Springe nei ynhâld

Regensburg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 sep 2021 om 17.52 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Midsiuwen: [[]])
Regensburg
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Beieren
Regierungsbezirk Oberpfalz
Sifers
Ynwennertal 153.094 (31-12-2019)
Oerflak 80,7 km²
Befolkingstichtens 1.897/km²
Hichte 337 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.regensburg.de

Regensburg (Beiersk: Rèngschburg) is in stêd yn de Dútske dielsteat Beieren. Regensburg is sûnt it jier 1940 in Dútske Großstadt, dat wol sizze in stêd mei teminsten 100.000 ynwenners.

Skiednis

Resten fan de romeinske Porta Pretoria

Iere skiednis

Yn it jier 179 bouden de romeinen nei it ferjijen fan de Markomannen ûnder it regear fan keizer Markus Aurelius it fort Castra Regina ("fort by de rivier Regen"), in wichtich kamp op it meast noardelike punt fan de Donau. Castra Regina bestie út it ommuorre kamp fan it legioen, in delsetting foar boargers, in grut begraaflak en ferskillende timpels en hillichdommen. De stiennen muorren hiene in hichte fan likernôch 10 meter, fjouwer poarten en in grut tal tuorren en tuorkes en is hjoeddedei noch altiten yn de plattegrûn fan de histoaryske stêd werom te kennen. Fan de romeinske poarten en muorren binne op ferskate plakken noch resten te finen yn en by de besteande bebouwing.

Midsiuwen

Sûnt de 6e iuw hearsken de Agilolingen oer Regensburg. Fan likernôch 530 oant de earste helte fan de 13e iuw wie Regensburg de haadstêd fan Beieren. Regensburg is ien fan de âldste bisdommen fan Dútslân, dat al ferskillende desinnia bestie doe't Bonifatius it yn 739 oan it Kanonyk Rjocht en dêrmei oan de Biskop fan Rome ûndergeskikt makke.

Nei't fjirtjin Boheemske prinsen harren yn Regensburg dope litte hiene, waard de stêd de basis foar it kerstenjen fan de Tsjechen; it bisdom Regensburg wie it memmebisdom fan dat fan Praach. Sa waarden de Tsjechen oars as oare Slavyske folken net otterdoks, mar roomsk-katolyk. Yn it jier 800 hie Regensburg al 23.000 ynwenners, yn it jier 1050 wie it ynwennertal al tanommen oant 40.000. Yn dy tiid wie de stêd grutter as Rome en Keulen en der waard hannel dreaun mei stêden lykas Feneesje, Kiëv en Parys. Ek wie neffens in gesant fan de kalyf fan Córdoba Ibrahim ibn Yaqub de stêd in sintrum fan midsiuwske slavehannel. De hannel bestie út it eksportearjen fan kriichsfinzene Balten en Slaven nei islamityske gebieten.

Stiennen brêge

De romaanske en goatyske arsjitektuer fan de midsiuwen behearskje noch jimmeroan it oansjen fan de histoaryske binnenstêd. In teken fan de wolstân fan de stêd is de bou fan in stiennen brêge oer de Donau tusken 1135 en 1146. It midsiuwske bouwûnder droech noch mear by oan de wolstân fan de stêd en stie model foar de bou fan in soad oare brêgen.

