Heal Giel Gesicht
Heal Giel Gesicht | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ischu Shi Dish | |
oare namme | Half Yellow Face | |
nasjonaliteit | Kriesk | |
berne | ±1830 | |
berteplak | yn Montana | |
stoarn | ±1879 | |
stjerplak | oan 'e Yellowstone (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferkenner foar it Amerikaanske Leger | |
aktyf as | kriger | |
jierren aktyf | 1876 | |
reden bekendheid |
focht mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn |
Heal Giel Gesicht (Ingelsk: Half Yellow Face; Kriesk: Ischu Shi Dish; yn Montana, ±1830 – oan 'e rivier de Yellowstone (Montana), ±1879) wie in Krieske kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich en focht er oan 'e Amerikaanske kant mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Heal Giel Gesicht warskôge Custer foarôfgeande oan it treffen dat de fjildslach net te winnen wie, mar de dryste ofsier sloech dy warskôging yn 'e wyn. Nei de slach kearde Heal Giel Gesicht nei it Krieë Reservaat werom, dêr't er trije jier letter omkaam by in oerfal troch Lakota-krigers.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heal Giel Gesicht waard omtrint 1830 berne yn wat letter de Amerikaanske steat Montana wurde soe. As jongeman joech er ris lieding oan in groepke Krieën dy't derop útgiene om hynders te stellen fan 'e Sjosjoanen. Hja wiene geandefoets om't hja fan doel wiene op stellene hynders werom te kommen. De Sjosjoanen wiene lykwols net dêr't Heal Giel Gesicht se ferwachte, en de mannen doarmen in hoart yn 'e wyldernis fan 'e bergen fan westlik Wyoming om, dêr't it jachtwyld krap wie. Ferswakke troch honger ûntdieken se op 't lêst fjouwer Sjosjoanske tipys dêr't deunby in keppel hynders weide. Ut klearebare need weagen se har by ljochtskyndei tusken de keppel en wisten te ûntkommen mei 24 hynders dy't se meinamen werom nei hûs.
Ferkenner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 melde Heal Giel Gesicht him op 10 april 1876 by it Krieske Agintskip oan as ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Datoangeande wied er ien fan tsientallen Krieë-manlju dy't har by de Amerikanen joegen, mei't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, dêr't it Amerikaanske Leger tsjin focht, de tradisjonele fijannen fan 'e Krieën wiene. Heal Giel Gesicht tsjinne earst mei ferskate oare Krieske ferkenners, wêrûnder Wite Swan, by it Amerikaanske 7e Ynfanteryrezjimint fan kolonel John Gibbon. Yn maaie fochten de ferkenners oan 'e rivier de Tongue in skermutseling mei Lakota-krigers út.
Op 21 juny waard Heal Giel Gesicht oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, as ien fan in ôfdieling fan seis Krieske ferkenners. De oaren wiene Giet-Foarút, Krolhier, Hierrige Mokassin, Blanke-Man-Regearret-Him en Wite Swan. Heal Giel Gesicht, dy't mei sa'n 36 jier fierwei de âldste fan harren wie, krige as 'piipdrager' de lieding oer it seistal. It leger erkende dy status troch him de rang fan korporaal ta te kennen. De seis Krieën waarden tafoege oan Custer syn ferkennersienheid fan 26 Arikara, dy't ûnder befel stiene fan luitenant Charles Varnum. Mei't de krite fan 'e Bighorn harren heitelân wie, koene de Krieën it lykwols folle better as de Arikara, dy't út Noard-Dakota kamen.
Op 'e iere moarn fan 25 juny 1876 beselskippen de seis ferkenners Varnum en Custer nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôge Heal Giel Gesicht Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. De luitenant-kolonel besleat likegoed om daliks oan te fallen, mei't er bang wie dat de oanwêzigens fan syn rezjimint al opmurken wie, en dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong. Dêrop spriek Heal Giel Gesicht fia tolk Mitch Bouyer dizze histoaryske en gauris oanhelle wurden tsjin Custer: "Jo en ik geane hjoed nei hûs oer in paad dat wy net kenne."
