Bauke Mollema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bauke Mollema
Bauke Mollema by de start fan Luik-Bastenaken-Luik 2011
Bauke Mollema by de start fan Luik-Bastenaken-Luik 2011
Namme Bauke Mollema
Bertedatum 26 novimber 1986
Berteplak Grins
Grutte 183 sm
Sportive ynfo
Sport Hurdfytsen
Underdiel(en) Klimmer
Debút 2005

Bauke Mollema (Grins, 26 novimber 1986]) is in Fryske hurdfytser.

Mollema, dy't berne is yn de stêd Grins en grutbrocht is yn Súdhorn, hat Fryske âlden en ried fan 2008 oant 2012 by de Rabobank. Sûnt 2013 rydt Mollema foar Belkin.

It begjn[bewurkje seksje | edit source]

Mollema's begûn yn 2006, as hurdfytser by Team Löwik Meubelen. Mar al oan de ein fan it jier gie er oer hy nei it Continental Team, de opliedingsploech fan Rabobank.

2008[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 2008 hat Bauke Mollema in kontrakt by it Rabobank ProTeam. Mollema makke syn debút yn de Omgong fan Romandië, dy't er troch in fal net útfytse koe. Syn folgjende koers wie pas yn augustus, de Omgong fan Burgos; hy waard dêr 15e. Yn de Omgong fan Dútslân helle er it sânde plak yn it algemien klassemint.

2009[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2009 waard Mollema 16e yn de Omgong fan Kalifornje. It foarseizoen wie foar Mollema net wat er der fan ferwachte hie en yn april die bliken dat Mollema de sykte fan Pfeiffer hie. Dêrom koe er de rest fan it fytsseizoen gjin wedstriden mear meidwaan.

2010[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2010 die Mollema Foar it earst mei oan in grutte omgong, de Omgong fan Itaalje, en waard troch syn ploech de Rabobank as kopman oansteld. Yn it einklassemint fan dy omgong helle er it 12de plak. Letter slagge it Mollema en win de keninginnenrit yn de Omgong van Poalen en in tredde plak yn it einklassemint.

2011[bewurkje seksje | edit source]

By de foarjier klassiker Parys-Nice waard Mollema 9de yn it algemien klassemint, 10de yn it algemien klassemint fan de Omgong fan Kataloanje en 2de yn it klassemint fan de Omgong fan Kastylje en Leon. Krekt foar de Omgong fan Frankryk ried Mollema de Omgong fan Switserlân, dêr't er fiifde waard yn it algemien klassemint. Yn de Omgong fan Frankryk slagget it him troch sykte net om in goed klassemint te riden. Hy waard noch wol 2de yn de 17de etappe. Nei de Omgong fan Frankryk die er de Omgong fan Spanje en ried er sterke berchetappe's; in 4e, 3e en 2e plak yn in etappe mei oankomst berchop slagget it him om nei de 9e rit de reade liederstrui te krijen. Dy trui moast er in dei letter al wer ynleverje nei in tiidrit. Uteinliks waard Mollema 4de yn it algemien klassemint. Dêrneist hie er yn de 17e etappe de griene trui fan it punteklassemint wûn, dy't er nei Madrid wist te bringen.

2012[bewurkje seksje | edit source]

By de Omgong fan Frankryk is Mollema in pear kear fallen wêrtroch't er de omgong net útfytse koe. Mollema wie dêrtroch al krekt op 'e tiid thús om de bêrte fan syn earste bêrntsje mei meitsje te kinnen.

2013[bewurkje seksje | edit source]

By de Omgong fan Frankryk stie Bauke lange tiid 2de mar moast nei de tiidrit in protte tiid belies jaan en waard úteinlik kreas 6de yn it einklassemint. Tidens de Omgong fan Spanje wûn mollema yn 2013 de 17de etappe.

Wichtichste oerwinnings[bewurkje seksje | edit source]

  • Winner fan de griene trui yn de Omgong fan Spanje (2011) Jersey green.svg
  • 17de etappe Omgong fan Spanje (2013)

Trivia[bewurkje seksje | edit source]

  • Drager fan de reade trui yn de 17de etappe yn de Omgong fan Spanje 2011 Jersey red.svg

Dielname oan grutte omgongen[bewurkje seksje | edit source]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk[bewurkje seksje | edit source]

  • 2011 - 70ste.
  • 2013 - 6de

Dielname oan de Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | edit source]

  • 2011 - 4de

Dielname oan de Omgong fan Itaalje[bewurkje seksje | edit source]

  • 2010 - 12de

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]