Springe nei ynhâld

Ida Ljungqvist

Ut Wikipedy
Ida Ljungqvist
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ida Ljungqvist
nasjonaliteit Tanzaniaansk
Sweedsk
berne 27 septimber 1981
berteplak ? (Tanzania)
etnisiteit Tanzaniaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
gjint

Ida Lungqvist (yn Tanzania, 27 septimber 1981), is in Tanzaniaansk-Sweedsk neakenmodel dat yn maart 2008 yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Playboy stie. Hja wie de earste yn Afrika berne frou dy't ea útkeazen waard as Playboy Playmate fan 'e Moanne. Yn 2009 wie se Playmate fan it Jier.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljungqvist waard yn 1981 yn Tanzania berne as de dochter fan in Tanzaniaanske mem en in Sweedske heit. Fanwegen har heite wurk foar UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes, reizge Ljungqvist yn har jonkheid hiel wat ôf. Se sprekt se floeiend Ingelsk, Sweedsk en Swahily. Hja hat diploma's yn moade-ûntwerp en marketing, en se is fan doel om fierder te learen op it mêd fan ekonomy.

Yn 2007 waard Ljungqvist ûntdutsen troch Playmate fan it Jier 2007 Sara Jean Underwood, wylst se op 'e eksklusive winkelstrjitte Rodeo Drive, yn it Kalifornyske Beverly Hills, oant it winkeljen wie. Op oantrún fan Underwood stimde Ljungqvist deryn ta om in neaken te posearjen foar de oarspronklike, Amerikaanske edysje fan it neakenblêd Playboy. Har fotoreportaazje waard publisearre yn it maartnûmer fan 2008, en Ljungqvist waard dêrby as earste yn Afrika berne frou útroppen ta Playboy Playmate fan 'e Moanne. Neitiid waard sy fan 'e tolve Playmates fan 'e Moanne út 2008 útroppen ta Playmate fan it Jier 2009.

Ljungqvist is de earste Playmate fan it Jier dy't har titel publyklik opdroegen hat oan filantropysk wurk fia ferskate non-profitorganisaasjes en goeddiedichheidsynstellings. Dêrby hat se benammen gearwurke mei Empowerment Works, in tinktank dy't him taleit op wrâldwide duorsumens. Ljungqvist har oandiel bestiet derút om har bekendheid te brûken foar reklame en it ynsammeljen fan jild foar dy organisaasje.

Yn desimber 2007 troude Ljungqvist mei in Joshua R. Lang, mei wa't se doe al fjouwer jier gearwenne. Yn septimber 2008 rûn it houlik lykwols op 'e klippen, wêrnei't it pear yn in lange striid ferwikkele rekke oer de fâdij fan harren chihuahua. Yn maaie 2009 waard Ljungqvist oanklage troch in Katrina Kantner, dy't bewearde dat Ljungqvist $90.000 oannommen hie fan har eks-man Doug Kantner, yn in snuorje dat dyselde it ferhipte om syn alimintaasje fan $10.000 yn 'e moanne op te hoastjen. Kantner loek de rjochtsaak yn novimber fan datselde jier yn. Yn 2012 krige Ljungqvist in lesbyske relaasje mei in oare Playboy Playmate, Kristina Shannon, in eardere freondinne fan Playboy-eigner Hugh Hefner.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.