Gideon Samson
Gideon Samson | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Menno Fernandes | |
echte namme | ûnbekend | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 febrewaris 1985 | |
berteplak | De Haach (Nederlân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | jeugdliteratuer, berneboeken | |
bekendste wurk(en) |
Ziek Zwarte Zwaan | |
útjouwer | Uitgeverij Leopold | |
prizen | Sulverne Griffel 2010, 2013 Flagge en Wimpel 2008, 2017 | |
jierren aktyf | 2007 – no | |
offisjele webside | ||
www.gideonsamson.nl |
Gideon Samson (echte namme ûnbekend; De Haach, 17 febrewaris 1985) is it pseudonym fan in Nederlânsk skriuwer fan jeugdliteratuer en berneboeken. Syn wurk is twaris bekroane mei de Sulverne Griffel, en hy hat dêropta ferskate oare prizen wûn. Boeken fan Samson binne oerset yn it Dútsk, Deensk, Spaansk, Katalaansk en Frysk. Samson hat ûnder it pseudonym Menno Fernandes ek in kollumn skreaun yn 'e krante NRC Handelsblad.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gideon Samson waard yn 1985 berne yn De Haach. Hy studearre film- en tillefyzjewittenskippen, en dreamde der as jonge fan om proffuotballer te wurden. Syn mem wie ien fan 'e beide skriuwsters dy't publisearren ûnder de skûlnamme Abbing & Van Cleeff.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar himsels keas Samson it pseudonym Gideon Samson, in kombinaasje fan syn wiere foarnamme en in optochte efternamme. Dêrmei wurdt ferwiisd nei twa foaroanmannen út 'e skiednis fan 'e Israeliten lykas beskreaun yn it bibelboek Rjochters: Gideon en Simson (Ingelske foarm: Samson). Neffens de auteur sels keas er Samson as efternamme ek mei it each op eventuële takomstige oersettings fan syn wurk, mei't syn eigen efternamme ûnútsprekber wêze soe foar net-Nederlânsktaligen.
Samson debutearre yn 2007 as skriuwer mei it berneboek Niks Zeggen!, dat yn 2008 de Flagge en Wimpel wûn. Yn 2010 waard er mei 25 jier, mei it boek Ziek, de jongste winner fan 'e Sulverne Griffel ea. In oar bekend boek fan Samson is Overspoeld út 2014, dêr't er it wier barde ferhaal yn ferteld fan Julius 't Hart, dy't ûnder de Aziatyske tsûnamy fan 2004 frijwilligerswurk ferrjochte yn Sry Lanka.
Yn 2012 publisearre Samson de opsjochjaande jeugdroman Zwarte Zwaan, oer it fernimstige, dominante en manipulative famke Rifka Ravesteijn, dat it yn 'e holle kriget om har eigen begraffenis yn sêne te setten. Mei dy psychologyske skriller weefde de auteur ôf mei it romantyske klisjee fan it ûnskuldige bern. Foar Zwarte Zwaan wûn Samson yn 2013 foar de twadde kear de Sulverne Griffel. Ynternasjonaal wie it boek ek in súkses, mei't it troch de Internationale Jugendbibliothek keazen waard as in White Raven. Dêrmei kaam it op in jierlikse oanriedlist fan 250 titels te stean, keazen út in wrâldwiid oanbod fan mear as 10.000 boeken.
Njonken syn wurkpaad as skriuwer wie Samson ek in jier lang aktyf as kollumnist yn NRC Handelsblad. Hy skreau dêr op 'e efterside ûnder it pseudonym Menno Fernandes de kollumn De Scheids, wêryn't er syn ûnderfinings dielde as skiedsrjochter yn 'e legere difyzjes fan it Nederlânske amateurfuotbal. De stikjes ferskynden letter ek as in bondel by útjouwerij Podium. Yn 2014 hold Samson ûnder de titel Messen en Scharen Zijn Kindergevaren de jierlikse Annie M.G. Schmidtlêzing. Dêryn ferdigene er de stelling dat in berneboek allinnich goed is as it ek troch folwoeksenen wurdearre wurdt.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 – Niks Zeggen!
- 2009 – Ziek
- 2010 – Met Je Hoofd Boven Water
- Dútske oersetting: 70 Tricks, um nicht baden zu gehen (2014)
- Spaanske oersetting: Mis Trucos para Sobrevivir Clase Natacio (2016)
- Katalaanske oersetting: Els Meus Trucs per Sobreviure a la Classe de Natació (2016)
- 2011 – Hoe Word Ik een Superheld?
- 2012 – Zwarte Zwaan
- Deenske oersetting: Sorte Svane (2014)
- Dútske oersetting: Doppeltot (2015)
- Fryske oersetting: Swarte Swan (2018, fert. Geart Tigchelaar)
- 2014 – De Scheids (bondele kollumns, ûnder it pseudonym Menno Fernandes)
- 2014 – Overspoeld (mei Julius 't Hart)
- 2016 – Eilanddagen
- 2017 – Alle Dieren Drijven (printeboek mei yllustraasjes fan Annemarie van Haeringen)
- 2018 - Zeb. (mei tekeningen fan Joren Joshua (Leopold)) ISBN 978-90-258-7394-3
- 2019 - Ik wil een paard (printeboek mei tekeningen fan Milja Praagman (Gottmer)) ISBN 978-90-257-7142-3
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
2008 | Flagge en Wimpel | wûn | bêste berneboek | Niks Zeggen! |
2010 | Sulveren Griffel | wûn | bêste jeugdroman | Ziek |
2012 | IBBY Honour List (fan 'e IBBY) | earfolle fermelding | bêste jeugdboek | Met Je Hoofde Boven Water |
2013 | Gouden List | earfolle fermelding | bêste jeugdboek foar 12- oant 15-jierrigen | Zwarte Zwaan |
Sulveren Griffel | wûn | bêste jeugdroman | Zwarte Zwaan | |
White Raven | beneamd | ien fan 'e bêste jeugdboeken (fan 'e Internationale Jugendbibliothek) | Zwarte Zwaan | |
2015 | Dioraphte Jongereinliteratuer Priis | nominearre | bêste jeugdboek | Overspoeld |
Gouden List | wûn | bêste jeugdboek foar 12- oant 15-jierrigen | Overspoeld | |
White Raven | beneamd | ien fan 'e bêste jeugdboeken (fan 'e Internationale Jugendbibliothek) | Overspoeld | |
2017 | Flagge en Wimpel | wûn | bêste berneboek | Eilanddagen |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |