Springe nei ynhâld

Dronryp-represaille

Ut Wikipedy
It tinkteken boppe oan 'e wei, fuort njonken de brêge, wêrfan't de reling oan 'e lofterkant fan 'e foto begjint.

De Dronryp-represaille wie in repressaillemaatregel fan 'e nazys ûnder de besetting fan Nederlân troch Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Dêrby waarden op 11 april 1945, koart foar Fryske Befrijingsdei, yn it Fryske doarp Dronryp 13 finzenen stânrjochtlik eksekutearre as straf foar in sabotaazje-aksje fan it Fryske ferset. Ien persoan oerlibbe de represaille-aksje troch him dea te hâlden. Njonken de brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp stiet noch altyd in tinkteken dat de oantins oan dit barren libben hâldt, en dêr't elts jier mei de Deadebetinking in krânslizzingsseremoanje holden wurdt.

As ûnderdiel fan 'e treinsabotaazje fernielde in gefjochtgroep út Dronryp, dy't behearde ta de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften (NBS) en ûnder lieding stie fan Broer Dijkstra, it spoar fan Harns nei Ljouwert. Op in nacht yn begjin april hellen se op 'e hichte fan 'e Boalserter Feart oer in ôfstân fan 75 meter de skroeven út 'e rails. Der ûntspoarde dy nacht gjin trein, mar dat barde 24 oeren letter wol, doe't op dat plak in lokomotyf fan 'e Wehrmacht mei 26 wagons fan it spoar rûn. Tsjin dy tiid wiene Dijkstra-en-dy al wer mei in oare sabotaazje-aksje oan 'e gong: se brochten springstof oan yn gatten dy't se groeven yn in mei klinkerts bestrjitte diel fan 'e strjitwei tusken Dronryp en Frjentsjer, oan 'e oare kant fan it doarp. Dêrmei blaasden se in grut gat yn 'e dyk dat de strjitwei foar (Dútsk) motorisearre ferkear foarearst ûnbegeanber makke.

Op befel fan 'e Sicherheitsdienst (SD) yn Grins waarden op woansdei 11 april fjirtjin finzenen út it Burmaniahûs yn Ljouwert helle. Hja waarden yn in stikmannich auto's set en ûnder swiere bewekking fia de Nijstêd, de Frouwepoartsbrêge en de Harnzerstrjitwei de stêd út en nei Dronryp ta riden. Under de bewekkers wiene SD-ers, SS-ers, teminsten ien Lânwachter fan 'e NSB en fierders ferskate Rexisten (Waalske kollaborateurs dy't foar de opmars fan 'e Alliëarden nei it noarden flechte wiene).

Yn Dronryp stie de brêge oer wat doe noch de Harnzer Trekfeart wie (sûnt 1951 it Van Harinxmakanaal) al dagenlang iepen. By it kanaal moasten de Dútsers en harren trewanten halje-trawalje de auto's ferlitte en dekking sykje, om't der Britske jachtfleanmasines yn 'e loft wiene. De finzenen waarden lykwols twongen en bleau yn 'e auto's sitten. Hoewol't it gefaar wiek sûnder dat der wat barde, wie der frijwat panyk by de bewekkers ûntstien. Der waard besletten en bring de finzenen by de brêge ta de dea, sadat men gau-gau wer weromride koe nei Ljouwert. Oarspronklik hie it doel frijwol wis west om 'e finzenen by it fernielde spoar dea te sjitten, mar troch de iepensteande brêge koe út Dronryp wei it spoar net berikt wurde, dat ommers in kilometer of twa súdlik fan it kanaal rint, wylst de Dútske kolonne oan 'e noardkant fan it wetter stie.

Nei't de Britske fleantugen oerflein wiene, waarden acht finzenen út 'e auto's helle en ien foar ien by de stiennen triemmen del it talúd fan 'e brêge ôfstjoerd, nei de wâl fan 'e Harnzer Trekfeart. Dêr waarden se op it gers njonkeninoar opsteld, mei likernôch in meter tuskenromte. SD'ers en Rexisten stelden harsels op foar de finzenen oer, op likernôch fjouwer meter ôfstân. Fan 'e brêge ôf waard troch in Dútske ofsier in befel jûn. Dêrop waard ien salvo ôfjûn oer de hollen fan 'e finzenen hinne, daliks folge troch in twadde salvo dy't rjochte ôffjurre waard. Neffens eachtsjûge Jan Robben, in fjirtjinjierrige Rotterdamske hongerevakuee yn Dronryp, dy't de Dútske auto's troch it doarp nei de brêge ta folge wie en dêr in skûlplak fûn hie efter de pylders fan 'e brêge, dêr't er de hiele represaille wei sjen koe, besochten twa fan 'e acht mannen wer oerein te kommen. De Dútsers jagen dêrop alle acht mei de revolver noch in kûgel troch de holle.

Dêrnei moasten de seis oare finzenen ek by it trepke del. Doe't se seagen wat harren te wachtsjen stie, fregen se oft se in bryfke skriuwe mochten foar harren âlden, mar dat fersyk waard troch de Dútsers fuorthúnd. Hja waarden krekt-en-gelyk opsteld as de earste groep, en op deselde wize mei twa salvo's delmeand: ien oer harren hollen hinne en ien rekke. Doe't der krekt op dat stuit wer it lûd fan Britske fleanmasines yn 'e loft klonk, waarden de Dútsers en harren trewanten hastich om fuort. Der waard flechtich kontrolearre oft de delsketten manlju dea wiene en doe klommen se gau wer yn 'e auto's en stoden it doarp troch om werom nei Ljouwert. Sadree't de Dútsers fuort wiene, draafde der in arbeider fan it Koöperatyf Suvelfabryk De Volharding, dat fuort by de brêge oan 'e noardkant fan it kanaal en de westkant fan 'e wei stie, nei it plak fan 'e moard, en stelde fêst dat ien fan 'e slachtoffers, Gerard de Jong út Ljouwert, noch libbe.

De slachtoffers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It monumint foar de slachtoffers fan 'e represaille by de wâl fan it Van Harinxmakanaal, njonken it talúd fan 'e brêge.

De oare trettjin slachtoffers wiene de folgjende mannen.

Foar dizze alve slachtoffers is op 11 april 1949 op it plak fan 'e moard in monumint oprjochte, mei op alve stienblokken de alve nammen. Fan harren lizze acht begroeven op it Earebegraafplak Ljouwert. De twa lêste slachtoffers wiene:

  • Johannes Marinus Ducaneaux: 40 jier, ek bekend as 'dokter Brouwer', berne yn Rotterdam, kaam nei in protte omswalkings as evakuee út Arnhim wei yn Fryslân telâne; yn Ljouwert died er him foar as sjirurch en hied er gedoente mei de SD-er Willy Rudolph; wie in provokateur dy't troch de Dútsers fertocht waard fan dûbelspionaazje en dêrom foar it gemak as Todeskandidat út 'e wei romme waard.
  • Oudger van Dijk: ropnamme Oedske, 23 jier, fabryksarbeider te Ljouwert, gie foar de Arbeitseinsatz nei Dútslân en melde him dêr oan as lid fan 'e Waffen-SS; desertearre neitiid en doek ûnder yn syn berteplak dêr't er by in razzia oppakt waard.

De rêding fan Gerard de Jong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fjirtjinde slachtoffer wie Gerard de Jong dy't oan 'e ein fan 'e earste wike fan april 1945 yn Ljouwert oppakt waard troch de SD. Se kamen eins net foar him, mar foar syn âldere broer Gerrit de Jong, dy't by de Keninklike Maresjesee tsjinne hie en yn 'e oarloch aktyf wie yn it ferset. Doe't bliken die dat Gerrit der net wie, waard Gerard foar him yn 't plak meinommen en uterst hurdhannich yn 't ferhoar nommen troch SD-er Friedrich Eduard Gründmann en NSB'er Jan Meekhof. Se woene fan him witte wêr't syn broer wie en wa't er fierder koe dy't by it ferset siet. De Jong hold him fan de domme en joech neat priis. In pear dagen letter, op 11 april, wie hy ien fan 'e fjirtjin manlju dy't út it Burmaniahûs wei ôffierd waarden nei Dronryp. Hy hearde by de twadde groep dy't by de triemmen del nei de wâl fan it kanaal laat waard. It skot dat him deadzje moast, gie mis. Letter soed er ferklearje: "Der wurdt op ús fjurre. Ik fiel in klap. It is krekt as stiet myn skouder yn 'e brân. Ik begryp daliks dat it skot mis west hat. Mar ik lit my falle en hâld my foar dea."[1]

Nei't de Dútsers har ôfjûn hawwe, ûntdiek in arbeider fan it molkfabryk dat De Jong noch libbe. Ek ien fan 'e oare mannen fan 'e twadde groep, Johannes Nieuwland, libbe doe noch, mar dy wie sa swier ferwûne rekke dat er inkele mominten letter kaam te ferstjerren. De Jong waard troch omstanners op in ljedder lein en sa nei in boatsje ta droegen, dêr't er mei oer it kanaal roeid waard. Dejingen dy't dit rêdingswurk op har namen, rûnen in grut risiko, want it wie dúdlik de bedoeling dat de liken by wize fan warskôging foar de rest fan 'e befolking in moai skoft op it plak fan eksekúsje lizzen bliuwe soene. De Jong wie kwealk oerroeid, of der arrivearre in Dútske soldaat op in motorfyts, dy't de wacht by de brêge opnaam. It wie dus inkeld de oerhastige ôftocht fan 'e SD-ers en harren trewanten dy't de rêders by steat stelde en doch harren wurk.

Gerard de Jong (rjochts) yn 1955 yn petear mei Ynse Postma, ien fan syn rêders, en fotograaf Willem van de Poll.

