Eyes That See in the Dark (album)

Ut Wikipedy
Eyes that See in the Dark
algemiene ynformaasje
artyst Kenny Rogers
taal Ingelsk
sjenre country, countryrock, folkrock
útbrocht 22 augustus 1983
opnommen maaie 1983
doer 39:56
label RCA Records
produsint Barry Gibb, Albhy Galuten
   en Karl Richardson
resultaten
ferkocht >2 miljoen (allinnich Feriene Steaten)
albumlisten nû. 1 yn 'e Feriene Steaten
nû. 2 yn Nij-Seelân, Noarwegen
prizen American Music Award 1985
sertifisearre (2× platina)
(3× platina)
(platina)
albumgronology fan Kenny Rogers
20 Greatest Hits
(1983)
  Eyes That See in the Dark
(1983)
  What About Me?
(1984)

Eyes that See in the Dark is it fyftjinde studio-album fan 'e Amerikaanske countrysjonger Kenny Rogers, dat op 22 augustus 1983 útbrocht waard by platemaatskippij RCA Records. De grutste hit fan dit album wie in duët mei Dolly Parton, Islands in the Stream.

Album[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eyes that See in the Dark waard yn maaie 1983 opnommen, foar in diel yn 'e Middle Ear Studio yn Miami Beach, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, en foar in diel yn 'e Lion Share Recording Studio en de Ocean Way Recording Studio yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Produsinten wie Barry Gibb (bekend as lid fan 'e Australyske band The Bee Gees), y.g.m. Albhy Galuten en Karl Richardson. Fan Eyes that See in the Dark waarden tusken 15 augustus 1983 en 4 juny 1984 fjouwer singles útbrocht: it duët mei Dolly Parton Islands in the Stream, This Woman, Eyes that See in the Dark, en Evening Star.

Spyllist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

nû. titel skriuwers doer opmerkings
kant 1
1. This Woman Barry Gibb en Albhy Galuten 3:58 single, 9 jannewaris 1984
2. You and I Barry Gibb, Robin Gibb en Maurice Gibb 4:37
3. Buried Treasure Barry Gibb, Robin Gibb en Maurice Gibb 4:12
4. Islands in the Stream Barry Gibb, Robin Gibb en Maurice Gibb 4:10 duët mei Dolly Parton; single, 15 augustus 1983
5. Living with You Barry Gibb, Robin Gibb en Maurice Gibb 3:10
kant 2
6. Evening Star Barry Gibb en Maurice Gibb 3:40 single, 4 juny 1984
7. Hold Me Barry Gibb, Robin Gibb en Maurice Gibb 4:15
8. Midsummer Nights Barry Gibb en Albhy Galuten 3:50
9. I Will Always Love You Barry Gibb en Maurice Gibb 4:22
10. Eyes that See in the Dark Barry Gibb en Maurice Gibb 3:42 single, 2 april 1984

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eyes that See in the Dark wie tige súksesfol. Benammen it duët Islands in the Stream woeks út ta in grutte hit, dy't yn trije lannen in platina plaat waard. It album sels wûn yn 1985 de American Music Award yn 'e kategory favorite country-album. It waard yn 'e Feriene Steaten twa kear platina, yn Kanada trije kear en Nij-Seelân ien kear.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.