Heidehin

Ut Wikipedy
heidehin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai prêrjehinnen (Tympanuchus)
soarte prêrjehin (Tympanuchus cupido)
ûndersoarte
Tympanuchus cupido cupido
Linnaeus, 1758
IUCN-status: útstoarn
ferspriedingsgebiet
Histoaryske fersprieding fan 'e heidehin.

De heidehin (wittenskiplike namme: Tympanuchus cupido cupido) is in útstoarne ûndersoarte fan 'e prêrjehin (Tympanuchus cupido), dy't lânseigen wie yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. Dizze fûgel hearde ta it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e prêrjehinnen (Tympanuchus). Doe't de earse Jeropeeske kolonisten har yn 'e santjinde iuw yn Noard-Amearika nei wenjen setten, kamen heidehinnen dêr yn 'e miljoenen foar. Sels mids achttjinde iuw wiene se noch tige algemien. Mar yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw kamen se troch oerbejaging slim yn 'e swierrichheden, en yn 1870 wiene se op it fêstelân útrûge. It lêste bolwurk fan 'e heidehin wie it eilân Martha's Vineyard, foar de kust fan Massachusetts. Dêr krige dizze soarte oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in beskerme status, yn 't earstoan mei hoopfolle resultaten. Mar in ûngelokkige gearrin fan omstannichheden soarge der omtrint 1916 foar dat it mei de heidehin slim yn it neigean rekke. Yn 1928 wie der noch mar noch mar ien fûgel oer, dy't yn 1932 deagie.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De heidehin waard yn 1758 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. Dizze fûgel waard brûkt as it typeras foar de beskriuwing fan 'e prêrjehin as soarte, mei't de oare ûndersoarten pas troch de Westerske wittenskip ûntdutsen waarden troch de Ekspedysje fan Lewis en Clark yn 18041806.

Yllustraasje fan twa baltsende hoannen fan 'e heidehin, mei op 'e eftergrûn in tasjende hin.

Modern ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan prêrjehinnen fan 'e oare beide ûndersoarten en fan preservearre museumeksimplaren fan 'e heidehin wiisde yn 2004 út dat de heidehin genetysk teminsten likefolle fan 'e oare ûndersoarten fan 'e prêrjehin ferskilde as de lytse prêrjehin (Tympanuchus pallidicinctus), dy't rûnom as in selsstannige soarte erkend wurdt. Wat dat oanbelanget, liket it derop dat de heidehin ek in aparte, sij it nau besibbe, soarte wie. In twadde ûndersyk út 2006 wiisde sels út dat de heidehin nauwer besibbe liek te wêzen oan 'e lytse prêrjehin as oan 'e (grutte) prêrjehin.

Mar Jeff A. Johnson en Peter O. Dunn, de biologen dy't it lêste ûndersyk útfierden, wize derop dat it byld oangeande de pleatsing fan 'e heidehin yn it skaai fan 'e prêrjehinnen (Tympanuchus) ferdizene wurdt trochdat de museumeksimplaren fan 'e heidehin frijwol allegearre út 'e eintiid fan 'e fûgel komme, doe't him al in genetyske 'fersmelling' foardien hie trochdat de populaasje noch mar út inkele hûnderten eksimplaren bestie. It is bekend dat yn sa'n sitewaasje maklik frij willekeurige genetyske mutaasjes foarkomme kin, in ferskynsel dat genetyske drift hjit. Dêrom is eins net te sizzen oft de heidehin no in selsstannige soarte wie, ja of nee. Anno 2024 wurdt de fûgel troch ornitologen oer it algemien noch altyd behannele as in ûndersoarte fan 'e prêrjehin.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It histoaryske ferspriedingsgebiet fan 'e heidehin lei oan 'e Atlantyske kust yn it noardeasten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. De westgrins waard foarme troch de Appalachen. It areaal omfette it noardeasten fan Firginia, eastlik Maryland, hiel Delaware en it federaal distrikt Columbia, it súdeasten fan Pennsylvania, hiel Nij-Jersey, Long Island en it uterste súdeasten fan it fêstelân fan New York, hiel Connecticut en Rhode Island, de súdeastlike helte fan Massachusetts en it uterste suden fan Nij-Hampshire.

