Sajenne
Ut Wikipedy
De Sajenne is in Yndiaansk folk yn it noarden fan de Feriene Steaten, en makket diel út fan de Algonkin-taalfamylje. It folk is gearstald út twa besibbe folken, de So'taa'é of Sutai, en de Tsitsistas. Wat taal en kultuer oanbelanget binne sy ek ticht besibbe oan de Inuna Ina (Arapaho); ek hawwe sy kulturele oerienkomsten mei de Lakotas.
De Sajenne wennen yn it earstoan yn it noarden fan de tsjintwurdige steat Minnesota, letter om-ende-by 1800 migrearden sy nei de hege flakten en kamen terjochte yn in gebiet tusken de rivieren de Missoury, yn it noarden, en de Arkansas yn it suden. Yn de rin fan de 19e ieu rekken de Sajenne split twa kloften: de Noardlike Sajenne (Ohmesehese) en de Súdlike Sajenne (Heevahetane).
De blanken hienen destiids in soad te stellen mei de Sajennen op harren Trek nei it Westen. Oer en wer waard in soad moarde. Raar ferneamd is de moarderij dy't it leger útfierde op in Yndianedoarp troch in legerôfdieling yn 1864 de saneamde Sânkreek-moarderij. De Sajenne libje tsjintwurdich yn reservaten yn Montana en Oklahama.