Rekila

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Animaasje dêr't Rechila's oermastering fan Spanje op te sjen binne (438–48).

Rekila (Spaansk: Requila) (? - 448), wie kening fan de Sueven. Hy hearske fan 438 oant syn dea oer de Sueven yn Gallaecia, de noardwestlike hoeke fan it Ibearysk Skiereilân.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Oer Rekila wurdt yn in oantal primêre boarnen ferhelle, û.a. Hydatius docht ferslach fan him. Hy is in soan fan de Suebyske kening Hermerik. Lykwols is fan syn jeugd en jonge jierren neat bekend en taaste wy yn it tsjuster oer syn bertedatum en plak. Nei alle gedachten waard hy nei 409 berne yn Gallaecia, it gebiet dat de Sueven fan de Romeinen tawiisd krigen hiene neidat sy yn Spanje arrivearren. Hy wie boaske mei in fierders ûnbekende dochter fan kening Wallia fan de Fisigoaten en wie heit fan twa soannen en ien dochter, dêr't allinnich de nammen fan de soannen oan ús oerlevere binne, te witten: Rekjar en Risimer.

As kening Hermerik yn 438 slim siik wurdt, nimt Rekila alle bestjoerstaken fan syn heit oer en regearet hy yn syn namme oant 441. As dat jier syn heit stjert wurdt Rekila nije kening fan de Sueven. Under syn bewâld wurdt it gebiet fan de Sueven fierder nei it suden ta útwreide. Hy besiket it fakuüm op te foljen dat de Fandalen en Alanen efter litten hiene nei harren oertocht nei Noard-Afrika.

Rekila fiert in kriichshaftige polityk foar de Romeinske machthawwers yn Spanje oer. Hy slút in ferbûn mei de Bagauden, banditen dy't troch him brûkt wurde as hierlingen, en late ferskillende fjildtochten tsjin de Romeinen û.m. yn "Hispania Lusitania" (Andalûsje) en "Hispania Baetica". Yn 438 ferslacht er in folslein Romeinsk leger oan de rivier Jenil (Singillio), dat ûnder lieding fan comes Andevotus op him ôfstjoerd wie. Dêrnei oermasteret hy de provinsje haadstêden Mérida fan Lusitania (439) en Sevilla fan Baetica (441). Alle Romeinske generaals dy't op him ôfstjoerd wurde rekkennet hy mei ôf, Andevotus, Censorius en Vitus wurde allegear troch him ferslein.

Op de ein fan syn koarte, mar fûleindige bewâld behearsket hy sawat hiel Andalûsje en Baetika en parten fan "Hispania Tarraconensis". Rekila stoar yn Mérida, neffens syn tiidgenoat Hydatius stoar er as heiden. Hy waard opfolge troch syn âldste soan Rekjar. Syn oare soan Risimer soe opgong meitsje as heechste befelhawwer yn it West-Romeinske leger. In dochter troude mei Gundiok, kening fan de Boergonden.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Ferdinand Lot, De Germaansche invasies, De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld, De Haach 1939, side 102.