Jaap Eden

Ut Wikipedy
Jaap Eden
persoanlike bysûnderheden
oare namme 'De Lokomotyf'
nasjonaliteit Nederlanner
berne 19 oktober 1873
berteplak Grins
stoarn 3 febrewaris 1925
stjerplak Haarlim
wurkpaad
reden
  bekendheid
reedriden/hurdfytsen
De yn 1890 stichte Haaarlimmer Fytsferiening De Damiaatjes. F.l.n.r.: H.v.d. Griendt, NN, Calkoen, Schut, Peters, Pim Mulier, Vorstman, Menten, Jan Houtman, Kees Witteveen, Jaap Eden, Klaas Pander (1890)

Jaap Eden (Grins, 19 oktober 1873Haarlim, 3 febrewaris 1925) wie de earste Nederlânske sportman dy't ynternasjonale triomfen fierde yn it reedriden en it hurdfytsen om it begjin fan de 20e iuw hinne. Teffens wie er bandyspiler[1],

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eden waard berne yn Grinslân, mar waard grutbrocht yn de Kinmerdunen dêr't er, mei in útsonderlike oanlis foar sport, de basis lei foar syn lettere sportkarriêre.

As 15-jierrige waard Eden ûntdutsen troch reedreder Klaas Pander, dy't syn trener waard en desimber 1890 wûn Eden syn earste wedstryd by it reedriden oer 160 meter. Twa jier letter debutearre hy op ynternasjonaal nivo en yn 1892 helle er as 18-jierrige syn earste wrâldtitel.

It jier dêrop bruts hy yn Stockholm twa wrâldrekôrs; dy op de 5 km soe sa'n tweintich jier stân hâlde. Yn 1895 (Hamar) en 1896 (Sint Petersburch) helle die nochris in wrâldtitel by it reedriden.

Jaap Eden op de fyts

Dêrnei gie er oer op it hurdfytsen, net yn it lêste plak omdat hy dêrmei goed jild fertsjinje koe. Hy waard ien fan de favoriten fan it publyk, sawol troch syn prestaasjes as troch syn manier fan dwaan.

Spitigernôch sette it sukses him nei de holle en joech er him hieltyd mear oer oan de noflike saken fan it libben. Foaral yn Parys, it hert fan de hurdfytserij, libbe er rûch.

Eden fertsjinne safolle - de minsken seine dat hy mear as 40.000 gûne fertsjinne, in fortún yn dy tiid - dat er in Amerikaansk oanbod fan 15.000 gûne foar in pear wedstrydsjes sjitte litte koe.

Yn 1915 hâlde Eden op mei it hurdfytsen, neidat hy de lêste jierren hieltyd minder suksessen helle hie. Hy besocht wurk te finen, mar dat slagge net bot. Prizen en medaljes waarden ferpingele en hy besocht mei in pear freonen in fytsewinkel yn Rotterdam op te setten, sûnder sukses.

Jaap Eden ferstoar yn Amsterdam doe't der 51 jier âld wie as in beroaid en iensum man.

It iisstadion yn Amsterdam is nei him ferneamd.

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Resultaten fan Jaap Eden by ynternasjonale kampioenskippen.

jier EK Allround WK Allround
1891 NS2 NS3
1892 -
1893 - Goud
1894 NS2 NF2
1895 - Goud
1896 - Goud
- = net meidien
NF2 = net finisht by de 2e ôfstân
NS2 = net start by de 2e ôfstân
NS3 = net start by de 3e ôfstân

Medaljespegel fan Jaap Eden foar ynternasjonale kampioenskippen.

kampioenskip goud Goud sulver Sulver brûns Brûns
EK Allround 0 0 0
WK Allround 3 0 0

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 120 jaar bandy geschiedenis in Nederland (1891-2011)