Loftôfbyld fan de histoaryske binnenstêd

Yn 1245 ferliende keizer Freark II Regensburg de status fan frije ryksstêd. De stêd hie njonken in tal privileezjes it rjocht op selsbestjoer en in eigen boargemaster en stedsried. Om 1273 hinne waard útein set mei de bou fan in nije domtsjerke. Tsjin it ein fan de 13e iuw begûn ek de bou fan in midsiuwske stedsmuorre mei sân poartetuorren, sadat de nije foarstêden yn it westen en easten en ferskate tsjerken en kleasters yn it stedsgebiet kamen te lizzen. De 14e iuw brocht Regensburg in ekonomyske delgong om't de hannelsrûtes ferlein waarden, wêrfan't stêden as Augsburg, Wenen en Neurenberch hieltiten mear profitearren. Foar de legere ynkomsten stiene hegere útjeften, want de earste tritich jier fan de 14e iuw stiene yn it ramt fan de bou fan de nije ferdigeningswurken. Ek de earste grutte pestweach, dy't fan 1347 oant 1353 fanút Aazje oer hiel Europa spielde, hie in skealike ynfloed op de ekonomyske ûntjouwing en in drastyske delgong fan it ynwennertal fan Regensburg. Ek de 15e iuw bleau de stêd lêst hâlden fan ekonomyske delgong, itjinge liede ta it bankrot fan de stêd.

Troch de Turkske ynfal en it oermasterjen fan grutte dielen fan súdeast-Europa kaam de stêd jimmeroan mear oan de râne fan Europa te lizzen. Foar de kosten fan de striid tsjin de Turken easke keizer Freark III op alle ryksdagen jild fan de ryksstannen. Fan Regensburg woe de keizer 6.000 gûne hawwe, mar it slagge de stêd, wêrfan't it ynwennertal yntusken oant 12.000 sakke wie, net om it jild op te bringen, fral ek om 't de keizer as beskermhear fan de joaden earder al yn 1476 de stêd feroardiele hie ta it beteljen fan in boete fan 8.000 gûne foar it jierrenlang finzen setten fan santjin ûnskuldige foaroansteande joaden. De stêd wie dêrom twongen nije belestings te heffen, itjinge ta opskuor ûnder de gilden liede. Om de skuld oan de keizer dochs betelje te kinnen ferkocht de rie de stêd yn 1486 oan de âlde boarchgreve Albrecht, sadat Regensburg ûnderdiel waard fan it hartochdom Regensburg. Keizer Freark en syn yn 1486 as kening kroande en meihearskjende soan, de lettere keizer Maksimiliaan I, wiene poer op de ûnderwerping fan Regensburg tsjin. Under mililtêre druk moast Albrecht IV belies jaan en waard yn 1492 de âlde sitewaasje hersteld.

Om't de ekonomyske sitewaasje dêrnei net ferbettere en der noch oanhingers fan de Beierske hartoch yn de stêd wiene, bleau der gestokel. In tiidrek fan sosjale ûnrêst ûnstie dy't wol tritich jier oanhold en lang om let, gebrûk meitsjend fan it machtsfakuüm dat nei de dea fan keizer Maksilmiliaan I yn 1519 ûnstie, útmûne yn de feroardening fan de stedsried dat de hiele joadske mienskip de stêd ferlitte moast.

Reformaasje

De Nije Waach dêr't it godstsinstpetear tusken Philipp Melanchthon en Jehannes Eck plakfûn

Nei it mislearre godstsjinstpetear tusken Philipp Melanchthon en de dominikaanske teolooch Jehannes Eck fan 1541 adoptearre de stêd in jier letter offisjeel de reformaasje troch de ynfiering fan de lutherske lear. Dochs bleau Regensburg de sit fan it bisdom en ferskate abdijen. Trije abdijen, Sint Emmeranus, de NiederMünster en de Obermüster wiene frije keizerlike abdijen yn it Hillige Roomske Ryk mei in sit en in stim yn de Ryksdei. Dat betsjutte de unike sitewaasje dat de stêd bestie út fiif ûnôfhinklike steaten: de protestantske stêd, it roomske bisdom en de trije abdijen.

It Alde Riedshûs

Sûnt it ein fan de 16e iuw, mar fral yn de Tritichjierrige Kriich en de jierren nei de Frede fan Westfalen, foarme de stêd ien fan de wichtichste plakken dêr't de protestanten fan Eastenryk hinne flechten. Fan de likernôch 100.000 ballings bleaune guon yn Regensburg, mar oaren reizgen fierder nei Neurenberch, Swaben, Franken, Prusen en Nederlân. Fan 1663 oant de ûntbining fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806 wie Regensburg de stêd, dêr't de Altitenduorjende Ryksdei gearkaam. Yn de grutte seal fan it Alde Riedshûs holden de keizer, de kar- en ryksfoarsten, prelaten en greven alle jierren sitting.

