The Invasion (film)

Ut Wikipedy
The Invasion
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Oliver Hirschbiegel
James McTeigue
produsint Joel Silver
senario David Kajganich
de Wachowski's
basearre op The Body Snatchers
   fan Jack Finney
kamerarezjy Rainer Klausmann
muzyk John Ottman
filmstudio Village Roadshow Pictures
Silver Pictures
Vertigo Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Nicole Kidman
Daniel Craig
byrollen Jackson Bond
Jeremy Northam
Jeffrey Wright
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 augustus 2007
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $39,8 miljoen

The Invasion is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2007 ûnder rezjy fan Oliver Hirschbiegel, mei yn 'e haadrollen Nicole Kidman en Daniel Craig. De titel betsjut "De Ynvaazje". De film waard basearre op 'e roman The Body Snatchers fan Jack Finney en wie de trêde remake fan 'e film Invasion of the Body Snatchers út 1956. It ferhaal folget psychiater Carol Bennell. Koart nei it delstoarten fan in romtefear sjocht hja lju om har hinne feroarjen yn emoasjeleaze wêzens, dy't inkeld beare dat se minsken binne. The Invasion krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't in romtefear fan 'e NASA ûnferwachts weromkeart yn 'e atmosfear fan 'e Ierde en delstoart, komme de brokstikken ferspraat del oer in brede streek dy't fan Teksas nei Washington, D.C. rint. Undersikers treffe op guon fan 'e restanten in skimmel-eftige bûtenierdske libbensfoarm oan, dy't alle skaaimerken hat fan in yntelligint organisme. It hâldt en draacht him as in firus, en as minsken mei it organisme ynfektearre reitsje, is it trochmeitsjen fan ien syklus fan REM-sliep genôch foar it organisme om 'e kontrôle oer it lichem fan 'e gasthear oer te nimmen. Dat docht it troch de genetyske koade fan 'e gasthear te werprogrammearjen.

Ien fan 'e earste persoanen yn 'e Feriene Steaten dy't besmet rekket, is dokter Tucker Kaufman, de direkteur fan 'e Centers for Disease Control and Prevention (CDC) (it Amerikaanske RIVM), dat derby roppen wurdt om ûndersyk te dwaan nei de skimmel op 'e brokstikken fan it romtefear. Kaufman, of better sein, it wêzen dat Kaufman behearsket, brûkt syn posysje om it firus fierder te fersprieden troch te bearen dat der in epidemy geande is fan in tige slimme gryp, dêr't in faksinaasjekampanje foar organisearre wurde moat. Wat de minsken net witte, is dat se gjin faksin tsjin in firus ynspuite krije, mar de spoaren fan 'e bûtenierdske skimmel.

Kaufman syn eks-frou, de psychiater Carol Bennell, begjint in aaklik mar dizenich gefoel te krijen dat der wat mis is as minsken om har hinne yn Washington, D.C. fan 'e iene op 'e oare dei fan persoanlikheid feroarje. Dat begjint as in pasjinte fan harres, Wendy Lenk, fertelt dat har man har man net mear is. Dy jûns, op in Halloweenfeest yn har buert, hâldt en draacht in freontsje fan har tsienjierrige soan Oliver him nuver: ôfhâldich en emoasjeleas. Oliver fynt yn 'e pûde snobbersguod, dy't er by de doarren lâns gearbiddele hat, in stikje biologysk weefsel dat earst oansjoen wurdt foar smink fan in Halloweenkostúm. Mar Carol stiet it net rjocht, om't it te echt liket, en freget har ôf oft it soms wat te krijen hawwe kin mei de grypepidemy dy't it lân yn 'e besnijing hâldt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Carol nimt it stikje weefsel dêrom mei nei har bêste freon, dokter Ben Driscoll, om it analysearje te litten yn dy syn laboratoarium. Dyselde deis dûkt Kaufman yn Washington, D.C. op en easket ynienen dat Oliver it wykein by him trochbringe sil. Dêr hat er neffens de omgongsregeling rjocht op, mar Carol fernuveret har oer dy feroaring yn syn hâlden en dragen, mei't er al jierren frijwol net nei de jonge omsjoen hat. Underweis om Oliver by syn heit te bringen, binne Carol en Oliver tsjûge fan in ferkearsûngemak wêrby't in panikerige jonge frou, dy't hieltyd mar ropt: "Se komme deroan!" deariden wurdt. Carol stapt út en besiket in tsjûgeferklearring te jaan, mar in emoasjeleaze plysjeman seit dat er har kentekennûmer al opskreaun hat en stjoert har fuort. In oerstjoere Carol set Oliver ôf by Kaufman, dy't syn yntrek nommen hat yn itselde hûs dêr't er ek wenne doe't Carol noch mei him troud wie. It stelt Carol gerêst dat Oliver dêre mei syn eardere buorjonge Gene boartsje kin.

