Wierheid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Wierheid is in fûneminteel begryp dat min ofte mear synonym is mei echtheid, jildichheid, justheid. As immen mei opsetsin ûnwierheid sprekt liicht hy.

Wat wierheid krekt betsjut is ûnderwerp fan diskusje, en dat hat grif net altiten sa west. Ieuwenâlde útspraken as Wat is wierheid?! (taskreaun oan Pontius Pilatus) tsjûgje dêr al fan. Dat komt omdat de wierheid fan in útspraak allinnich fêststeld wurde kin troch dy te toetsen oan de feiten, dy't llykwols net altiten bekend binne.

Wierheden kinne in beperkte jildichheid hawwe, ôfhinklik fan it referinsjekader: de útspraak '1 en 1 is 2' is jildich foar getallen út it desimale stelsel, mar net foar binêre getallen. Op deselde manier kin in wierheid persoansôfhinklik wêze: de útspraak 'fisk is lekker' jildt foar de ien al, foar de oar net. De útspraak: 'persoan A mei graach fisk' hâldt dêr rekken mei.

It tsjinstelde fan relativisme by it begryp wierheid, binne positivistyske opfettings wêrmei't der bygelyks nei in "oerkoepeljende wierheid" stribbe wurde kin om foar it each tsjinstridige wierheden (of aksioma's) op in heger niveo mei elkoar te fersoenen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: