Four Christmases

Ut Wikipedy
Four Christmases
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Seth Gordon
produsint Gary Barber
Jonathan Glickman
Roger Birnbaum
útfierend
   produsint
Peter Billingsley e.o.
senario Matt R. Allen
Caleb Wilson
Jon Lucas
Scott Moore
basearre op idee fan Matt R. Allen en
Caleb Wilson
kamerarezjy Jeffrey L. Kimball
muzyk Alex Wurman
filmstudio New Line Cinema
Spyglass Entertainment
Birnbaum/Barber Productions
Wild West Picture Show Prod.
Type A Films
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Vince Vaughn
Reese Witherspoon
byrollen Robert Duvall
Mary Steenburgen
Sissy Spacek
Jon Voight
Kristin Chenoweth
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 26 novimber 2008
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje, krystfilm
taal Ingelsk
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $163,7 miljoen

Four Christmases is in Amerikaansk-Dútske romantyske komeedzje en krystfilm út 2008 ûnder rezjy fan Seth Gordon, mei yn 'e haadrollen Vince Vaughn en Reese Witherspoon. De titel betsjut: "Fjouwer Krysten". It ferhaal giet oer in pearke dat wend is om mei de kryst inkeld wille te meitsjen troch harren famyljes te ûntwiken en lekker op fakânsje te gean, mar dit jier troch omstannichheden twongen wurdt om alle fjouwer fan harren skieden âldelju op ien dei te besykjen. Four Christmases, dat de earste spylfilm fan regisseur Seth Gordon wie, krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar die it ridlik yn 'e bioskopen en kaam dêrtroch dochs rom út 'e kosten.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brad McVie en Kate Kincaid binne in begoedige gearwenjend pearke út San Francisco. Se komme allebeide út brutsen gesinnen en hawwe yninoar de perfekte libbenspartner fûn, mei't se net ien fan beiden ea trouwe of bern krije wolle. It hiele jier troch mije se harren famyljes en hannelje se de net te mijen kontakten ôf oer de tillefoan of mei in kaartsje. Mei de kryst, as oan famyljebesite wier net te ûntkommen falt, soargje se dat se op fakânsje yn in eksoatysk oard yn it bûtenlân sitte, hoewol't se oan harren famyljes fertelle dat se goeddiedichheidswurk dogge, sadat dy mei goed fatsoen neat tsjin harren ôfwêzichheid yn lizze kinne. It trêde jiers dat se byinoar binne, sille se de kryst trochbringe yn Fidzjy, mar de dei dat se fuort sille, blykt de Ynternasjonale Lofthaven fan San Francisco sletten te wêzen troch oanhâldende tichte mist.

Ta oermjitte fan ramp wurde se dêr ek noch (tsjin wil en tank) ynterviewd troch in ferslachjouster, mei as gefolch dat se op it lokale nijs komme en dat harren famyljes sjogge dat se noch yn San Francisco binne en foarearst nearne hinne geane. Se wurde dan fuortendaliks opskille en min ofte mear twongen om dochs noch op famyljebesite te gean. Om't sawol Brad syn âlden as Kate harres skieden binne, betsjut dat dat se fjouwer kear op ien dei kryst fiere moatte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As earste is Brad syn heit oan 'e beurt, in ferbittere âldman dy't allinnich yn in hûs op in heuvel wennet. Dêr binne ek Brad syn beide asosjale bruorren Denver en Dallas, Denver syn al like asosjale frou Susan en de brutale bern fan 'e skieden Dallas. Kate, dy't Brad syn heit en bruorren foar it earst moetet, ûntdekt dat de bruorren nei de stêden ferneamd binne dêr't se oanset binne, Denver en Dallas, en dat Brad eins net Brad hjit, mar Orlando. Brad wurdt ûnderwilens oanhâldend mishannele troch syn pestkoppen fan bruorren, en as er syn heit helpe sil om in skûtelantenne, dy't er him foar de kryst jûn hat, te ynstallearjen, knoffelet er fan it dak ôf en skuort it snoer mei dat al oan 'e tillefyzje fêstset is. It tillefyzjetastel wurdt dan troch de hiele wenkeamer sleept, ferrinnewearret it hûs en set de krystbeam yn 'e brân. Underwilens mei Kate de poppe fan Denver en Susan in skoftke fêsthâlde, wat yn har memmige gefoelens wekker makket.

