Springe nei ynhâld

Marktgemeinde

Ut Wikipedy

In Marktgemeinde is yn Dútsktalige gebieten in plak mei merkrjochten. Yn 'e Dútske dielsteat Beieren, yn Eastenryk en yn Súd-Tiroal is it in omskriuwing út it gemeenterjocht foar in gemeente mei histoaryske of formele merkrjochten.

De wenst om it wurd Markt yn 'e gemeentenamme te brûken, lykas bygelyks by Markt Allhau of Markt Schwaben, is net perfoarst nedich, mar wurdt yn guon gefallen wol dien. It komt ek foar dat it wurd Markt mei de oarspronklike plaknamme gearfoege is ta ien namme, lykas Marktbergel.

Yn oare dielen fan Dútslân wurdt in Marktgemeinde ek wol Flecken neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Marktgemeinde, ferzje 1 juny 2024.