De Nederlânske kampioenskippen dykhurdfytsen is in jierlikse organisearre hurdfytswedstriid wêryn't om de nasjonale titel striden wurdt. De titelstriid op de dyk fynt meastentiids yn it wykein plak foar de start fan de Omgong fan Frankryk. It parkoers bestiet hjirby út in omloop dy't in oantal kearen ôflein wurde moat, ôfhinklik fan de kategory.
↑[1] Frits Wiersma einige as 1e, mar waard yn earste ynstânsje diskwalifisearre en Cees Erkelens ta winner útroppen; letter waard besletten de wedstriid ûnbeslist einigje te litten en opnij te ferriden. Cees Erkelens wûn.
↑It NK fan 1914 waard yn Belgje hâlden, omdat yn Nederlân dykwedstriden yn dy jierren ferbean wiene.