Springe nei ynhâld

Dillingen an der Donau (Landkreis)

Ut Wikipedy
Lânkring Dillingen an der Donau
wapen
Statistyk
Ynwennertal 99.109 (2022)
Oerflak 792,23 km²
Befolkingsticht. 125 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Beieren
Regierungsbezirk Swaben
Oar
Adres bestjoer Große Allee 24
89407 Dillingen an der Donau
Koördinaten 48° 25' N 11° 3' E
Oprjochting 1972
Yndieling 27 gemeenten
Kenteken DLG, WER
Kreiskaai 09 7 73
Webside landkreis-dillingen.de

De Lânkring Dillingen an der Donau is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De lânkring waard yn syn hjoeddeistige foarm yn 1972 oprjochte. Große Kreisstadt fan 'e lânkring is Dillingen an der Donau.

Troch de lânkring streamt de Donau, dy't fanút it súdwest nei it noardeast oer in lingte fan 27 km de lânkring midstwa snijt. De rivier hat in typysk greidelânskip mei bosk efterlitten, dat ûnder natuerbeskerming stiet. De minske makke dêrnjonken in soad baggermarkes. Súd fan 'e rivier leit it Donauried, dat oant de 19e iuw faak lêst fan oerstreamings hie. Hjoed-de-dei wurdt it Donauried as greide brûkt en oan syn rânen grinzgje útwrydske ikkerlannen. Fierder súdlik ûntstiet it heuvellân fan 'e Zusamdelling, dat by it natoerpark Augsburg-Westliche Wälder heart. De Zusam is in lytse sydrivier fan 'e Donau, dy't súd fan Donauwörth yn 'e Donau mûnet.

Op 'e lofter kant fan 'e Donau foarmet it noardlike gebiet fan 'e lânkring ûnderdiel de útrinners fan 'e Schwäbischen Alb.

De hichte fan 'e lânkring ferskilt tusken 403 boppe seenivo yn it Donauried by Schwenningen oant 610 boppe seenivo yn it Zöschinger Forst.

De lânkring bestiet út fiif stêden, trije Märkte en 19 oare gemeenten. Ynwennertallen efter de gemeenten binne fan 31 desimber 2022.

De gemeenteyndieling fan 'e lânkring.

Stêden

  1. Dillingen an der Donau, Große Kreisstadt (19.814)
  2. Gundelfingen an der Donau (7983)
  3. Höchstädt an der Donau (7014)
  4. Lauingen (Donau) (11.229)
  5. Wertingen (9470)

Märkte

  1. Aislingen (1313)
  2. Bissingen (3711)
  3. Wittislingen (2526)

Oare gemeenten

  1. Bachhagel (2298)
  2. Bächingen an der Brenz (1392)
  3. Binswangen (1407)
  4. Blindheim (1825)
  5. Buttenwiesen (6083)
  6. Finningen (1786)
  7. Glött (1129)
  8. Haunsheim (1623))
  9. Holzheim (3742)
  10. Laugna (1610)
  11. Lutzingen(974)
  12. Medlingen (1024)
  13. Mödingen (1404)
  14. Schwenningen (1445)
  15. Syrgenstein (3895)
  16. Villenbach (1315)
  17. Ziertheim (1064)
  18. Zöschingen (771)
  19. Zusamaltheim (1262)

De lânkring hat seis saneamde Verwaltungsgemeinschaften:

  1. Gundelfingen an der Donau
    (Dielnimmende gemeenten: de stêd Gundelfingen/Donau en de gemeenten Bächingen/Brenz, Haunsheim en Medlingen).
  2. Höchstädt an der Donau
    (Dielnimmende gemeenten: de stêd Höchstädt/Donau en de gemeenten Blindheim, Finningen, Lutzingen en Schwenningen).
  3. Holzheim
    (Dielnimmende gemeenten: de Markt Aislingen en de gemeenten Glött en Holzheim).
  4. Syrgenstein
    (Dielnimmende gemeenten: Bachhagel, Syrgenstein en Zöschingen).
  5. Wertingen
    (Dielnimmende gemeenten: de stêd Wertingen en de gemeenten Binswangen, Laugna, Villenbach en Zusamaltheim).
  6. Wittislingen
    (Dielnimmende gemeenten: de Markt Wittislingen en de gemeenten Mödingen en Ziertheim).

(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Dillingen an der Donau


Beieren Flagge fan Beieren
Regierungsbezirke

Middelfranken - NederbeierenNederfrankenOpperbeieren - Opperfranken - Opperpalts - Swaben

Landkreise

Aichach-Friedberg - Altötting - Amberg-Sulzbach - Ansbach - Aschaffenburg - Augsburg - Bad Kissingen - Bad Tölz-Wolfratshausen - Bamberg - Bayreuth - Berchtesgadener Land - Cham - Coburg - Dachau - Deggendorf - Dillingen an der Donau - Dingolfing-Landau - Donau-Ries - Ebersberg - Eichstätt - Erding - Erlangen-Höchstadt - Forchheim - Freising - Freyung-Grafenau - Fürstenfeldbruck - Fürth - Garmisch-Partenkirchen - Günzburg - Haßberge - Hof - Kelheim - Kitzingen - Kronach - Kulmbach - Landsberg am Lech - Landshut - Lichtenfels - Lindau - Main-Spessart - Miesbach - Miltenberch - Mühldorf am Inn - München - Neuburg-Schrobenhausen - Neumarkt in der Oberpfalz - Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim - Neustadt an der Waldnaab - Neu-Ulm - Nürnberger Land - Oberallgäu - Ostallgäu - Passau - Pfaffenhofen an der Ilm - Regen - Regensburg - Rhön-Grabfeld - Rosenheim - Roth - Rottal-Inn - Schwandorf - Schweinfurt - Starnberg - Straubing-Bogen - Tirschenreuth - Traunstein - Unterallgäu - Weilheim-Schongau - Weißenburg-Gunzenhausen - Wunsiedel im Fichtelgebirge - Würzburg

Kreisfreie Städte

Amberg - Ansbach - Aschaffenburch - Augsburg - Bamberch - Bayreuth - Coburg - Erlangen - Freising - Fürth - Hof - Ingolstadt - Kaufbeuren - Kempten - Landshut - Memmingen - München - Neurenberch - Passau - Regensburg - Rosenheim - Schwabach - Schweinfurt - Straubing - Weiden - Würzburg

· · Berjocht bewurkje