Springe nei ynhâld

George D. Wallace (militêr)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2020 om 14.43 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Legerkarriêre: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
George D. Wallace
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút George Daniel Wallace
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 juny 1849
berteplak York County (Súd-Karolina)
stoarn 29 desimber 1890
stjerplak Wounded Knee (Súd-Dakota)
etnisiteit Skotsk
Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18721890
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang kaptein (sûnt 1885)
befel G Komp./Am. 7e Kav.reg.
L Komp./Am. 7e Kav.reg.
K Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
Uttocht fan de Noardlike
   Sjajinnen

Geastedûnsoarloch
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn
Bloedbad fan Wounded Knee

George D. Wallace (folút: George Daniel Wallace; York County (Súd-Karolina), 29 juny 1849Wounded Knee (Súd-Dakota), 29 desimber 1890) wie in Amerikaansk militêr fan mingd Skotsk en Ingelsk etnysk komôf, dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw dielnaam oan ferskate oarloggen tsjin 'e Yndianen. Sa focht er mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, dy't er oerlibbe, en wied er letter behelle yn 'e Nez Persé-Oarloch en de Kampanje tsjin 'e Noardlike Sjajinnen. Wallace kaam yn 1890 om by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wallace waard yn 1849 berne op it plattelân fan York County, yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Súd-Karolina. Syn middelnamme wurdt meastal as 'Daniel' jûn, mar komt ek foar as 'David'. Hy wie de soan fan Alexander Stuart Wallace (1810-1893), in politikus en lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en dy syn frou Nancy Lee Ratchford (1810-1883). Hy hie in âldere broer, Robert McCaslan Wallace, mei wa't er tolve jier skeelde. Wallace wie te jong om oan 'e kant fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika meifochten te hawwen yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) en waard dêrom yn 1868 sûnder formele swierrichheden talitten ta de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1872 as op acht nei bêste kadet fan in klasse fan 57 man slagge foar syn eksamens.

Neitiid waard Wallace op 14 juny 1872 mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dat doe noch legere wie yn Fort Riley, yn Kansas, mar in jier letter oerpleatst waard nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Yn 1873 naam Wallace diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje, en it jiers dêrop joech er ûnder de Ekspedysje nei de Black Hills lieding oan in ôfdieling Yndiaanske ferkenners.

Fan 1874 ôf wied er twa jier yn detasjearre tsjinst legere yn New Orleans, as ûnderdiel fan 'e Noardlike besettingsmacht yn it yn 'e Boargeroarloch fersleine Suden, mar yn 1876 kearde er ûnder de Grutte Sû-Oarloch op 'e tiid yn Fort Abraham Lincoln werom om diel te nimmen oan 'e simmerkampanje fan dat jier tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Dêrby waard er oansteld as ûnderbefelhawwer fan G Kompanjy, ûnder luitenant Donald McIntosh.

Op 25 juny naam er diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't fiif kompanjyen fan 'e 7e Kavalery oan 'e lêste man ta útrûge waarden troch de Yndianen. Wallace hearde dy deis ta it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat nei in oanfal op 'e súdkant fan it grutte Yndiaanske doarp dat oan 'e igge fan de rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana ûntdutsen wie, weromslein waard en doe twa dagen lang op in klif oare kant de rivier troch de Yndianen belegere waard. By de weromtocht kaam luitenant McIntosh om, sadat Wallace ûnder de rest fan de slach it befel oer G Kompanjy hie. Daliks nei ôfrin fan 'e slach waard Wallace befoardere ta earste luitenant en oansteld as adjudant fan 'e rezjimintskommandant.

Neitiid naam Wallace yn 1877 diel oan 'e Nez Persé-Oarloch tsjin 'e Nez Persé, yn Idaho en westlik Montana. Yn 1878 wied er belutsen by de efterfolging fan en striid tsjin 'e Noardlike Sjajinnen, doe't dy út harren reservaat yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) útbrieken by in foarfal dat bekend kaam te stean as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen. Yn jannewaris 1879 tsjûge Wallace yn Chicago foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie op oanfraach fan majoar Reno, dy't beskuldige wie fan leffens en plichtsfersom ûnder de Slach oan de Little Bighorn en op dy wize syn namme suverje woe.

Yn 1880 krige Wallace in oanstelling oan 'e kavaleryskoalle fan it Amerikaanske Leger, yn Fort Leavenworth, yn Kansas. Op 11 oktober 1882 troude er yn St. Paul, yn Minnesota, mei in Caroline "Carrie" Otis († 1942). Ut dat houlik waard op 12 septimber 1889 ien soan berne, Otis Alexander Wallace. Op 23 septimber 1885 waard Wallace befoardere ta kaptein mei it befel oer L Kompanjy fan 'e 7e Kavalery. Yn septimber 1890 krige er ynstee it befel oer K Kompanjy.

Op 29 desimber fan dat jier naam Wallace by Wounded Knee, yn Súd-Dakota, diel oan it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. By dat treffen fûn Wallace de dea troch gewearsskotten yn 'e holle en de búk; mei't de measten fan 'e 31 Amerikaanske deaden omkamen troch freonlik fjoer, wie dat nei alle gedachten ek by Wallace it gefal. Hy wie by syn dea 41 jier âld en waard neitiid begroeven op it Rose Hill Begraafplak yn Yorkville yn 'e steat Súd-Karolina, dat no de stêd York is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: