Vinea

Ut Wikipedy

Vinea is in reisorganisaasje foar jongereinfakânsjes foar bern fan 7 o/m 19 jier Nederlân. De feriening waard oprjochte yn Wytmarsum yn 1952, as ûnderdiel fan de Stifting Vinea Domini en hearde destiids by in foarmingssintrum. Destiids gie it om it organisearjen fan reizen foar katolike jongeren, nei ûnder oaren Noarwegen.

Vinea is de grutste jongereinreisorganisaasje fan de Benelúks. De Wettersport Ofdieling is al in tiid net mear it grutste ûnderdiel fan Vinea Fakânsjes, want dat binne de Binnenlân & Bûtenlân Fakânsjes fan Vinea.

Yn 1959 begûn Vinea mei de organisaasje fan sylfakânsjes foar Fryske jongelju. Fanwege it feit dat de organisaasje flink groeide, waard de organisaasje yn 1974 nei Aldegea (gemeente Wymbritseradiel) ferhuze. It haadkantoar sit sûnt 1999 yn Snits.

De wettersportôfdieling Vinea syl- en surfskoallen is de grutste ôfdieling fan Vinea. Har sylskoallen yn Fryslân binne:

Vinea organisearret neist sylfakânsjes ek ruter-, kreative, aktive, avontoerlike, bisten-, stand- en aksjefakânsjes yn Nederlân.

Bûten Nederlân organisearret Vinea ek fakânsjes yn Ingelân, Skotlân, Frankryk, Sweden, Spanje, Grikelân, Itaalje, Eastenryk en Malta

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]