Majorianus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Julius Valerius Maiorianus (ca 420-422 - 7 augustus 461), ek wol bekend as Maiorianus of Majorianus, wie keizer fan it West-Romeinske Ryk fan 28 desimber 457 ôf oant 2 augustus 461. Hy hearske ynearsten allinnich oer Itaalje en slagge deryn ûnder syn regear it Romeinske gesach werom te bringen yn dielen fan Galje en Spanje.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Munt fan Maiorianus

Maiorianus hie foardat hy keizer waard opgong makke yn it Romeinske leger as generaal. Hy hie him dêrby ûnderskieden mei oerwinnings op de Franken en de Allemannen, lykas yn de slach by Atrecht (448).

Nei de dea fan Valentinianus III besocht hy, lykwols sûnder súkses keizer te wurden, syn poging nei de dea fan syn foargonger Petronius Maksimus keizer te wurden mislearre: it poarper gong nei Avitus.

Yn 456 sette hy mei help fan de Germaanske generaal Risimer (die't efter de skermen in protte feitlike macht hie) Avitus ôf as keizer, nei dizze keizer ferslein te hawwen by Piacenza. Seis moannen letter op 28 desimber waard Maiorianus sels. It eastlike part fan it Ryk woe him lykwols net erkenne.

Majorianus fersloech yn 458 de Fandalen by Kampanje, en yn 460 de Fisigoaten. Mar syn folgjende fjildtocht tsjin de Fandalen rûn út op in grut fiasko. Hy hie in grutte float byinoar samle foar Kartagena, dat troch in slûchslimme trúk fan de Fandalenkening Geiserik sawat hielendal ferneatige waard.

Nei dizze nederlaach sakke de reputaasje fan Majorianus by it leger hurd. By it Romeinske folk bleau hy lykwols populêr, benammen fanwege in oantal wetten dy't hy makke hie, lykas in wet dy machtsmisbrûk tsjin gong fan hege amtners. Al mei al wie it allegear net nei it sin fan Risimer, dy't it leger tsjin him opsette. Nei in ôpstan yn Lombardije waard Majorianus troch Risimer twongen op 2 augustus 461 ôf te treden. Fiif dagen letter waard hy fermoarde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]