Gundohar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Gundohar (? - 436) wie tusken 407 en 436 kening fan de Boergonden, in Germaansk folk. Syn namme wurdt ek wol oantsjutten mei Gundahar, Gundahari, Gundacar.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Gundohar wie de soan fan Gebikka en folge syn heit yn 407 op as kening. Dat jier hienen de Boergonden, doe't ferskate Germaanske folken oer de Ryn–grins hinne gongen de side keazen fan de Britse usurpator Konstantyn III ynstee fan de offisjele keizer Honorius. Doe't Konstantyn III yn 411 ferslein waard by Arles, joech Gundohar yn it earstoan syn stipe oan in nije usurpator Jovinus. Mar doe't dizze lykwols wer ferslein waard yn 413, ûnderwurp hy him oan keizer Honorius. Mei dizze keizer sleat hy in foederaty-ferdraach dy't syn folk oan de Romeinen ferbûn. Sy waarden belêste mei de ferdigening fan de Limes fan de Alpen oant Metz en mochten harren foar fêst festigje oan de bopperin fan de Ryn yn de Romeinske provinsje Boppe-Germaanje. Gundobar hie in grutte foarm fan autonomy. Tichtby Worms stifte hy in keninkryk doe't de Romeinske macht minder waard.

Yn 435 luts Gundohar him neat mear oan fan de Romeinen en sei it feoderaty-ferdrach op. Tige bretaal besette hy it oangrinzjende Romeinske gebiet. Dochs wie hy net klear op de fûle reaksje fan it Romeinske oerbefel. De Romeinen stjoerden in strafekspedysje nei de Boergonden, foaral besteande út Hunnen. Yn de slach dy't doe folge sneuvele kening Gundohar yn de omkriten fan Worms. It grutste part fan Gundohars folk en syn hiele famylje waard útmoarde.

Siegfriedleginde[bewurkje seksje | edit source]

Ferskate ferhalen binne oer Gundohar ferskynd yn Latynske, Ald-Noarske, Germaanske en Ald-Ingelske teksten. De bekendste ferhalen dêr't Gunther yn foarkomt binne it Nibelungenliet en de Thidrekssaga. Hjiryn stean syn relaasje mei de held Siegfried sintraal en syn úteinlike dea oan it hof fan Attila de Hun. Benammen it ferhaal dat Gundohar troch Flavius Aetius of Attila de Hun ferieden wurde soe, wie in populêr ûnderwerp yn de midsieuwen.