Dy jûns giet Carol mei Ben Driscoll nei in diner dêr't Driscoll foar útnûge is troch freonen fan sines: de âldere Tsjechyske dokter Henryk Beliček en dy syn frou Ludmilla. Ek oanwêzich is de Russyske ambassadeur yn 'e Feriene Steaten, Jorisj Kagonavitsj. As it petear op it gewelddiedige aard fan 'e minske komt, seit de ambassadeur dat in wrâld sûnder geweld in wrâld sûnder minsken betsjutte soe, om't it brûken fan geweld no ienris de minske eigen is. Wannear't Driscoll Carol oan 'e ein fan in gesellige jûn thús ôfset, besiket er har te tútsjen, mar sy hâldt him tsjin en seit dat se harren freonskip net riskearje wol en dat se dêrom harren relaasje hâlde wol sa't dy is. Driscoll leit him sichtber teloarsteld mar sûnder iggewearjen by har beslút del. Koart nei't er fuortgien is, komt by Carol in man oan 'e doar dy't seit dat er in meiwurker fan it Amerikaanske Folkstellingsburo is. Carol fertrout de boel net, want hokker folkstellingswurker komt no jûns let noch by de minsken del, dat se lit him der net yn. Dêrop besiket er mei geweld by har binnen te kommen, wat se mar nauwerneed foarkomme kin.

De oare deis nimt Driscoll Carol mei nei syn wurk, dêr't in kollega fan sines, dokter Stephen Galeano, oan 'e hân fan it stikje weefsel dat Carol brocht hat, ûntdutsen hat hoe't spoaren fan 'e bûtenierdske skimmel it minsklik brein oernimme yn 'e REM-sliep. In alarmearjend tillefoantsje fan Ludmilla Beliček bringt harren trijeresom nei de filla fan it Tsjechyske troud pear. De Russyske ambassadeur Kagonavitsj is yn syn sliep siik rekke. It docht bliken dat de man oerdutsen is mei swit dat in fêste foarm oannommen hat. Carol, Driscoll en Galeano beseffe dat se tsjûge binne fan 'e transformaasje fan minske ta in oar wêzen dat inkeld gebrûk makket fan in minsklik lichem. As se besykje de ambassadeur wekker te meitsjen, slacht dy op gewelddiedige wize om him hinne, wêrnei't er dea delfalt. Blykber is it ûnderbrekken fan it transformaasjeproses foar de minsklike gasthear fataal.

Carol giet der op eigen manneboet op út om Oliver by Kaufman thús ôf te heljen, mar Oliver is dêr net en Kaufman wegeret har te fertellen wêr't de jonge dan wol is. Ynstee slute hy en ferskaten fan syn kollega's har yn. Carol besiket út te naaien, mar Kaufman grypt har, wurket har tsjin 'e grûn oan en koarret har yn it gesicht om har te ynfektearjen. Neitiid wit Carol te ûntkommen en keart se werom nei it hûs fan 'e Beličeks om har wer by Driscoll en Galeano te jaan. Wannear't Henryk Beliček hommels thúskomt mei in groepke frjemden by him, begripe Carol-en-dy dat ek hy himsels net mear is, en sette se mei stille trom fia de efterdoar ôf.

Op 'e strjitte geane se útinoar. Galeano bejout him nei it heechbefeilige oerheidslaboratoarium fan Fort Detrick yn Frederick (Marylân), dêr't er hopet in bydrage leverje te kinnen oan 'e ûntwikkeling fan in faksin tsjin 'e bûtenierdske skimmel. Carol en Driscoll prate mei him ôf dat se him dêr treffe sille, mar wolle earst wolle se Carol har soan Oliver ophelje. Underweis sjogge se hoe't Wendy Lenk troch 'feroare' plysjes út har auto skuord en ôffierd wurdt wylst se mar ropt: "Ik haw al sliept, ik haw al sliept." Carol freget har ôf oft guon minsken ymmún wêze kinne foar de bûtenierdske skimmel. Sy en Driscoll geane nei har kantoar om it dossier fan frou Lenk yn te sjen. Sa ûntdekke se dat dy as famke akute disseminearre ensefalomyelitis (ADEM) hân hat, in sykte dy't de struktuer fan 'e minsklike harsens oantaast. Se riddenearje dat dat de reden wêze moat dat de bûtenierdske spoare har ferstân net oernimme kin. Carol beseft dat dit betsjut dat Oliver, dy't as lyts jonkje deselde sykte hân hat, ek ymmún wêze moat. Dat makket it noch wichtiger om him te finen, sadat er troch firologen ûndersocht wurde kin om te begripen hoe't de bûtenierdske spoaren wurkje.

Driscoll kriget in tillefoantsje fan Galeano, dy't ûnderwilens Fort Detrick witten hat te berikken. Hy warskôget Driscoll en Carol dat se sjen moatte dat se út Washington, D.C. wei komme, om't de ynfektearre autoriteiten it hiele stedssintrum ôfsette, sabeare as karantênemaatregel. Yn 'e troch harren leech oantroffen plysje-auto fan in plysje dy't syn pistoal brûkt hat om selsmoard te dwaan, ride Carol en Driscoll dwers troch in ôfsetting hinne. Driscoll, dy't tsjin Carol seit dat der neat is dat er net foar har dwaan wol, bewiist dat er de wierheid sprekt troch yn in stil steechje, út it each fan harren efterfolgers, Carol mei bedroch útstappe te litten en dan hurd fuort te riden om 'e efterfolgers efter him oan en by har wei te lokjen.

Carol, dy't in tekstberjochtsje fan Oliver ûntfongen hat dat syn heit him by beppe Joan brocht hat, reizget mei de trein nei Baltimore, dêr't Kaufman syn mem wennet. Underweis wurdt se oansprutsen troch in feroare, emoasjeleaze Gene, har eardere buorjonkje, dy't har fertelt dat syn âldelju de transformaasje net oerlibbe hawwe en dat er no diel útmakket fan har famylje. Hy seit dat it no út wêze moat mei har wjerstân en dat se har deljaan moat om te sliepen en te transformearjen. Carol betinget dat se dat yn privacy dwaan mei yn it húske fan 'e trein. Gene stimt dêrmei yn en slút har dêr op. As er letter de doar iependocht, sjocht er hoe't Carol yn har ûnderguod foar de spegel stiet en stikken bestjurre swit fan har lichem hellet, in teken dat se yndie de transformaasje ûndergien hat. Wat er net wit, is dat se dat spul earder al oantroffen hie yn it jiskefet by de waskbak fan it húske, en dat se dus fan immen oars binne.

Yn Baltimore oankommen bejout Carol har mei Gene nei it appartemint fan har eardere skoanmem Joan. Troch har ôfhâldich te hâlden en dragen en gjin emoasjes te toanen, wit se net inkeld Gene, mar ek Joan en Kaufman sels te bedragen. Op 'e eftergrûn ferhellet in nijsstjoerder op 'e oan steande tillefyzje dat der op it Koreaanske Skiereilân en yn it Midden-Easten frede sletten is en dat oarloch tenei wat út it ferline wêze sil. Carol fynt Oliver werom, dy't nei twa kear sliept te hawwen noch altyd is wa't er altyd wie, wat syn ymmuniteit bewiist. Se ûntflechtet mei him it gebou, mar se wurde efterfolge troch Kaufman. As se har ferskûlje yn 'e kelder fan in willekeurich gebou dy't se binnenkomme koene fia in stikken keldersrút, fynt Kaufman harren dêr werom. Der ûntstiet in wrakseling tusken Kaufman en Carol, en as Oliver syn mem te help komt, sil Kaufman de jonge te liif. Dêrop slacht Carol him de harsens yn mei in klauhammer.

Neitiid sykje Carol en Oliver beskûl yn in plondere supermerk, dêr't Carol harsels bewapenet mei it pistoal fan in befeiligingsman dy't yn in efterkeamer de transformaasje ûndergiet. Yn 'e drogisterij fan 'e winkel nimt se pillen by 't hanfol yn om wekker te bliuwen. Se skillet mei Driscoll, dy't ûnderweis is om harren op te pikken. Wylst se wachtsje, falt Carol dochs yn 'e sliep, mar Oliver wit har krekt op 'e tiid wekker te krijen. Wannear't lang om let Driscoll arrivearret, docht bliken dat de bûtenierdsen him ûnderwilens ek te pakken krigen hawwe en dat er transformearre is. Hy besiket har oer te heljen om har ferset op te jaan troch te fertellen oer de nije maatskippij sûnder oarloch, geweld, moard en ferkrêfting. Mar as se him freget wat der yn dy nije maatskippij fan Oliver wurde sil, jout er ta dat der foar minsken dy't ymmún binne gjin besteansrjocht mear is. Hy hellet de doar fan 'e efterkeamer fan 'e supermerk fan 'e skoattel, sadat de befeiligingsman en ferskate oare lju dy't krekt transformearre binne, deryn komme kinne, mar Carol sjit harren dea. As er freget oft se him ek deasjitte sil, sjit se him yn 'e skonk, sadat er har net efterneikomme kin. Dêrnei naait se wer út mei Oliver, diskear yn Driscoll syn auto.

Nei in wylde efterfolging witte se in flatgebou mei in helikopterplatfoarm op it dak te berikken. Dêr wurde Carol en Oliver krekt op 'e tiid foar't se yn 'e hannen falle kinne fan harren efterfolgers, oppikt troch Galeano en in ienheid militêren yn in helikopter. Se fleane nei Fort Detrick, dêr't de ymmuniteit fan Oliver brûkt wurdt foar de ûntwikkeling fan in faksin, dat dêrnei út 'e loft wei útsproeid wurdt oer alle ynfeksjeboarnen yn 'e wrâld. It docht bliken dat de bûtenierdske skimmel frijwol gjin selsferdigeningskapasiteiten hat. Sadwaande is it bûtenierdske firus in jier letter hast hielendal útrûge. Minsken dy't ynfektearre rekke wiene, wurde harsels wer, mar hawwe gjin oantinkens oan 'e tiid dat se ynfektearre wiene. It libben giet syn gewoane gong wer en de minske keart werom nei syn gewelddiedige hâlden en dragen: yn Koreä en it Midden-Easten is it as hat der nea frede west. Wat Carol har priveelibben oangiet, binne der wol duorjende feroarings. Se beseft hoe dom oft it fan har wie om 'e avânses fan Driscoll ôf te wizen, dat sy en hy hawwe no in romantyske relaasje krigen. En se hawwe twa soannen: Oliver en Gene.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nicole Kidman.
Daniel Craig.
haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
dokter Carol Bennell Nicole Kidman
dokter Ben Driscoll Daniel Craig


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Oliver Kaufman Jackson Bond
dokter Tucker Kaufman Jeremy Northam
dokter Stephen Galeano Jeffrey Wright
Gene Eric Benjamin
Wendy Lenk Veronica Cartwright
dokter Henryk Beliček Josef Sommer
Ludmilla Beliček Celia Weston
ambassadeur Jorisj Kagonavitsj Roger Rees
Pam Susan Floyd
Carly Stephanie Berry
Jill Alexis Raben
Richard Lenk Adam LeFevre
Joan Kaufman Joanna Merlin
Autumn Malin Åkerman
metroplysje Jeff Wincott

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preproduksje fan The Invasion begûn yn 2004, doe't finansier Warner Bros. senarist David Kajganich yn 'e earm naam om in skript te skriuwen nei de roman The Body Snatchers fan Jack Finney út 1955. It soe in remake wurde fan 'e film Invasion of the Body Snatchers út 1956, en in fjirde ferfilming fan 'e roman fan Finney nei de remakes Invasion of the Body Snatchers út 1978 en Body Snatchers út 1993. Kajganich paste it ferhaal op ferskate punten yn sterke mjitte oan om it yn 'e moderne tiid pleatse te kinnen. Der wiene genôch ferskillen mei de oarspronklike roman dat Warner Bros. de film as in orizjineel ferhaal presintearre.

The Invasion waard regissearre troch Oliver Hirschbiegel. As produsint wie Joel Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures, Silver Pictures en Vertigo Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $80 miljoen, wêrfan't krapoan in fyfdepart, $17 miljoen, opgie oan it salaris fan haadrolspylster Nicole Kidman. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rainer Klausmann, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Ottman.

It metrostasjon Cleveland Park, yn Washington, D.C. wie ien fan 'e filmlokaasjes foar The Invasion.

Titel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titel fan 'e film hie earst Invasion of the Body Snatchers wêze sillen, mar doe't Warner Bros. it as in orizjinele produksje presintearre, waard dat ferkoarte ta The Invasion. Doe't it tillefyzjenetwurk ABC begûn mei de útstjoering fan in tillefyzjesearje dy't Invasion hiet, waard besletten de film om te neamen ta The Visiting, om betizing foar te kommen. Doe't de searje fan ABC stopset waard foar't de film yn premiêre gie, waard de titel wer weromferoare ta The Invasion.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar The Invasion setten op 26 septimber 2005 útein en duorren oant en mei 10 novimber fan dat jier. Der waard filme op lokaasje yn Baltimore en Washington, D.C. Opnamelokaasjes wiene û.o. it metrostasjon Cleveland Park en de histoaryske rotonde en buert Dupont Circle. Der hoegden amper special effects oan 'e film tafoege te wurden.

Warner Bros. wie lykwols ûntefreden oer it wurk fan regisseur Oliver Hirschbiegel en hierde de bruorren Wachowski yn om it senario te werskriuwen mei mear aksje en in draai oan 'e ein fan 'e film. Dêrnei waard James McTeigue betelle om reshoots ter wearde fan $10 miljoen te regissearjen. Noch de Wachowski's, noch McTeigue krigen foar harren wurk oan The Invasion in fermelding op 'e ôftiteling. Nei trettjin moannen dat it wurk oan 'e film stillein hie, fûnen de reshoots yn jannewaris 2007 oer in perioade fan santjin dagen plak. By de reshoots rekke haadrolspylster Nicole Kidman behelle yn in ûngemak by in stunt mei de (sleepte) auto dêr't se yn siet. Hja moast nei it sikehûs, dêr't fêststeld waard dat se ferskate ribben brutsen hie. Nettsjinsteande dat koe se binnen inkele dagen de reshoots ôfmeitsje.

Dupont Circle yn Washington, D.C. wie ien fan 'e filmlokaasjes foar The Invasion.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Invasion waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 17 augustus 2007 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Invasion oer it algemien negative resinsjes. Sa neamde Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times it "de fjirde, en de minste, fan 'e film dy't makke binne op basis fan 'e klassike science fiction-roman fan Jack Finney." Neffens Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly wie The Invasion "in sielleas op 'e nij oereidzjen". Hy konkludearre: "De film is net ferskriklik; hy is gewoan fan lege kwaliteit en ferminderjende wearde". Yn The Wall Street Journal skreau Joanne Kauman: "Mei alle sjitpartijen, it gegil, de efterfolgings, botsings en fjoerballen bliuwt der net folle tiid oer om it ferhaal te fertellen."

Yn The New York Times skreau Manohla Dargis: "De jongste en flauste ferzje fan Invasion of the Body Snatchers hie by fersin in oerdreaun teätrale klassiker wurde kinnen as de politike tinkbylden fan 'e film net sa ôfwearzich west hiene en as de film syn eigen knoffeligens net besocht hie te ferskûljen efter in wale fan gewichtichdoggerij." Paul Arendt fan 'e BBC skreau: "Nei't der yn 'e earste helte effektyf in grizelige sfear skepen is, ferwurdt de film úteinlings ta in betize soadsje, wêrby't Nicole Kidman en Daniel Craig sombys ûntwike wylst se amfetaminen frette om wekker te bliuwen. Wy witte hoe't sy har fiele."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Invasion in tige leech goedkarringspersintaazje fan 20%, basearre op 164 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is knaphandich makke, mar moat it dwaan sûnder psychologysk ynsjoch of spanning." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Invasion in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 31 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Invasion brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $15,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $24,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $39,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in ferlies fan $40,2 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.