Risimer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Risimers monogram waard slein op 'e kearside fan in munt fan Libius Severus. Libius wie ien fan de marjonetten dy't Risimer ta keizer makke.

Risimer († 18 augustus 472) wie magister militum (oerbefelhawwer) yn Itaalje fan 456 oant 472. Om't er it leger behearske wie er in skoft de machtichste man yn it Westlike ryk. Sels koe er, as Germaan, net keizer wurde mar hy sette de iene nei de oare marjonet op 'e troan.

Generaal[bewurkje seksje | edit source]

Risimer wie fan mingd Suëbyske-Fisigoatyske komôf. Hy wie in soan fan in Suëbyske foarst, en fan syn memmekant in pakesizzer fan de Fisigoatyske kening Wallia. Yn it Romeinske leger dat healwei de 5e ieu hieltyd mear steunde op de Germaanske foederaty makke hy stadich opgong. Likernôch 455 wie hy ta generaal opklommen fan it leger yn Itaalje.


 
 
 
 
 
 
 
Wallia
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Rekila
 
mem
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Rekjar
 
Risimer
 
suster
 
Gundiok
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Gundobad
 
 
 
 
 
 
 
 
 

(famylje relaasje)


Machtsgreep[bewurkje seksje | edit source]

Nei de dea fan keizer Falentinianus yn 455 wienen der meardere gadingmakkers foar de troan. Keizer Maksimus koe mar koart regeare en waard datselde jier noch opfolge troch keizer Avitus. As generaal wegere Risimer mei Avitus gear te wurkjen en kaam iepentlik tsjin him yn opstân. Tegearre mei Majorianus, in oare generaal út Itaalje, koe er Avitus twinge de haadstêd yn jannewaris 456 te ferlitten.

Yn 456 fersloech Risimer de Fandaalske float by Korsika. Dat foarfal die syn stjer hurd rizen. Hy koe keizer Avitus ferneatigje by Piacenza doe't dy syn macht yn Itaalje werom winne woe en stipe Marjorianus yn dy syn stribjen de nije keizer fan Rome te wurden. Fanwegen syn komôf kaam hy hjir sels net foar yn oanmerking; in Germaan yn it poarper soe nea troch de Romeinen akseptearre wurde. Mar hy behâlde wol syn ynfloed en bleau as in soart ko-regint oan de macht.

Marjorianus wie in krêftige keizer, dy 't him ta doel stelde it Romeinske gesach yn Galje en Spanje werom te bringen, dêr't dat nei keizer Valentinianus likernôch ferdwûn wie. Yn 460 liet er lykwols in skandlik ferlies tsjin de Fandalen yn Spanje en ferlear dêrby ek in grut part fan syn leger. Fanwege dit foarfal koe Risimer de macht nei him ta lûke. Doe't Majorianus werom kaam liet Risimer him gefangen sette en op 7 augustus 461 fermoardzje.

Konsolidaasje fan de macht[bewurkje seksje | edit source]

Risimer ferfong Majorianus troch Libius Severus dy't inkeld as strieman fungearre. De macht fan Risimer wie lykwols net ûnomstreden, want de Eastromeinske keizer wegere Libius Severus te erkennen. Dat wie ek sa foar Aegidius, in generaal fan it Romeinske leger yn Galje. Dy Aegidius woe mei syn leger oplûke tsjin Risimer, mar kaam safier net. Risimer koe de Fisigoatyske- en Boergondyske foederaty yn Galje oan him bine, wêrtroch't Aegidius ferhindere waard Itaalje te berikken. In ruil foar dizze stipe stie Risimer oan de Fisigoaten de stêd Narbonne en omkriten ôf, dy't sa in ferbining krigen mei de Middellânske See en joech er de stad Lyon oan de Boergonden, dy't dizze stêd ta harren nije haadstêd makken. Mei it folk fan de Boergonden hie Risimer in hechte bân; sa wie er troud mei de suster fan Gundiok, de kening fan de Boergonden. Op dizze wize koe Risimer syn macht konsolidearje. Libius Severus bleau syn marjonet oant 465, doe't Risimer him deameitsje liet (mooglik troch fergiftiging). Tenei regearde er sels, sûnder keizer.

Lêste jierren[bewurkje seksje | edit source]

Yn 467 spanden Leo I fan Byzantium en Paus Hilarius lykwols gear om Anthemius op 'e troan te setten. Te'n earsten kaam Risimer mei Anthemius ta in fergelyk en troude Anthemius syn dochter. Hy woe lykwols neat te krijen hawwe mei de plannen fan Anthemius en Leo om de Fandalen moares te learen. Nei it falen fan dit avontuer kearde hy him tsjin Anthemius en liet him deameitsje. Hy sette doe in nije strieman op 'e troan, Olybrius, mar net lang dernei, yn 472, is er ferstoarn. Syn neef Gundobad folge him op as magister militum yn Itaalje.

Referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

  • F. Meijer - Keizers sterven niet in bed. Van Caesar (44 v. Chr.) tot Romulus Augustus (476 n. Chr.), Amsterdam, 2001, side 153, 155-160.
  • F. Lot - De Germaansche invasies. De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld, De Haach, 1939, side 126-127.