Aegidius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Aegidius ( † 464) wie in Romeinske generaal, dy't yn it midden fan de 5e ieu it oerbleaune Romeinske gebiet fan Galje yn syn macht krige. Hy stifte yn de Gallyske provinsje Gallia Lugdunensis in selstannich Gallo-Romeinske Ryk, dat oant 486 bestean bliuwe soe.

Legerlieder yn Galje[bewurkje seksje | edit source]

Aegidius makke opgong as legerlieder fan Galje ûnder keizer Majorianus. Yn dy tyd makke it West-Romeinske Ryk in periode fan swierrichheden troch as gefolch fan de moard op Flavius Aetius. Ferskate Germaanske folken besochten doe harren macht yn Galje te fergrutsjen. It antwurd fan de Romeinen hjirop wie in fjildtocht yn de simmer fan 457, ûnder lieding fan Aegidius. Aegidius waard nei de Ryn ta stjoerd tsjin de Ripuaryske Franken. Dizze waarden tebek slein, wêrby't Keulen ûntromme wurde moast.

Yn opdracht fan Majorianus werovere Aegidius Lyon dat krekt dêrfoar troch de Boergonden beset wie. En hy ferdigene mei súkses Arles, de haadpleats fan de Gallyske Prefektuer, tsjin de Fisigoaten. Nettsjinsteande dizze súksessen sleat de keizer nije ferdragen mei de opstannelingen, hy joech de Boergonden in grutter fêstigingsgebiet.

Gallo-Romeinske Ryk[bewurkje seksje | edit source]

Yn augustus 461 waard keizer Majorianus troch Risimer, syn opponint yn it leger te fal brocht. Risimer beneamde Libius Severus ta opfolger, mar hâlde sels de feitlike macht. Aegidius wegere hjiroan mei te wurkjen en woe krektas it East-Romeinske ryk, de nije keizer net erkenne. Aegidius slagge der lykwols net yn om Risimer te ferslaan. Dizze waard stipe troch de Boergondyske foederaty ûnder lieding fan kening Gundiok, wêrtroch't Aegidius it paad nei Itaalje ôfsnien wurde koe.

Aegidius kaam hieltyd mear yn moeilikheden doe't de Fisigoaten yn opdracht fan Risimer ek tsjin him oplutsen. Hy waard twongen him werom te lûken nei it gebiet om Parys hinne. Dêr, yn Gallia Lugdunensis, it Gallyske gebiet noardlik fan de Loire en súdlik fan de Somme, stifte hy in selsstannich Gallo-Romeinse ryk mei Soissons as haadstêd. Yn 463 krige Aegidius help fan de Frankyske foederaty ûnder oanfiering fan Childerik. Mei help fan dizze bûnsmaten slagge hy deryn om de Fisigoaten te ferslaan yn de Orléans, wêrtroch hy syn machtsbasis yn Galje fergrutsje koe.

Yn 464 waard Aegidius fermoarde, fermoedlik troch fergiftiging. Hy waard earst opfolge troch Paulus en nei dizze soe syn soan Syagrius hearskje. Hy ferlear it selstannige Romeinske gebiet yn 486 oan de Franken ûnder Klovis.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Literatuer
  • Justine Davis Randers-Pehrson, Barbarians and Romans
  • Edward James, De Franken, Baarn, 1988, side 73-79.
Boarnen