjenre country-rock
útbrocht 15 augustus 1983
opnommen maaie 1983
doer 4:08
label RCA Records
skriuwer Barry, Robin en Maurice Gibb
komponist Barry, Robin en Maurice Gibb
produsint Barry Gibb, Albhy Galuten en Karl Richardson
resultaten
ferkocht >2 mln platen en cd's
>1,1 mln digitale downloads (2019)
hitlisten nû. 1 yn de Feriene Steaten, Austraalje, Eastenryk en Kanada
nû. 2 yn Ierlân, Nij-Seelân en Noarwegen
nû. 3 yn Sweden
prizen ACM Award 1984
CMT Music Award 2005
sertifisearre : (platina)
: (platina)
: (platina)
covers Bee Gees; Vanessa Jenkins en Bryn West; Peter Thorup en Anne Grete Rendtorff

Islands in the Stream (Ingelsk foar "Eilannen yn 'e Stream") is in liet dat oarspronklik yn in duët songen waard troch de Amerikaanske country-artysten Kenny Rogers en Dolly Parton. It makke diel út fan Rogers syn album Eyes That See in the Dark út 1983, dat ferskynde by RCA Records (hoewol't it om auteursrjochtlike redens net opnommen wie op 'e digitale werútjefte fan dat album by Capitol Records Nashville). Islands in the Stream waard op 15 augustus 1983 ek as single útbrocht.

It liet wie skreaun troch de Australyske bruorren Barry, Robin en Maurice Gibb, dy't mei-inoar better bekend wiene as de Bee Gees. It wie oarspronklik bedoeld as R&B-liet foar Marvin Gaye, en waard foar Rogers en Parton troch de bruorren Gibb oanpast ta in country-rock-styl. Islands in the Stream waard in grutte hit, dy't it earste plak yn 'e hitlisten berikte yn 'e Feriene Steaten en trije oare lannen. It ûntjoech him yn trije lannen ta in platina plaat, en waard yn 2005 útroppen ta 'favorite countryduët aller tiden'.

Islands in the Stream is in leafdesliet wêryn't, as it as in duët songen wurdt, beide sjongers inoar de leafde ferklearje. Wat se mei-inoar dogge, is net út te lizzen, en as se byinoar binne, fiele se gjin pine. Leafde is blyn en hat gjin ferlet fan petearjen. As se inoar net hiene, hiene se neat, want alles is neat as jo net immen hawwe om fan te hâlden. Eilannen yn 'e stream is wat se binne, mei net ien dertuskenyn. Se wolle fuortsile nei in oare wrâld en se fertrouwe op inoar sa't minners dat dogge.

Yn 'e Feriene Steaten ferkrong Islands in the Stream Bonnie Tyler har Total Eclipse of the Heart fan it earste plak fan 'e Billboard Hot 100-hitlist, en behelle it ek it earste plak yn 'e countryhitlist Hot Country Singles. Yn desimber 1983 waard it troch de Recording Industry Association of America (RIAA) ta platina plaat sertifisearre, om't der doe al mear as twa miljoen eksimplaren fan ferkocht wiene. Nei't it liet beskikber kommen wie as digitale download, waarden der oant jannewaris 2019 yn 'e Feriene Steaten nochris 834.000 eksimplaren fan ferkocht.

Ek yn Austraalje, dêr't it ien fan 'e bêst ferkeapjende singles fan 1984 wie, yn Eastenryk en yn Kanada stie Islands in the Stream op it earste plak yn 'e hitlisten. Yn Ierlân, Nij-Seelân en Noarwegen wie it nûmer 2, en yn Sweden stie it op plak 3. Yn 'e Nederlânske Top 40 bleau it liet stykjen op it fjirde plak, krekt as yn Súd-Afrika. Yn it Feriene Keninkryk kaam it net fierder as plak 7, mar anno 2017 wiene der yn dat lân mear as 287.000 digitale downloads fan ferkocht en wie it der 4,8 miljoen kear streamd.

Behalven yn 'e Feriene Steaten waard Islands in the Stream ek yn Kanada en it Feriene Keninkryk in platina plaat. It liet wûn in ACM Award foar single fan it jier en in ASAP Award foar favorite single. Yn 2005 waard it by de CMT Music Awards útornearre ta it favorite countryduët aller tiden.

Covers en adaptaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Islands in the Streams waard ek útbrocht yn in R&B-ferzje fan 'e Bee Gees, dy't it ferske oarspronklik skreaun hiene. It stie op harren album Their Greatest Hits: The Record, dat útkaam yn 2001. It stie letter ek op harren album Number Ones, út 2004, en op harren album-box set Mythology, út 2010.

Yn 2009 waard der ek in (oanpaste) ferzje fan it liet útbrocht troch de Welske akteurs Ruth Jones en Rob Brydon, as harren personaazjes Vanessa Jenkins en Bryn West út 'e yn it Feriene Keninkryk tige populêre BBC-komeedzjesearje Gavin & Stacy. De titel wie foar de gelegenheid feroare yn (Barry) Islands in the Stream, ferwizend nei Barry Island, dêr't Gavin & Stacy spilet. De hiele opbringst gie nei it goede doel. Oan dizze ferzje fan it nûmer wurken ek mei sir Tom Jones, dy't it refrein en it lêste kûplet song, en Robin Gibb, dy't de eftergrûnsang die. (Barry) Islands in the Stream behelle it earste plak yn 'e Britske hitlisten.

De Deenske sjongers Peter Thorup en Anne Grete Rendtorff hiene yn 1984 grut súkses mei in Deensktalige ferzje fan Islands in the Stream. De titel wie Skibe uden Sejl ("Skippen sûnder Seilen"), en it liet waard as titelsong brûkt foar de Deenske tillefyzjesearje Måske i Morgen ("Miskien Moarn").

It refrein fan it hiphopnûmer Ghetto Supastar (That Is What You Are), út 1998, is in adaptaasje fan it refrein fan Islands in the Stream.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.