Pasadena (Kalifornje)
Pasadena | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 137.122 (2010) | |
Oerflak | 59,9 km² (ynkl. wetter) 59,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.289,2 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 263 m | |
Oar | ||
Stifting | 1874 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 34°09′22″N 118°07′55″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofpasadena.net | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Pasadena yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Pasadena (útspr.: [pæsə'di:nə], likernôch: "pê-suh-dii-nuh") is in stêd yn Los Angeles County, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It is ien fan 'e wichtichste kulturele sintra yn 'e San Gabrieldelling, en stiet fral bekend om't it California Institute of Technology der fêstige is, in technyske universiteit dy't better bekend is ûnder de ôfkoarting Caltech, en om't der elts jier de Rose Bowl organisearre wurdt, de earste wedstryd fan it neiseizoen fan it Amerikaansk football foar universiteitsteams. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Pasadena doe goed 137.000 ynwenners, wêrmei't it de 9de stêd fan Los Angeles County, de 40ste stêd fan Kalifornje en de 180ste stêd fan 'e Feriene Steaten is. Pasadena heart ta de stêdekloft fan Los Angeles, dy't yn 2012 in befolking fan rom 12,8 miljoen minsken hie.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike bewenners fan it gebiet dêr't Pasadena no leit, wiene de Tongva-Yndianen. Nei't Kalifornje yn 1848, oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien wie, fêstigen har de earste Amerikaanske kolonisten yn 'e krite, dy't der û.m. druven ferbouden. Yn 1874 waard de Indianakoloanje der stifte, in mienskip fan begoedige lju út 'e steat Indiana mei astma en oare oandwanings oan 'e luchtwegen, dy't har op dat plak nei wenjen setten fanwegen it mylde en drûge klimaat. Dat wie it ierste begjin fan Pasadena.
De earste pear jier krige de Indianakoloanje syn post fia Los Angeles. Doe't men besocht om in eigen postkantoar te krijen, krige men te hearren dat dan earst de namme fan 'e mienskip feroare wurde moast yn it ien of oar dat de postmaster-generaal yn Washington, D.C. as foechsum foar in plak beskôge. Fia in misjonaris dy't ûnder de Odjibwa-Yndianen fan Minnesota wurke hie, kaam men doe oan 'e namme "Pasadena", dat "fan 'e delling" betsjut, ek al bestiet der gjin inkeld ferbân tusken de Odjibwa-taal en súdlik Kalifornje. (Oarsponklik waarden der ferskate farianten fan 'e namme foarsteld dy't "kroan fan 'e delling", "kaai fan 'e delling", ensfh. betsjutten en allegear einigen op -pa-sa-de-na. Poer op grûn fan 'e klank waard úteinlik lykwols foar dy fjouwer lêste wurdlidden keazen.)
Doe't Pasadena in eigen stasjon oan 'e Atchison, Topeka and Santa Fe Railway krige, late dat ta in wiere befolkingseksploazje. Yn 1890 wennen der yn Pasadena krapoan 5.000 minsken; yn 1910 wie dat oantal ferseisfâldige ta goed 30.000. Tsjin 1940 wie Pasadena de achtste stêd fan Kalifornje wurden, mei hast 82.000 ynwenners. Yn dy tiid waarden Pasadena en Los Angeles noch frij algemien as twillingstêden beskôge, om't se fan ferlykbere grutte wiene en deun byinoar leine. Nei de Twadde Wrâldoarloch fêstigen har yn Pasadena ek almar mear Afro-Amerikanen út Teksas en Louisiana wei. Letter folgen ymmigranten út it bûtenlân, fral út Gûatemala, El Salvador en Armeenje.
Sûnt de santiger jierren hie de stêd hieltyd mear te lijen ûnder de terreur fan strjitbindes, dy't yn 1993 syn hichtepunt berikte mei in bloedbad op Halloween, wêrby't de Bloods trije tiners fermoarden en trije oaren slim ferwûnen. Neitiid griep de pleatslike plysje hurd yn, en waard it near lein op alle binde-aktiviteiten. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich slagge it Pasadena om fierhinne fan dizze problematyk ôf te kommen.
Pasadena hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Pasadena stipet hjoed de dei grutdiels op technology- en romtefeartbedriuwen, en fierders op 'e tsjinstesektor, mei as wichtichste ûnderdielen it ûnderwiis, de sûnenssoarch en it bankwêzen. Kwa berikberheid wurdt de stêd betsjinne troch it Bob Hope Airport (ek wol it Burbank-Glendale-Pasadena Airport neamd), yn it tichteby leine Burbank. De grutste en wichtichste ynstelling foar heger ûnderwiis yn 'e stêd is fierwei it California Institute of Technology ("Caltech"). Der binne ek in stikmannich museä yn Pasadena, wêrûnder it Norton Simon Museum, mei in kolleksje histoaryske keunst, en it Pasadena Museum of History, dat de pleatslike skiednis beljochtet. Fierders stiet der ek de Rose Bowl, it Amerikaansk footballstadion (en nasjonale monumint, datearjend út 1923) dêr't elts jier de wichtige en ferneamde Rose Bowl-wedstryd spile wurdt, de earste wedstryd fan it neiseizoen fan it Amerikaansk football foar universiteitsteams.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Pasadena 13,5% âlder as 65 jier en 19,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 44,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 15,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 38,8% blanken; 33,7% Latino's; 14,3% Aziaten; 10,7% swarten; 0,6% Yndianen; 1,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Pasadena
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sally Field (1946), aktrise
- Christy Canyon (1966), pornoaktrise
- Audrey Bitoni (1986), pornoaktrise
Stoarn yn Pasadena
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Charles DeRudio (1832-1910), militêr
- W.C. Fields (1880-1946), komyk
- Adriaan van Maanen (1884-1946), astronoom
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pasadena hat in Mediterraansk klimaat, mei waarme simmers en mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 18 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 535,7 mm delslach. Oars as de measte oare plakken yn súdlik Kalifornje kriget Pasadena, dat oan 'e foet fan it San Gabrielberchtme leit, winterdeis út en troch ris wat snie. De lêste kear dat dat barde, wie op 26 febrewaris 2011, doe't der 2½ sm foel.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.
|