Springe nei ynhâld

Kaufbeuren

Ut Wikipedy
Kaufbeuren
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Beieren
Gemeente-yndieling 9 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 46.386 (31.12.2023)
Oerflak 40,02 km²
Befolkingsticht. 1.159 ynw./km²
Hichte 678 m
Oar
Postkoade 87600
Koördinaten 47°52'N 10°37'E
Offisjele webside
www.kaufbeuren.de
Kaart
Kaufbeuren (Beieren)
Kaufbeuren

Kaufbeuren is in kreisfrije stêd yn Swaben yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De stêd leit oan 'e rivier de Wertach, in sydrivier fan 'e Lech. It ynwennertal is likernôch 46.000.

Histoaryske binnenstêd.

Kaufbeuren krige yn 1286 fan 'e Roomsk-Dútske kening Rudolf I de status fan frije ryksstêd. Yn 1377 waard de stêd belegere troch hartoch Friedrich von Teck en yn 1388 troch de Beierske hartoggen, mar dy belegeringen wiene om 'e nocht. Yn 'e jierren 1482-1484, 1521 en 1627-1629 hie de stêd ûnder de pest te lijen. De lêste pestepidemy wie it slimste en doe ferlear de stêd likernôch twatredde fan syn ynwenners.

Sûnt 1500 wie de stêd lid fan 'e Swabyske Kreits.

By it Reichsdeputationshauptschluss ferlear de stêd syn status as keizerlike stêd. Kaufbeuren foel yn hannen fan it karfoarstedom Beieren, dat yn 1806 it keninkryk Beieren waard.

It gasfabryk fan Kaufbeuren waard yn 1863 iepene. Oant 1953 tsjinne it fabryk foar de produksje fan stedsgas út stienkoal.

Kaufbeuren is ferdield yn twa grutte, apart fan inoar lizzende plakken: it histoaryske Kaufbeuren en Neugablonz, mei fierder in oantal doarpen yn 'e omkriten. Neugablonz is in typyske Beierske Vertriebenenstadt, dêr't ferdreaune Dútsers út de eardere Dútske eastgebieten en Sudetelân of oare Dútske gebieten yn Midden- en East-Europa harren nei de Twadde Wrâldkriich nei wenjen setten. Op it plak lei foarhinne yn 'e bosken in munysjefabryk fan Dynamit-AG.

Under de gemeente Kaufbeuren hearre de njoggen Ortsteile Kaufbeuren (kearnstêd), Neugablonz, Oberbeuren, Hirschzell, Kleinkemnat, Großkemnat, Märzisried, Ölmühlhang en Sankt Cosmas. De eartiidske selsstannige doarpen Oberbeuren, Hirschzell, Kleinkemnat en Großkemnat hawwe noch altiten in doarpsk karakter.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Blasiustsjerke.
Stedsmuorre.
  • De Blasiustsjerke (St.-Blasius-Kirche) waard as kapel oan 'e noardwestlike kant fan 'e stêd op 'e âlde stedsmuorre boud. De kapel waard yn 'e 15e iuw in tsjerke, wêrby't de oarspronklike wargong yntegrearre waard yn it tsjerkeskip. Yn 'e tsjerke stiet in belangryk let goatysk alter út 1518. De bylden binnen âlder en stamme fan in âlder retabel.
  • Njonken de Blasiustoer binne oare resten fan 'e stedsmuorren de Sywollenturm (14e-15e iuw), de Hexenturm (1420) en de Fünfknopfturm (1420). Tusken de Blasiustsjerke en de Fünfknopfturm is noch in goed 200 m lang stik fan 'e stedsmuorre bewarre bleaun. De muorre waard om 1200 hinne boud en 200 jier letter mei in wargong ferhege.
  • De protestantske stedsparochytsjerke fan 'e Trijefâldichheid (Dreifaltigkeitskirche) giet werom op in 14e-iuwsk wenhûs, dat yn 'e 17e iuw ferboud en útwreide waard ta tsjerke. * De Sint-Martinustsjerke (St. Martinskirche) is in 15e-iuwske roomske parochytsjerke.
  • De Sint-Dominikustsjerke is in eardere spitaaltsjerke en de âldste tsjerke fan Kaufbeuren. De Dominikustsjerke fertsjintwurdiget in mingeling fan romaanske, goatyske en barokke arsjitektuer.
  • De 14e-iuwske tsjerke fan 'e Fransiskanessen wurdt tsjintwurdich it Kresentsiakleaster (Crescentiakloster) neamd.
  • De Kosmas- en Damianustsjerke (St. Cosmas und Damian) út 1494 is in beafeartstsjerke yn it Ortsteil Oberbeuren.

In pear kilometer noardwest fan Kaufbeuren leit de eardere rykabdij Irsee.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kaufbeuren fan Wikimedia Commons.