Om't se derfan oertsjûge wiene dat de slach net te winnen wie, begûnen de seis ferkenners harren legerunifoarmen út te dwaan. Doe't Custer witte woe wat dat moast, fertelden se him dat se as krigers stjerre woene en net as soldaten. Dat antwurd skeat Custer yn it ferkearde kielsgat, mei't er it as fatalisme beskôge. Sadwaande ûnthefte er likernôch in oere foar it begjin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn Heal Giel Gesicht en de oare fiif ferkenners út har tsjinst. Dêrmei rêde er harren it libben, want de slach wie yndie net te winnen, en Custer sels en it grutste part fan syn manskippen waard troch in oermacht oan Lakota, Sjajinnen en Arapaho op in heuvel besingele en oan de lêste man ta útrûge.
Under de slach joegen Hiel Giel Gesicht, Wite Swan en it grutste part fan 'e Arikara-ferkenners har by in lytser diel fan 'e 7e Kavalery, dat ûnder befel fan majoar Marcus Reno it Yndianekamp út it suden wei oanfoel. De Lakota, Sjajinnen en Arapaho kamen ta it kamp út om slach te leverjen, en twongen Reno en syn mannen om tebek te wiken. Wite Swan wie lykwols slim ferwûne rekke yn 'e striid, en Heal Giel Gesicht bleau efter om syn maat te rêden. Tegearre mei in jonge Arikara-ferkenner dy't fan Jonge Hauk hiet, sleepte er Wite Swan it strewelleguod oan 'e riviersigge yn. Uteinlik wist Heal Giel Gesicht in hynder te bemachtigjen, dêr't er Wite Swan op tilde, wêrnei't er him sa út 'e delling wei brocht. Omtrint fjouwer oere middeis berikten de beide Krieën de stellings fan it detasjemint fan Reno op in klif boppe de Delling fan 'e Little Bighorn. Fuort dêrnei ried Heal Giel Gesicht nei it suden ta om it kontingint fan kaptein Frederick Benteen te sykjen, dat er mei werombrocht om 'e troepen fan Reno fuort te sterkjen. De beide detasjeminten trochstiene dêrnei oardel dei fan belegering troch de Lakota en Sjajinnen, oant se troch farske Amerikaanske troepen ûnder kolonel John Gibbon en brigadegeneraal Alfred Terry ûntset waarden.
De deis nei de slach makke Heal Giel Gesicht in travois, wêrmei't er syn maat Wite Swan nei it steamskip de Far West, ta brocht, dat op krapoan 20 km ôfstân op 'e rivier de Bighorn lei, sadat er medyske fersoarging krije koe. Kolonel Gibbon ûntsloech op 4 july de Krieske ferkenners út syn tsjinst en dêrnei kearde Heal Giel Gesicht nei hûs werom.
Letter libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1877 begelate Heal Giel Gesicht luitenant-kolonel Michael V. Sheridan, de broer fan generaal Philip Sheridan, by dy syn besyk oan it slachfjild oan 'e Little Bighorn. Sheridan socht nei ynsicht oangeande it ferrin fan 'e slach, mar tekene oan dat er datoangeande net folle oan 'e fierders behelpsume Heal Giel Gesicht hie, om't dy ûnder de slach net by it detasjemint fan Custer mar by dat fan Reno west hie. Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Krieën kaam Heal Giel Gesicht trije jier nei de slach, yn 1879, by in gefjocht oan 'e igge fan 'e rivier de Yellowstone om it libben, doe't er in groep Lakota-krigers efterfolge dy't hynders fan 'e Krieën stellen hiene. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 1885 wie Heal Giel Gesicht tsjin dy tiid yndie stoarn, wêrby't er in widdo mei de namme Kin-Net-Oerein en trije bern efterlitten hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |