Sosjaaldemokrasy
Sosjaaldemokrasy is de oantsjutting foar in politike beweging dy't op demokratyske wize yn de besteande maatskiplike of politike oarder in sosjale wetjouwing of in stadige herfoarming op grûn fan min ofte mear egalitêre begjinsels foarstiet. Sosjaaldemokraten binne oanhingers fan dy beweging.
Faak wurdt de term sosjalisme brûkt om sosjaaldemokraten oan te tsjutten, al is sosjalisme in breder begryp dat ek linksere ideologyen binnen en bûten it parlemintêr stelsel (lykas al as net revolúsjonêre kommunisten en soms anargisten) omfettet. Der wurde wol fraachtekens setten by de yndieling fan sosjaaldemokrasy ûnder sosjalisme, benammen troch linksere sosjalisten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin tweintichste iuw kaam der in skieding yn it sosjalisme tusken de revolúsjonêren en parlemintêren.
Foar de Oktoberrevolúsje fan 1917 yn Ruslân waard de oantsjutting ‘sosjaaldemokratysk’ ek brûkt foar marksistysk-revolúsjonêre partijen. Nei 1918 feroaren in protte fan dy partijen harren namme yn ‘kommunistyske partij’, lykas de Russyske Kommunistyske Partij, dy't dêrfoar Russyske Sosjaaldemokratyske Partij hiet.
Sosjaaldemokratyske partijen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Austraalje: Australian Labor Party
- Belgje :
- Denemarken: Socialdemokraterne
- Dútslân: Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD)
- Eastenryk: Sozialdemokratische Partei Österreichs (SPÖ)
- Feriene Keninkryk: The Labour Party
- Finlân: Suomen Sosialidemokraattinen Puolue (SDP)
- Frankryk: Le Parti Socialiste
- Grikelân: Panellínio Sosialistíko Kiníma (PASOK)
- Yslân: Samfylkingin
- Ierlân: Irish Labour Party
- Israel: Arbeidspartij (Mifleget Ha'avoda Hajisraëliet)
- Itaalje: Democratici di Sinistra
- Lúksemboarch: Lëtzebuergesch Sozialistesch Arbechterpartei
- Kanada: New Democratic Party
- Meksiko: Partido de la Revolución Democrática (PRD), Convergencia
- Mongoalje: Mongol Ardyn Khuv'sgatt Nam (MAKN)
- Nederlân: Partij van de Arbeid (PvdA)
- Nij-Seelân: The New Zealand Labour Party
- Noarwegen: Arbeiderpartiet (DNA)
- Portegal: Partido Socialista
- Roemeenje: Partidul Social Democrat (PSD)
- Slowakije: SMER - Sociálna demokracia (SMER)
- Spanje: Partido Socialista Obrero Español (PSOE)
- Súd-Afrika: African National Congress (ANC)
- Sweden: Socialdemokraterna (S)
- Tsjechje: Česká strana sociálně demokratická (ČSSD)
- Turkije: Cumhuriyet Halk Partisi (CHP)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - sosjaaldemokrasy
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Socalism fan Wikimedia Commons. |