Kate beskrobbet Brad neitiid om't er har nea ferteld hat dat Brad syn wiere foarnamme net is. De folgjende besite is by Kate har mem, dêr't ek in pear hitsige muoikes oanwêzich binne, dy't Brad wol lije meie. Fan Kate har suster Courtney komt Brad oan 'e weet dat Kate as bern jierrenlang ferskriklik narre is, eat dêr't se tsjin him nea mei in wurd oer rept hat. Underwilens sjocht Kate yn 'e badkeamer, dêr't se hinne moat om har te ferskjinjen nei't Courtney har poppe oer har hinne spuid hat, in swierwêzenstest lizzen. Om't se al in pear dagen oer de tiid is, beslút se de test te dwaan. Neitiid wurdt it stel troch Kate har mem meisleept nei in krystfiering yn 'e pleatslike tsjerke, dy't ûnder lieding stiet fan dûmny Phil, de nijste frijer fan Kate har mem. Dêr wurde Kate en Brad troch Kate har mem en dûmny Phil min ofte mear twongen om 'e rollen fan Marije en Joazef op harren te nimmen yn in opfiering fan it Krystferhaal. Brad, dy't earst beslist net wol, ûntdekt dat aktearjen foar him eins in geweldige ûnderfining is, mar hy is sa yn 'e wolkens dat er net iens trochhat dat er ûnder de foarstelling Kate foar skut setten hat.

Neitiid geane se nei Brad syn mem, dy't blykt gear te wenjen mei in folle jongere man. Dat is Darryl, dy't foarhinne Brad syn bêste freon wie, oant er it mei syn mem oanlei. Ek Denver en Susan binne dêr oanwêzich, en de trije stellen dogge in spultsje wêrby't ien fan beiden in wurd opjûn kriget dat de oare riede moat op basis fan in omskriuwing wêryn't in stikmannich wichtige wurden net brûkt wurde meie. It komt der dan op oan hoe goed oft de partners inoar kenne. Brad syn mem en Darryl dogge it ridlik goed, Denver en Susan witte alles faninoar en riede elts wurd, mar Brad en Kate slagget it net om ek mar ien inkeld wurd te rieden. Brad wyt dat deroan dat Kate, dy't de omskriuwings jaan moast, blykber de regels fan it spul net goed begrepen hat, mar Kate jout it te tinken oer harren relaasje.

Underweis nei Kate har heit fertelt Kate Brad oer de swierwêzenstest dy't se dien hat. Brad skrikt him rot, mar Kate bewissiget him dat de útkomst negatyf wie. It punt is, dat dat foar har frijwat as in teloarstelling kaam. Se hie altyd tocht dat se likemin as Brad ea trouwe of bern krije woe, mar troch de foarfallen fan 'e ôfrûne dei begjint se dêr no oars oer te tinken. Brad makket har lykwols dúdlik dat hy der noch altyd krekt sa oer tinkt as earder. Dêrop beslút Kate dat harren relaasje dan gjin takomst hat. Se lit har by har heite hûs ôfsette en stjoert Brad fuort. Kate har heit, dy't fierwei de normaalste is fan 'e fouwer âldelju, helpt Kate, dy't emosjoneel noch hieltyd yn 'e tiis sit, om klearrichheid fan saken te krijen oer wat se wol en wat se net wol. Underwilens riidt Brad werom nei syn heit, dy't him priizget as er fertelt dat er it mei Kate útmakke hat en wêrom. De âldman seit dat er it nea ferwachte hie, mar dat fan syn trije soannen Brad blykber dochs it measte op him liket. Dy útspraak set Brad oan it tinken: wol er wol sa'n iensume ferbittere man wurde as syn heit?

Brad beseft dat er dat net wol. En hy beseft ek wat er wol wol, nammentlik: Kate, en dat er kompromissen slute moatte sil as er har hâlde wol. Dat hat syn heit altyd wegere, en dat is de reden dat it houlik fan syn heit en mem op 'e klippen rûn is. Te neare nacht keart Brad werom by it hûs fan Kate har heit, dêr't er har syn leafde ferklearret. Hy toant him ree om mei har te trouwen en in gesin te stiftsjen, al besiket er dat safier mooglik foar him út te skowen. Dy tasizzing is genôch foar Kate, en se fermoedsoenje harren en meitsje plannen om 'e oare deis dochs noch ôf te reizgjen nei Fidzjy.

Ien jier letter, ier op 'e moarn fan nijjiersdei, komt yn it sikehûs yn San Francisco it earste bern fan Brad en Kate te wrâld. As de ferpleechster seit dat se de famylje der no ynroppe meie, fertelle se dat se Kate har swierwêzen de ôfrûne njoggen moannen soarchfâldich geheim holden hawwe foar harren famyljes, om't se dy der út noch yn net by hawwe wolle. Dan docht bliken dat harren bern de earste poppe fan it nije jier is, en in kameraploech fan it nijs komt de ferloskeamer yn om harren te lokwinskjen, mei as gefolch dat se op 'e lokale tillefyzje komme en sa op 'e nij ferret wurde oan harren famyljes.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vince Vaughn.
Reese Witherspoon.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Brad McVie Vince Vaughn
Kate Kincaid Reese Witherspoon


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Howard McVie, Brad syn heit Robert Duvall
Paula McVie, Brad syn mem Sissy Spacek
Marilyn Kincaid, Kate har mem Mary Steenburgen
Creighton Kincaid, Kate har heit Jon Voight
Courtney Kincaid, Kate har suster Kristin Chenoweth
Denver McVie, Brad syn broer Jon Favreau
Dallas McVie, Brad syn broer Tim McGraw
Susan McVie, Denver syn frou Katy Mixon
dûmny Phil, de frijer fan Brad syn mem Dwight Yoakam
Darryl, Brad syn eardere bêste freon en no syn styfheit Patrick Van Horn
Sarah Kincaid, Kate har muoike Carol Kane
Donna Kincaid, Kate har muoike Colleen Camp
Kasi, Kate har muoikesizzer True Bella Pinci
Connor McVie, Brad syn omkesizzer Skyler Gisondo
Jim, Kate har sweager Steve Wiebe
Eric Brian Baumgartner
Stan Cedric Yarborough
baaljebetsjinde op lofthaven Peter Billingsley

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Four Christmases wie de earste spylfilm dy't regissearre waard troch Seth Gordon. Dyselde waard by it projekt belutsen op oantrúnjen fan haadrolspiler Vince Vaughn, dy't Gordon syn dokumintêre The King of Kong: A Fistful of Quarters sjoen hie en dêrfan frijwat ûnder de yndruk wie. It senario foar Four Christmases waard skreaun troch Matt R. Allen, Caleb Wilson, Jon Lucas en Scott Moore nei in idee fan Allen en Wilson. As filmprodusinten wiene Gary Barber, Jonathan Glickman en Roger Birnbaum by it projekt belutsen, foar de filmstudio's New Line Cinema, Spyglass Entertainment, Birnbaum/Barber Productions, Wild West Picture Show Productions en Type A Films. Kameraregisseur wie Jeffrey L. Kimball, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alex Wurman.

De opnamen fan Four Christmases setten yn desimber 2007 útein, ûnder de staking fan it Writers Guild of America (2007-2008), wat betsjutte dat der doe gjin inkele feroaring mear oanbrocht wurde koe yn it senario. Foar de film wie in budget fan $80 miljoen beskikber. Under de opnamen waard studio New Line Cinema oernommen troch Warner Bros., wat de foltôging fan it projekt yn gefaar brocht. De filmdistribúsje waard úteinlik fersoarge troch Warner Bros., en Four Christmases gie op 26 novimber 2008, de dei foar Thanksgiving, yn premiêre. Op 24 novimber 2009 kaam de film út op dvd en blu-ray. De soundtrack waard op 25 novimber 2008 as digitale download útbrocht troch New Line Records en op 6 oktober 2009 as cd troch Watertower Music.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmkritisy moasten oer it algemien net folle hawwe fan Four Christmases, in film dy't yn The Hollywood Reporter omskreaun waard as "ien fan 'e somberste krystfilms ea." Itselde tydskrift hie ek krityk op it senario fan 'e film om't dêryn "Hollywoodklisjees oer 'boeren' út it Amerikaanske Suden yn 'e krite fan San Francisco pleatst binne, dêr't se hielendal net passe." (Dat wie in ferwizing nei de asosjale bruorren fan Brad.) It tydskrift Variety neamde Four Christmases in "nuveraardich minskehaatsjende, út en troch fermaaklike, mar fan alle fleur ûntdiene krystattraksje dy't beslist gjin famyljefilm is."

In parseberjocht fan Associated Press stelde dat de film "ûnthjittend begûn", mar dêrnei fansiden swalke ta "lûdroftige somberens". Fierders woe it berjocht hawwe dat "Vaughn de film hjir en dêr ferdraachlik makket, mar syn soarte fan slapstick-eftige fysike komeedzje leit Witherspoon hielendal net." Frank Lovelace, dy't foar Film Journal International skreau, koe "gjin kearn yn harren personaazjes" ûntdekke; "se belichemje inkeld hokfoar draai yn 'e plot de film op in beskaat stuit nedich hat." De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert joech Four Christmases twa fan fjouwer stjerren en fûn dat it de film ûntbriek oan humor en gefoel foar it fertellen fan in ferhaal.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Four Christmases in min goedkarringspersintaazje fan 24%, basearre op 144 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde: "Nettsjinsteande in sterke cast lijt dizze soere krystkomeedzje oan in beroerd senario." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Four Christmases in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 27 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Four Christmases ûnderfûn yn 'e Amerikaanske bioskopen benammen konkurrinsje fan de fantasyfilm Twilight, dy't tagelyk útkaam. Yn Noard-Amearika brocht de film $120,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $43,6 miljoen. De totale opbringst kaam dêrmei út op $163,7 miljoen, wat, ôfset tsjin in budget fan $80 miljoen, delkomt op in winst fan $83,7 miljoen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.