Oarekant it wetter waard De Jong in pleats binnenbrocht, dêr't er ferskûle waard en medyske fersoarging krige fan in dokter dy't dêr delkaam. Syn (beblette) klean waarden yn in mei stiennen ferswierre sek dien en op in oar plak yn it kanaal smiten. Te neare nacht krigen de bewenners fan 'e pleats it nei't it skynt te krap, en waard De Jong, mei de earm yn 'e doek en foarsjoen fan skjinne klean en in pear toffels, út 'e hûs set mei ynstruksjes om by it kanaal lâns yn 'e rjochting fan Ljouwert te rinnen. Dêr soed er by in gemaal lâns komme mei in wente derby. Dêr moast er mar oanklopje. De Jong die wat him opdroegen wie en kaam sa by de famylje Feitsma telâne, dêr't er let en set waard. Op 'e freedtemoarn waard er dêr ophelle troch de fersetsgroep fan Dronryp en ferklaaid as boere-arbeider nei de Frjentsjerter kant fan it doarp brocht, dêr't er wer oer it kanaal set waard. As aaisiker mei de pols yn 'e hân gied er dêr dwers troch de greiden nei it âlde flaaksfabryk, dêr't er opheind waard troch in húshâlding mei fiif bern.

Hy bleau dêr ferskûle oant sneintemoarn 16 april, doe't Ljouwert al troch de Kanadezen befrijd bliek te wêzen. Moandeitemoarns waard er wer ophelle troch in fersetsgroep, dy't him mei in lykwein dêr't se in stoel yn set hiene, ferfierden nei it Rypster doarpshûs, dêr't in needhospitaal ynrjochte wie. Dêr woene se him wer op bêd hawwe, mar De Jong wie ûnderwilens al safierhinne opbettere dat er dêr neat mear fan witte woe. Dat hy gie it doarp yn mei as wierskynlike bedoeling om te sjen hoe't er wer thús komme koe, doe't er dêr syn heit tsjin it liif rûn. Doe die bliken dat De Jong syn heit al de woansdeitejûns fan 'e boarmaster fan it molkfabryk te hearren krigen hie dat er noch libbe. Heit De Jong wie dêrop nei Dronryp ta reizge, mar net ien dy't him dêr koe, dat eltsenien oan wa't er frege wêr't er syn soan fine koe, hie swein as it grêf. De Jong soe neitiid noch 49 jier libje, en kaam yn it foarjier fan 1994 te ferstjerren.

Reäksje fan 'e NBS

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften yn it distrikt Menameradiel wisten neat fan 'e foarnommen represaille-aksje. De fersetsgroep fan Broer Dijkstra, dy't ferantwurdlik wie foar de sabotaazje fan it spoar, ferbleau op dat stuit yn in skûle yn De Puollen, op in pear kilometer fan it Dronryp ôf. Doe't se dêr fan in koerierster it nijs oer de moard krigen, wiene se tige mismoedich. Dijkstra sei letter: "As we it earder witten hiene, dan wiene we der nei ta gien en dan wie it op in sjitpartij útdraaid. De Dútsers hiene as straf allicht hiel Dronryp platbaarnd. [...] Der soene folle mear slachtoffers fallen wêze. We wisten fan neat en dat wie efterôf miskien mar goed ek."[2] Hy sei ek: "Fan 'e befolking hawwe wy trouwens nea kommentaar hân op ús dieden."[3] Yn 1980 ûnfong er it Fersetskrús.

De trettjin stoflike omskotten fan 'e slachtoffers fan 'e represaille-aksje bleaune in etmiel lang ûnder skerpe bewekking fan Dútske wachtposten lizzen sa't se fallen wiene. Op 'e middei fan tongersdei 12 april waarden de se yn deakisten mei in frachtwein nei d' Alde Wite ta brocht, de herfoarme tsjerke fan Dronryp, yn it sintrum fan it doarp. Dêr waarden se wosken en op 'e nij yn 'e deakisten pleatst troch suster Van der Veen, dokter Van der Kooi en oaren. Op befel fan 'e Dútsers moast de begraffenis yn Dronryp plakfine, en inkeld de beide (herfoarme en grifformearde) dûmnys en de (roomske) pastoar fan it doarp mochten dêrby wêze. Nei't fjouwer dagen letter Fryslân befrijd wie fan 'e besetting, fûn ûnder oerweldigjende publike belangstelling in werbegraffenis plak yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bosma en Dijkstra, s. 138.
  2. Bosma en Dijkstra, s. 145/146.
  3. Bosma en Dijkstra, s. 146.

  • Bosma, Andries en Dijkstra, Harrie, Net Ferjitte... Niet Fergete: Menaldumadeel en Het Bildt in de Jaren 1940-1945, Frjentsjer, 1995 (Ujouwerij Van Wijnen), ISBN 9051941307, s. 137-146.