Hauk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
mantsje en wyfke-hauk
wyfke, mei wite eaachstreek, swarte krún en swarte earfearren
Mantsje hauk

De hauk (Accipiter gentilis) is in krêftige rôffûgel. In folwoeksen hauk kin in lingte hawwe fan tusken 49 - 66 sm. Hy hat koarte, brede wjukken en in lange, hast fjouwerkante sturt. In folwoeksen hauk hat in wite streek boppe it each, in swarte krún en donkere fearren yn de earstreek. It fearrekleed fan in mantsje is boppeoan brún en ûnderoan skierwyt mei tinne grize streken. It wyfke is folle grutter mei boppeoan in laaigriis fearrekleed en streke brún ûnderoan griis. In jonge hauk hat boppe-oan in brún fearrekleed en streke brún ûnderoan. Boppedat is de wite eachstreek minder opfallend.

In hauk is in stille fûgel. Allinnich yn de briedtiid kin men ferskeidene soarten gekekker hearre. Yn Euraazje wurdt de mantsjehauk maklik betize mei de sparwer (Accipiter nisus), mar is wat grutter, swierder en hat wat langere wjukken.

Fretten[bewurkje seksje | edit source]

De hauk fangt middelgrutte fûgels en sûchdieren. Haadproaien yn Nederlân binne postdo, houtdo, houtekster en knyn. Yn terrein mei in soad dekking jaget de hauk fan in sitplak of yn in lege flecht, om in proai te ferrassen. Dêrby kin de fûgel op koarte stikken in relatyf hege snelheid (80 km/o) ûntwikkelje. Hauken fange benammen de soarten dy't yn harren habitat in protte foarkomme. Faak is te sjen hoe't hauken har fanút in sirkeljende flecht lykas in sljochtfalk op in proai dûkt.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

In spantsje hauken hat faak meardere nêsten yn harren territorium, dy't fan jier ta jier wiksele wurde om parasiten tsjin te gean, mar makket dochs maklik in nij nêst. Dit nest, ek wol horst neamd, wurdt mei deade tÛken heech boud yn de beamkrún yn in gaffelfoarmige tûke, of oanlynjend tsjin de stamme.

nêst jonge haulen

De hauk leit 1 - 5 blau-wite aaien, meastal trije of fjouwer. BY it brieden ruie de mantsjes en wyfkes en kinne maklik ruifearren ûnder it nêst lizze fan benammen it wyfke, trochdat dy mear oan it nêstgebiet bûn is. Haukejongen dy't ree binne om it nêst te ferlitten begjinne mei fleanoefeningen. De âlden lizze dan proaien op de râne fan it nêst, wêrtroch't de jongen fladderjend nei de râne geane. En ynienen dûke se spontaan fan it nêst as (hast) follearde fleanders. De hauk hat in karakteristyk flechtpatroan: trage klap fan de wjukken, trage klap en dan glydflecht rjocht foarút.

Se bliuwe harren hiele libben yn itselde territoarium, mar de hauken út noardlike streken migreare súdwerts om te oerwinterjen.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De hauk komt benammen foar yn boskgebieten yn matige streken fan it noardlik healrûn. Lânbougrûnen wurde lykwols ek faak brûkt en hjir en dêr wurde se ek al yn stêden sjoen (Amsterdam enRotterdam.

Jachttechnyk[bewurkje seksje | edit source]

De hauk set him ûnferweechlik op in takke en wachtet oant er in proai sjocht. At er de proai keazen hat, set er him ôf en fladdert in pear keer mei de wjukken. Mei syn wjukken hast hielendal tsjin syn lichem stoart er him hurd-hurd troch beammen en strewellen op syn proai ôf oant er dy hat.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]