19e iuw

Mei de yntegraasje fan Regensburg yn it foarstendom Regensburg ferlear de stêd de status fan keizerlike stêd. As kompinsaasje foar it ferlies fan de troch Frankryk anneksearre gebieten op de lofter kant fan de Ryn waard it oerdroegen oan de Mainzer karfoarst en aartskânsler fan it Hillige Roomske Ryk, Carl von Dalberg. Formeel ferhûze de sit fan it aartsbisdom fan Mainz nei Regensburg. Dalberg feriene de biskopssit, de abdijen en de stêd yn it foarstendom Regensburg. Hy soarge ek foar like rjochten foar protestanten en katoliken. Yn 1810 droech er Regensburg oer oan it keninkryk Beieren.

Slach om Regensburg (1809)

Tusken 19 april en 23 april 1809 wie Regensburg it toniel fan de Slach om Regensburg tusken troepen ûnder befel fan Henri Gatien Bertrand en Napoleon sels en de weromlûkende Eastenrykske troepen. De stêd waard oerrompele nei't de foarrieden en munysje op rekke wiene. Regensburg hie slim te lijen fan de striid; likernôch 150 hûzen baarnden út en de stêd waard plondere.

Twadde Wrâldkriich

De yn 1938 ferneatige synagoge

Op 17 augustus 1943 en op 5 febrewaris 1945 bombardearren de alliearre krêften Regensburg. De doelen wiene in fabryk dêr't de Messerschmitt Bf 109 produsearre waard en in oaljeraffinaderij. By de bombarademinten hie Regensburg sels net in soad te lijen fan ferneatigings, it grutste kulturele ferlies fan de stêd hat wol de romaanske abdijtsjerke Obermünster west. De tsjerke waard by in loftoanfal fan maart 1945 ferneatige en net wer opboud. De drege ekonomyske sitewaasje fan de stêd nei de oarloch droech der oan by dat in soad histoaryske gebouwen nei de kriich net ôfbrusten en ferfongen waarden troch nije gebouwen.

Sûnt 1940 waarden út it regionale psychiatrysk sikehûs oan de Ludwig-Thoma-Straße meiïnoar 638 froulju, manlju en bern yn it ramt fan it eutanasy-programma Aksje T4 nei Hartheim deportearre. Mear as 500 oare minsken waard mei twang sterilisearre.

Yn de lêste jierren fan de kriich wie yn it Colosseum yn it stedsdiel Stadtamhof in bûtenkamp fan Flossenbürg, fan wêrút sa'n 460 finzenen út hiel Europa twangarbeid yn 'e omkriten dwaan moasten. Yn mar fiif wiken tiid ferstoaren 40 twangarbeiders ûnder de minne omstannichheden.[1]

De monumintale synagoge fan Regensburg út 1912 waard op 9 novimber 1938 yn 'e brân stuten en de ruïne yn de moannen dêrnei hielendal ôfbrutsen. Fan de joadske mienskip wist hast de helte op 'e tiid te flechtsjen of te emigrearjen. Meiïnoar waarden der likernôch 250 joadske ynwenners yn 1942 nei it easten deportearre en fermoarde yn de kampen.

Ta oantinken fan de slachtoffers fan it nasjonaal-sosjalisme binne op 12 juny 2007 de earste stroffelstiennen lein.

Nei 1945

Foar mear yndustry ynvestearre Regensburg oan it begjin fan de jierren 1960 yn de technyske en sosjale ynfrastruktuer fan de stêd. Siemens wie de earste multynasjonale ûndernimming dy't yn Regensburg in fêstiging bouwe liet. De twadde wie BMW, dy't in grutte produksjefabryk bouwe liet. Sûnt de jierren 1990 brochten mear hightech bedriuwen wurkgelegenheid nei Regensburg, lykas Unfineon en OSRAM.