Yllustraasje fan in hoanne (l.) en in hin (rj.) fan 'e heidehin.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De heidehin liek tige op 'e oare ûndersoarten fan 'e prêrjehin, dy't op 'e Grutte Flakten en yn Teksas oan 'e Golfkust foarkomme, allinnich wied er justjes lytser. De trochsneed heidehin hie kop-sturtlingte fan 43 sm en in gewicht fan 900 g. In eksimplaar fan krapoan 1,4 kg waard beskreaun troch de iere ornitolooch Alexander Wilson, mar syn lettere kollega's hawwe dat sifer yn twifel lutsen.

De sturt wie grizich brún, koart en rûnich, en by beide geslachten wiene de fearren oer it hiele lichem fyn brún-wyt streke. Oars as by de oare ûndersoarten fan 'e prêrjehin wie it brún fan it fearrekleed by de heidehinnen oer it algemien wat rodziger, fral op it boarst. En de brune streken wiene by har tsjûker as de de wite streken, wylst se by de oare ûndersoarten min ofte mear like tsjûk binne.

De hoannen ûnderskaten har benammen fan 'e justjes minder foarse hinnen troch de goudgiele kaam dy't se boppe elts fan 'e eagen hiene, as wie it in healrûne wynbrau, en troch in rûn keal plak oan wjerskanten fan 'e hals, dêr't de hûd ek goudgiel fan kleur wie. Dy plakken wiene kielpûden, dy't folpompt wurde koene om by de balts mei te pronkjen. Beide geslachten hiene fierders in toef fan ferlinge fearren boppe-op 'e kop, dy't rjochtop set of plat yn 'e nekke lein wurde koe. De toef wie by hinnen sichtber koarter as by hoannen.

In opsette hin fan 'e heidehin yn it Boston Museum of Science.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heidehinnen libben yn mei boskjes dinnebeammen en strewelleguod besprinzge heidegebieten. Mar ek yn greidlân kamen se wol foar.

Utstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heidehinnen kamen ekstreem folle foar yn harren oarspronklike ferspriedingsgebiet oan 'e noardeastkust. Om't it in hineftige fûgel wie, begûn de bejaging troch Jeropeeske kolonisten sadree't yn 1608 de earste Ingelske koloanje yn dy kontreien fêstige wie. Sadwaande wurdt wol sein dat de 'kalkoen' dy't troch de saneamde pilgrims út 'e Plymouthkoloanje op it earste Thanksgiving iten waard, eins wierskynlik in heidehin west hawwe moat. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw hie heidehin de reputaasje krigen fan earmeljusiten om't it sa goedkeap en maklik te krijen wie. Healwei dy iuw skriuw de Amerikaanske politikus Thomas L. Winthrop dat de fûgels foarkamen op 'e Boston Common yn Boston, yn dy tiid in mienskar (common), dêr't û.o. kij weide waarden, en dat tsjinstfolk soms yn in arbeidskontrakt mei in nije wurkjouwer betong dat harren net faker as twa of trije kear wyks heidehinnefleis foarset wurde soe.

In heidehoanne oan it baltsen yn 1900.

Tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw moat de heidehinnepopulaasje merkber oan it belúnjen west hawwe, mar de oerbejaging gie ûnfermindere troch. Mooglik spile habitatferlies ek in rol by it yn 'e nederklits reitsjen fan dizze fûgel, troch it ûntginnen fan 'e heidegebieten dêr't de heidehin fierhinne fan ôfhinklik wie. Mooglik al yn 'e 1840-er jierren, mar yn elts gefal tsjin 1870, wie de heidehin op it fêstelân fan Noard-Amearika folslein útrûge. Inkeld op it eilân Martha's Vineyard, foar de súdeastkust fan Massachusetts, wie noch in populaasje fan 300 eksimplaren oer. Tsjin 1890 wie dat oantal troch streuperij en predaasje troch ferwyldere katten lykwols ôfnommen oant 120–200 fûgels, en om 'e iuwwiksel hinne wiene der noch mar 70 heidehinnen oer.

