Audrey Bitoni

Ut Wikipedy
Audrey Bitoni
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Audrey Arroyo
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 augustus 1986
berteplak Pasadena (Kalifornje)
etnisiteit Spaansk
Italjaansk
Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
audreybitoni.com
Audrey Bitoni.

Audrey Bitoni, echte namme: Audrey Arroyo (Pasadena (Kalifornje), 16 augustus 1986), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Spaansk-Italjaansk-Dútsk komôf.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Audrey Bitoni waard berne yn Pasadena, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles, mar groeide op yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Se studearre oan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona (Arizona State University), yn Phoenix yn Arizona, en posearre yn dy perioade neaken foar in spesjale edysje fan 'e Playboy dy't wijd wie oan studintes en wêrby't sy op 'e cover kaam te stean. Teffens wurke se yn har studintetiid as servearster yn in cocktailbar.

Yn 2006 studearre se ôf en behelle se in bachelorstitel yn kommunikaasjekunde. Datselde jiers noch, op har tweintichste, makke Bitoni har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se yn likernôch 200 pornofilms spile (neffens har eigen webside 250), û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Digital Playground, Zero Tolerance, New Sensations, Elegant Angel, Hustler, Diabolic Video, Jules Jordan Video, Digital Sin, Red Light District, Pure Play Media en Third Degree Films. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Reality Kings. Underwilens hat Bitoni trijeris nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Njonken har aktearwurk is se ek altiten trochgien mei te posearjen foar neakenblêden; sa stie se yn 2008 yn 'e Penthouse en wie se de covergirl en de Penthouse Pet fan 'e moanne novimber. Dyselde moanne stie hja ek op 'e omslach fan Club International. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m en 48 kg. Oktober 2007 ûndergie se in boarstfergrutting wêrnei't se kup 34DD krige. Hja wennet yn 'e omkriten fan Los Angeles.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 FAME Award finaliste favorite nijynkommelinge n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste point-of-view-sekssêne Throb 2
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
FAME Award finaliste leaflingskont n.f.t.
finaliste meast seksy lichem n.f.t.
finaliste favorite nijynkommelinge n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne No Man's Land 43
FAME Award finaliste leaflingskont n.f.t.
finaliste meast seksy lichem n.f.t.
2010 FAME Award finaliste leaflingskont n.f.t.
finaliste meast seksy lichem n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]