Victoria Silvstedt
Karen Victoria Silvstedt (Skellefteå, 19 septimber 1974) is in Sweedsk model, neakenmodel, aktrise en sjongster. Hja wie de Playboy Playmate fan it Jier 1997.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan jongs ôf oan mocht sy graach skye en sy waard lid fan it Sweedske skyteam. Sy moast lykwols ophâlde nei in slimme skouderblessure.
Se die mei oan de Miss Sweden-ferkiezing en waard twadde nei Johanna Lind. It jier dêrnei fertsjintwurdige sy har lân by de Miss World-ferkiezing en wie sy ien fan de acht finalisten. Yn 1994 waard sy model yn Parys, mei opdrachten foar bedriuwen as Chanel, Christian Dior, Givenchy, Valentino en Giorgio Armani.
Silvstedt wol hawwe dat har favorite hobby sjongen is. Yn 2001 naam sy in album op mei de titel Girl on the Run, mei dêrop de single Hello Hey.
Sy spile mei yn Hollywood-films as Boat Trip, The Independent, BASEketball en Out Cold.
Silvstedt kin har rêde yn it Sweedsk, Ingelsk, Frânsk en Italjaansk.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Girl on the Run (1999)
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hello, Hey (1999)
- Rocksteady Love (1999)
- Party Line (1999)
- Saturday Night (2010)
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- BASEketball (1998)
- The Independant (1998)
- Melrose Place (TV-rige) (1999)
- Naken (2000)
- Ivans XTC (2000)
- She Said I Love You (2001)
- Cruel Game (2001)
- Out Cold (2001)
- Boat Trip (2002)
- Beach Movie (2003)
- Victoria Silvstedt : My Perfect Life (reality-rige) (2008)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Victoria Silvstedt Offisjele webside
- Victoria by Playboy.com
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Victoria Silvstedt fan Wikimedia Commons. |