Victoria (Austraalje)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dielsteat Victoria
Haadstêd Melbourne
Flagge Victoria
Wapen Victoria

Victoria is de lytste steat fan it Australyske fêstelân. It leit yn de súdeastlike hoeke faan it kontinint en hat in befolking fan hast 5 miljoen ynwenners. De grins mei Nij-Súd-Wales is de súdlike ouwer fan de rivier de Murray. Yn it westen grinzet it oan Súd-Austraalje en yn it suden oan de Yndyske Oseaan. De Strjitte Bass leit tusken Victoria en Tasmaanje. Victoria is krektas Queensland ferneamd nei keningin Victoria.

Victoria hat in oerflakte fan 227.416 km². Der binne grutte ferskillen yn klimaat, fan it matige fvochtige eastlike Gippsland oant de yn de winter meii snie bedutsen en hast 2000 meter hege Australyske Alpen yn it noardeasten en de hjitte healwoastyn fan it noardwesten, mei de wilige irrigaasjegebieten lâns de Murray.

De haadstêd Melbourne mei ûngefear 70% fan de befolking fan de dielsteat en lizzend oan de noardside fan Port Philipbaai hat de drokste kontenerhaven fan Austraalje. De stêd is it ekonomyske en kulturele sintrum fan de dielsteat. Yn dizze stêd stiet ek de Steatsbibleteek fan Victoria. Inkele oare plakken binne Ballarat, Beechworth, Bendigo, Echuca en Geelong.

De Mount Bogong is de heechste berch yn Victoria.

Utsicht fan de berch Feathertop yn de Australyske dielsteat Victoria

Yn Victoria waard yn de 19e ieu goud fûn by de Raspberry Creek. Dit goud wie fan tige hege kwaliteit. Lâns de beek waarden buorskippen stifte. It gat A1 Mine Settlement dankt syn namme oan dizze perioade.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: