Eutanasysintrum Hartheim

Ut Wikipedy
kastiel Hartheim yn 2005
Bus en sjauffeur dy't de slachtoffers nei Hartheim brocht
Hitler's opdracht ta Aksje T4

It Eutanasysintrum Hartheim (Dútsk: Tötungsanstalt Hartheim) wie in ynstelling dy't belutsen wie by de útfiering fan it nasjonaalsosjalistyske eutanasyprogramma, ek wol oantsjut as Aktion T4. It sintrum húsmanne yn it Slot Hartheim yn de gemeente Alkoven, yn de omkriten fan Linz, Eastenryk.

De Hartheim Statistiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 1945 briek opspoaringsamtner Charles Dameron by in ûndersyk fan de Amerikaanske striidkrêften yn de eardere euthanasy-ynstelling in stielen klús iepen en fûn de saneamde Hartheim Statistiken. Dit dokumint fan 39 siden, dat skreaun waard foar ynterne doelen fan Aksje T4, befette de moanlikse statistiken fan de minsken mei in geastlike of lichaamlike beheining dy't deadien wiene yn de seis eutanasysintra dy't it Tredde Ryk hie. Yn it dokumint wurdt it fermoardzjen fan de pasjinten eufemistysk mei "desynfeksje" oantsjut. In eks-wurknimmer bekende as tsjûge yn 1968 en 1970 dat hy de statistiken ein 1942 gearstald hawwe moast. By de statistiken siet ek in blêd mei in berekkening fan de besparring op iten en drinken troch it (saneamde) desynfektearjen fan 70.273 minsken mei in libbensferwachting fan 10 jier; it hie 141.775.573,80 Ryksmark opsmiten.

De slachtoffers yn Hartheim[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Hartheimstatistiken waarden yn de gaskeamer fan Hartheim totaal 18.269 minsken fermoarde. Dit barde yn in perioade fan 16 moannen tusken maaie 1940 en 1 septimber 1941 middels koalmonoksidefergiftiging.

1940 1941 Totaal
maaie juny july aug. sept. okt. nov. des. jan. febr. maart april maaie juny july aug.
633 982 1.449 1.740 1.123 1.400 1.396 947 943 1.178 974 1.123 1.106 1.364 735 1.176 18.269

Dizze statistyk giet allinne oer de earste faze fan it eutanasyprogramma. Dy faze waard nei protesten fan de Roomsk-katolike Tsjerke mei Hitler's beslút fan 24 augustus 1941 beëinige.

Der wurdt rûsd dat it totaal fermoarde minsken yn Hartheim om de 30.000 west hat. Under de deaden wiene hendikepten, siken, mar ek finzenen út konsintraasjekampen.

Geastliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn totaal waarden yn Hartheim 310 Poalske, sân Dútske, seis Tsjechyske, fjouwer Lúksemboarchske, trije Nederlânske en twa Belgyske preesters fermoarde. In protte geastliken waarden fan kamp Dachau út nei Hartheim transportearre. Dat barde ferhoalen meidat it ombringen fan geastliken gefoelich lei by it publyk.

Aksje 14f13[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aktion 14f13, yn it nasjonaalsosjalistysk jargon Sonderbehandlung 14f13, gie de kar fan en moard op konsintraasjekampbewenners oan. It gie om de kampbewenners dy't fan 1941 oant 1944 yn it Dútske Ryk yn de kategory siken, âlderein en minsken dy't net wurkje koene foelen. Aktion 14f13 waard ek as Ynvaliden of Finzeneneutanasy omskreaun en befette letter ek oare groepen út de kampen. Al trije dagen nei de formele ein fan Aksje T4 kaam der yn Hartheim in earste bus oan mei 70 Joadske finzenen út it konsintraasjekamp Mauthausen, dy't fuortendaliks deamakke waarden.

Eutanasysintrum Hartheim krige net allinne de namme dat fan de seis eutanasysintra dêr it grutste tal pasjinten fergast waard, mar ek dat dêr yn it ramt san Aksje 14f13 de measte konsintraasjekampbewenners deadien waarden. Harren oantal wurdt rûsd op sa'n 12.000.

Foaral ek finzenen út Mauthausen, dy't net mear by steat wiene de swiere arbeid yn de stiengatten te dwaan, mar ek polityk net winske finzenen waarden nei Hartheim transportearre. Yn de boeken waarden dy oerpleatsingen bemantele mei begripen as "rekreaasjeferlof". Fan 1944 ôf waarden de finzenen net mear troch T4-dokters selektearre; der moast ienfâldich sa fluch at koe nije romte yn kamp Mauthausen makke wurde. Oare transporten kamen út it kamp Gusen en wierskynlik ek út it kamp Ravensbrück. Mei it lêste transport nei Hartheim op 11 desimber 1944 einige de Aktion 14f13.

Ferhuzing T4-sintrale[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om reden fan de tanimmende bombardeminten op Dútske stêden ferhuze de Eutanasysintrale oan de Tiergartenstaße 4 yn Berlyn yn 1943 nei de Ostmark, dat doetiids gekjeiend de skûlkelder fan it Ryk neamd waard. In part fan de organisaasje waard yn Hartheim ûnderbrocht en sadwaande bedarren ek de statistiken fan it eutanasysintrum yn Hartheim.

De dokters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op gûn fan Hitlers memorandum fan 1 septimber 1939 hjitten Viktor Brack en Karl Brandt, de organisatoren fan Aksje T4, dat de eutanasy op siken allinne útfierd wurde mocht troch dokters. Dat it betsjinjen fan de gaskraan of de ynjeksjespuit yn de eutanasysintrums wie foarbeholden oan dokters. It kaam lykwols ek foar dat oaren it diene at der gjin arts beskikber wie om hokker reden ek. In protte dokters brûkten in skûlnamme yn 't plak fan har' wiere namme yn de korrespondinsje nei bûten ta.

Yn Hartheim wurken de folgjende dokters:

  • Haaddokter: Rudolf Lonauer: 1 april 1940 oant april 1945
  • Plakferfangend haaddokter: Georg Renno: maaie 1940 oant febrewaris 1945

Ferneamde slachtoffers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedy, Euthanasiecentrum Hartheim
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Euthanasiecentrum Hartheim fan Wikimedia Commons.