Dy lêste restpopulaasje waard doe beskerme troch in jachtferbod en troch de oprjochting, yn 1908, fan it Heidehinnereservaat (no it Steatswâld Manuel F. Corellus). Dat die fertuten, en de populaasje woeks binnen in jier as sân wer oan ta krapoan 2.000 eksimplaren. Tsjin 'e midden fan 'e 1910-er jierren wie it observearjen fan it baltsgedrach fan 'e fûgels in soartemint toeristyske attraksje wurden, sadat it behâld fan 'e populaasje foar de bewenners fan Martha's Vineyard ek finansjeel fan belang waard.

In stânbyld dat it plak op Martha's Vineyard markearret dêr't de einling Booming Ben foar it lêst waarnommen waard.

Omtrint de briedtiid fan 1916 sloech it needlot lykwols ta troch in ûngelokkige gearrin fan omstannichheden. Ien dêrfan waard foarme troch swierrichheden yn ferbân mei yntylt, dy't har al langere tiid foardiene. Mar ferskate ekstreem strange winters, in oerskot oan hoannen, in ferwoastgjende natoerbrân, in útbraak fan swartekoppesykte dy't mooglik oerbrocht wie fia kontakt mei plomfee, en in ûngewoane ynfluks fan eksimplaren fan 'e hauk (Accipiter gentilis) dy't op it minst mooglike momint foar in oanboazjende predaasjedruk soarge, makken dat it mei de heidehin wer hielendal mis gie. Der bleaune mar in pear hûndert eksimplaren oer, en nei in lêste oplibbing yn 1920, doe't de populaasje oanwoeks ta 600 fûgels, sette de definitive delgong yn.

Dat gie relatyf fluch: begjin 1927 wiene der noch mar 11 hoannen en 2 hinnen oer. Nettsjinsteande dat alles wat doedestiden beskikber wie, út 'e kast helle waard om 'e heidehin te rêden, wiene der oan 'e ein fan dat jier noch mar 5 eksimplaren oer, allegearre hoannen. Nei 8 desimber 1928 wie der skynber noch mar ien: in einling dy't de namme 'Booming Ben' taparte krige fanwegen de lûden dy't er by syn ienlike balts fuortbrocht, as fan in grutte tromme. Hy waard op 11 maart 1932 foar it lêst sjoen op syn tradisjonele baltsterrein tusken West Tisbury en it plak dêr't hjoed de dei it Fleanfjild Martha's Vineyard leit. Dat wie ier yn 'e peartiid en dat er dêrnei net mear sjoen of heard is, makket it suver wis dat er dy deis of hiel koart dêrnei deagien is. Bylden fan Booming Ben, opnommen troch Alfred Otto Gross yn 'e iere 1930-er jierren, waarden yn 2017 digitalisearre en binne no beskikber yn 'e spesjale kolleksje fan it Bowdoin Kolleezje yn Brunswick (Maine).

Ynfloed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De heidehin wie ien fan 'e earste bisten dy't men yn 'e Feriene Steaten besocht te beskermjen. Dat begûn al yn 1791, doe't it Steatskongres fan New York in wet oannaam foar "de konservearring fan 'e heidehin en oar jachtwyld", dy't lykwols neityd ûnútfierber bliek. Hoewol't alle krewearjen om 'e heidehin te helpen mislearre, wie it wichtich en faak baanbrekkend wurk, dat it paad klearre foar de beskerming en it úteinlike behâld fan oare bedrige soarten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.