Jiskefet (telefyzjeprogramma)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jiskefet)

Jiskefet wie in satiryske, absurdistyske searje útstjoerd troch de VPRO fan 1990 oant 2005. De Fryske beneaming "jiskefet" is betocht troch de Fryske regisseur fan it earste begin, Pieter Verhoeff (1938-2019). De searje is makke troch Kees Prins, Michiel Romeyn en Herman Koch. It program wie min ofte mear in fuortsetting fan it radioprogram Borát, ek fan de VPRO mei in soad sketsjes en ymprovisaasjes, mei ûnder oaren Marjan Luif. Sy wie dêrnei ek meibetinker fan Jiskefet, mar meidat it net sa bûtere tusken har en de mannen, hie se it al gau besjoen.

Op 18 novimber 2005 waard bekend makke dat Jiskefet der nei 15 jier mei ophâlde soe. Wol al wurde ynsidintele comebacks net útsluten: sa joegen de hearen op 8 desimber 2008 in foarstelling op ûnder it Comedy Ball in de Amsterdamske Melkweg. Fierder kamen de manlju foar seis jûns op yn april 2010 yn de Heiniken Music Hall mei harren 'Heb je nog geneukt'-tour mei gastrollen fan Loes Haverkort en Anniek Pheifer. Yn april 2011 kamen se werom nei de Heiniken Music Hall mei 'Goeiesmorgens - De Musical', stype troch gastaktrises Loes Haverkort en Marie Prins.

De measte seizoenen fan de searje bestien út losse sketskes. Ek bin der wol gauris searjes makke mei op jinsels steande ûnderwerpen.