Springe nei ynhâld

Playboy Playmate

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 okt 2020 om 10.00 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Raquel Pomplun, Playboy Playmate fan it Jier 2013.

In Playboy Playmate is in froulik neakenmodel dat in fotoreportaazje fan harsels meitsje lit en dêrmei yn it (ienris yn 'e moanne ferskinende) neakenblêd Playboy stiet as de Playmate fan 'e Moanne. De fotoreportaazjes fan Playmates fan 'e Moanne omfiemje in útklapbere centerfold-poster en in Playmate Data Sheet mei persoanlike bysûnderheden fan it model, lykas namme, berteplak en -datum, minsklik lichemsmaten, hobbys, ensfh. De oantsjutting playmate is Ingelsk en betsjut safolle as "boarterskammeraat"; nei't men oannimme mei is dat in bedutsen ferwizing nei it leafdesspul. Playmates fan 'e Moanne wurde faak oantsjut as Miss ("Juffer") folge troch de moanne dat se yn 'e Playboy stiene, dus bgl. Miss January.

Playmate fan it Jier en Jubileum-Playmate

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein it jier wurdt ien fan 'e tolve Playmates fan 'e Moanne útroppen ta Playmate fan it Jier. Op 't heden fertsjinje Playmates fan 'e Moanne dy't yn 'e oarspronklike, Amerikaanske haadedysje fan 'e Playboy steane, $25.000; Playmates fan it Jier krije $100.000 útbetelle, mei noch in auto en in motorfyts dêropta. Fierders wurde der faak Jubileum-Playmates (Anniversary Playmates) útkeazen om 'e lustrumjierren fan it bestean fan 'e Playboy te fieren.

Playmates fan it Jier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Victoria Silvstedt.
Brande Roderick.
Jayde Nicole.

Jubileum-Playmates

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanmelding en seleksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Playboy moediget potinsjele Playmates oan om foto's yn te stjoeren foar beoardieling. Ek trêden kinne foto's fan mooglike modellen ynstjoere en komme dan yn oanmerking foar in 'finerslean' as it oangeande model útkard wurdt as Playmate (en dermei ynstimd om as sadanich te fungearjen). Dêrnjonken wurde der yn grutte Amerikaanske stêden ek geregeldwei iepen audysjes foar mooglike Playmates holden. De fotografen fan 'e Playboy selektearje yn gearwurking mei Playboy-eigner Hugh Hefner de modellen dy't Playmate wurde. Faak wurde der ek fotoreportaazjes yn it blêd opnommen fan modellen dy't net de Playmate binne, mar dy krije in leger lean útbetelle. De Playmate fan it Jier wurdt persoanlik útornearre troch Hefner, wêrby't dy rekken hâldt mei in opinypeiling ûnder de lêzers.

Marilyn Monroe, dy't yn 'e earste útjefte fan 'e Playboy stie, wie de iennichste dy't de titel Sweetheart of the Month ("Skatsje fan 'e Moanne") droech. De earste Playmate wie Margie Harrison, dy't yn 'e twadde útjefte fan it blêd stie, fan jannewaris 1954. Yn 'e earste jierren ferskynden guon modellen mear as ien kear as Playmate fan 'e Moanne, wat no net mear foarkomt. Margie Harrison wie behalven yn jannewaris 1954 ek Playmate fan 'e Moanne yn juny 1954; Marilyn Waltz wie Playmate fan 'e Moanne yn febrewaris 1954 (ûnder de skûlnamme Margaret Scott), april 1954 en april 1955; Marguerite Empey yn maaie 1955 en febrewaris 1956; en Janet Pilgrim yn july en desimber 1955 en oktober 1956.

Yn it begjin fan 'e Playboy posearren Playmates fan 'e Moanne gauris neaken doe't se noch minderjierrich wiene, wat yn 'e measte Amerikaanske steaten no ferbean is en dêrom net mear foarkomt. Nancy Crawford (april 1959), Donna Michelle (desimber 1963), Patti Reynolds (septimber 1965), Linda Moon (oktober 1966) en Teddi Smith (july 1960), wiene allegear santjin jier doe't se Playmate wiene, wylst Ann Roberts (jannewaris 1958) sechstjin jier wie. Gina Goldberg (maaie 1981) liigde oer har âldens nei't se út Finlân nei de Feriene Steaten emigrearre wie en sei dat se 21 wie wylst se eins santjin jier wie. Yn bûtenlânske edysjes fan 'e Playboy wie it oant yn 'e 1990-er jierren hiel gewoan om minderjierrige modellen op te nimmen; sa stie de twilling Karin en Mirjam van Breeschooten yn juny 1988 mei santjin jier yn 'e Nederlânske edysje; nei't se mearderjierrich wurden wiene, waarden se yn septimber 1989 as Playmates fan 'e Moanne yn 'e Amerikaanske edysje opnommen.

Hoewol't de measte Playmates omtrint 22 jier âld binne, hawwe der guon west dy't âlder as tritich jier wiene. Dêrûnder wiene it bekende fetysjmodel Bettie Page (jannewaris 1955) en ek Kathy Shower (maaie 1985) en Tiffany Fallon (desimber 2004), dy't it allebeide ta Playmate fan it Jier brochten. De âldste Playmate wie Rebecca Anne Ramos (jannewaris 2003), dy't 35 jier wie doe't se yn 'e Playboy stie. De bekendste Fryske Playmate wie Anna-Marie Goddard (jannewaris 1994), út Ysbrechtum.

Hope Dworaczyk.
Jaclyn Swedberg.
Kennedy Summers.

Ferneamde Playmates

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.