Gundiok

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Gondiok, ek wol Gundowech, Gunderik of Candiaco (456 - 473) wie kening fan de Boergonden. Under Gondiok, dy't teffens generaal wie yn it Romeinske leger, waard de grûnslach lein foar it Boergondyske Ryk.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

De komôf fan Gondiok is net wis. Neffens de Frankyske biskop Gregorius fan Toers soe er ôfstamje fan de Fisigoatyske kening Atanarik († 381), mar der binne mear redenen om oan te nimmen dat hy in soan of famyljelid fan kening Gundahar wie.

In grut part fan syn libben stie yn it teken fan striid. As koning Gundahar yn 436 sneuvelet en neffens de annalen it folk sawat útroege waard, komt Gundiok nei foaren as nije oanfierder fan de Boergonden dy't as Romeinsk generaal diverse militêre tsjinsten ferrjochte. Hy stiftet in keninkryk as om 455 hinne it Romeinsk bewâld yn Galje ynstoart, dêr't hy in strikte skieding yn trochfierd tusken de oarspronklike befolking en de eigentlike Boergonden dy't in militêre kaste foarmje.

Gundiok wie troud mei in suster fan Risimer, oerbefelhawwer fan it Romeinske leger yn Itaalje. Hy hie fjouwer soannen, Gundobad, Godigisel, Gilperik II en Gundomar. Doe't nei syn dea yn 473 it keninkryk ûnder syn soannen ferdield waard, bruts der in boargerkriich út.

It ûntstean fan de Boergondyske steat[bewurkje seksje | edit source]

Utwreiding fan Boergonje 443-473

Under it bewâld fan Gundiok krijt it Boergondyske Ryk stadichoan stalte. It folk - dat nei de ferneatigjende nederlaach by Worms yn 436, dêr't kening Gundohar by sneuvele en syn hiele famylje útroegje waard - waard op 'e nij ûnderhearrich makke oan de Romeinen. De Romeinske oerbefelhawwer magistier militum Aetius stelt yn 443 Sapaudje (Savoye) ta beskikking oan de Boergonden om te wenjen. Under syn lieding fjochtsje Gundiok en de Boergonden earst noch oan de side fan Romeinen, û.o. yn de Slach op de Katalaunyske fjilden, mar as nei Aetius syn dea de Romeinske macht hurd tebek rint, hâldt Gundiok him hieltyd ûnôfhinkliker.

Gundiok focht as oanfierder fan de Boergondyske foederaty mei yn it Romeinske leger, mar doe nei de dea fan Aetius de Romeinske macht tebek rûn kaam er yn 456 yn opstân. Hy liet him ta kening beneame en besocht syn grûngebiet út te wreidzjen. Under leiding fan de enerzjyke Romeinske keizer Majorianus waard yn 458 de ekspansy fan de Boergonden betwongen en kearden sy werom binnen de earder tawezen grinzen. Mar doe't de keizer ferstoar begûn Gondiok op 'e nij mei syn opmars. Diskear oermastere hy Lyon op de Romeinen en makke it ta haadstêd (461).

Gondiok wie troud mei de suster fan Risimer, de oerbevelhawwer fan it Romeinske leger en nei de fal fan keizer Avitus de machtigste persoan yn it westen. Risimer ûntnaam Aegidius it befelskip oer it Romeinse leger yn Galje en stelde Gondiok dêrfoar yn plak. Aegidius kaam yn opstân mar Gundiok snie him it paad ôf nei Italië.

Under Gondiok fierden de Boergonden oanhâldend kriich, benammen tsjin Franken, Allemannen en mei Aegidius. Hy wreide syn grûngebiet fierder út nei it noarden en noardwesten, oant foarby Langres en de omjouwing fan Solothurn yn 469. Syn âlde soan Gundobad dy't yn it Romeinske leger tsjinne, folge yn 472 Risimer op as oerbefelhawwer fan it Romeinske leger. Doe't Gondiok yn 473 kaam te ferstjerren waard syn keninkryk nei Germaansk gebrûk ferparte ûnder syn trije oare soanen: Godigisel, Gilperik II en Gundomar.

boarne[bewurkje seksje | edit source]