Hamar
| Hamar | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 27.439 (2005) | |
| Oerflak | 351,4 km² | |
| Befolkingstichtens | 78 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Noarwegen | |
| Provinsje | Hedmark | |
| Oar | ||
| Stifting | 500 - 1000 | |
| Webside | Webside Hamar | |
Hamar is de haadstêd fan de provinsje Hedmark yn Noarwegen. De stêd hie 27.439 ynwenners yn 2005. It grinzet yn it noardwesten oan Ringsaker, yn it noarden oan Åmot, yn it easten oan Løten en yn it suden oan Stange.
Hamar waard tusken 500 en 1000 nei Kristus stifte oan de mar Mjøsa, de grutste mar fan Noarwegen. Hamar waard yn 1152 haadstêd fan in bisdom. Hamar wie de ienichste midsieuske stêd yn Noarwegen bûten de kustregio's.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken yn de gemeente
[bewurkje seksje] Berne
- Pauline Hall (2 augustus 1890), komponiste
- Rut Brandt (10 jannewaris 1920), fersetsstrydster en twadde frou fan Willy Brandt († 2006)
- Audun Grønvold (28 febrewaris 1976), freestyleskiër
- Even Wetten (12 augustus 1982), reedrider
[bewurkje seksje] Sport
By de Olympyske Winterspullen 1994 yn Lillehammer wie Hamar ûnder oare de gasthear foar it keunstriden en it reedriden.
Hamar is yn Nederlân benammen bekend troch har iisstadion. It plak wie yn it ferline ek al bekend by Nederlânske riders. Foardat yn Nederlân keunstiisbanen oanlein waarden wie Hamar faak it plek dêr't de kearnploech treende at der thús gin natueriis wie.
Yn it Vikingskipet (in omkeard Wytsingeskip, fanwege de foarm fan it gebou) wurde geregeldwei hurdrydwedstriden hâlden. Sa waard it WK allround foar manlju hjir hâlden yn 1993. Yn 1994 wie Hamar de lokaaasje foar it hurdriden fan de Olympyske Spullen en ek yn 1999 en 2004 waard it WK Allround hjir ferriden. Yn 2009 en 2010 waard Sven Kramer wrâldkampioen yn Hamar.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|