Yn 2006 waard it histoaryske sintrum mei it stedsdiel Stadtamhof oan de oare kant fan de Donau tafoege oan de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Regensburg is noardlik fan de Alpen ien fan de grutste midsiuwske stêden.

Befolkingsûntwikkeling

Jier 1861 1875 1900 1925 1933 1950 1960 2019
Ynwenners 27.875 31.504 45.429 76.948 81.106 117.291 123.400 153.094

It besjen wurdich

De Petrusdom
Slot Sint-Emmeranus
  • Domtsjerke Sint-Petrus (Domplatz)
  • Kleaster Sankt Emmeram (Emmeranplatz)
  • Eardere dominikanertsjerke Sint-Blasius (Beraiterweg)
  • Stifttsjerke Us Leavefrouwe fan de Alde Kapel (Alter Kornmarkt)
  • Karmelitentsjerke Sint-Joazef (Am alten Kornmarkt)
  • Trije-ienheidstsjerke (Schrerestrasse)
  • Sint-Kassianustsjerke (Kassiansplatz)
  • Neupfarrkirche (Neupfarrplatz)
  • Stift Niedermünster (noardeastlik fan de dom)
  • Sint-Jabikstsjerke of Skottentsjerke Sint-Jabik (Jakobsstrasse)
  • Alde Riedshûs
  • Herzogshof (eastlik fan de dom)
  • Slot fan de foarsten fan Thurn en Taksis
  • Stiennen brêge oer de Donau (1135-1146)

Musea

  • Altes Radhaus
  • Museum der Stadt Regensburg
  • Diözesanmuseum
  • Fürst Thurn und Taxis Schlossmuseum
  • Naturkundemuseum Ostbayern
  • Keplergedächtnishaus
  • Ostdeutsche Galerie

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side


Beieren Flagge fan Beieren
Regierungsbezirke

Middelfranken - NederbeierenNederfrankenOpperbeieren - Opperfranken - Opperpalts - Swaben

Landkreise

Aichach-Friedberg - Altötting - Amberg-Sulzbach - Ansbach - Aschaffenburg - Augsburg - Bad Kissingen - Bad Tölz-Wolfratshausen - Bamberg - Bayreuth - Berchtesgadener Land - Cham - Coburg - Dachau - Deggendorf - Dillingen an der Donau - Dingolfing-Landau - Donau-Ries - Ebersberg - Eichstätt - Erding - Erlangen-Höchstadt - Forchheim - Freising - Freyung-Grafenau - Fürstenfeldbruck - Fürth - Garmisch-Partenkirchen - Günzburg - Haßberge - Hof - Kelheim - Kitzingen - Kronach - Kulmbach - Landsberg am Lech - Landshut - Lichtenfels - Lindau - Main-Spessart - Miesbach - Miltenberch - Mühldorf am Inn - München - Neuburg-Schrobenhausen - Neumarkt in der Oberpfalz - Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim - Neustadt an der Waldnaab - Neu-Ulm - Nürnberger Land - Oberallgäu - Ostallgäu - Passau - Pfaffenhofen an der Ilm - Regen - Regensburg - Rhön-Grabfeld - Rosenheim - Roth - Rottal-Inn - Schwandorf - Schweinfurt - Starnberg - Straubing-Bogen - Tirschenreuth - Traunstein - Unterallgäu - Weilheim-Schongau - Weißenburg-Gunzenhausen - Wunsiedel im Fichtelgebirge - Würzburg

Kreisfreie Städte

Amberg - Ansbach - Aschaffenburch - Augsburg - Bamberch - Bayreuth - Coburg - Erlangen - Freising - Fürth - Hof - Ingolstadt - Kaufbeuren - Kempten - Landshut - Memmingen - München - Neurenberch - Passau - Regensburg - Rosenheim - Schwabach - Schweinfurt - Straubing - Weiden - Würzburg

· · Berjocht bewurkje